De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 245] [p. 245] [Nummer 7/8] Jan Siemensma: Der stie in rebok to drinken Der stie in rébok to drinken - Allinne wie er. Koartlyn noch hiene hja dêr mei har fiven stien by it lemieren fan 'e dei hwannear't hja kamen út it leger yn 't dinappelbosk dêr't hja by 't winter nesselen foar de nacht. Hja draefden en weiden de gânske dei, makken oersneden troch it wâld, de earen opspitst, hoedend, wach. Nachts leine hja byinoar yn 't nêst fan takkeprikken en rûchte, de welpen tusken de waerme bealgen fan de âlden, de snuten yn 't moas. Op in hoare midwintermoarn doe't út 't Easten snie warle en dwarle ûnder de pege spjirren en hja ûnderweis wiene nei it streamke, klonk der in skot: ien jong siigde del en is net wer oereingien - as de blits waerd it fjouwertal yn 'e bosk wei. Wylst hja weidzjend in trochtocht makken op in greidstik, is ien âlder-hart fan 't deadzjend lead ûnder de hoarnen rekke en op 't plak fan syn fa] lizzen bleaun. Mei in eachopslach ha' hja har bitocht. En hja setten de flecht - trijeresom. It wâld naem harren yn syn hoede op. En hja kamen oan in poel. By 't snarskjen yn 'e wâl founen hja soppich blêdreid en snilen dêr't de roppige jongen har kropsêd oan frieten. By 't teken fan ûnrie hat it har oan linigens miskearre - Wyldsjitters leine de twa welpen del. [pagina 246] [p. 246] Der stie in rébok to drinken - Hy wit net fan de kommende dei. Hy sil weidzje en oersneden meitsje, de earen opspitst, hoedend, wach. Sil nachts ienlik toevje yn it leger En oant syn ûre komt allinne wêze, faeks nea fan syn ûnwennigens genêze. Vorige Volgende