De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 198]
| |
Yn 'e fierrekiker:Lenin, de Bibel en ShakespeareWladimir Iljitsj Uljanow, alias Lenin, wie yn it jier fan Us Hear 1960 de drokst fortaelde auteur fan de wrâld, sa fornijt ús de (trettjinde) Index Translationum dy't de Unesco koarts útjown hat. Fan de grounlizzer fan it Russyske bolsjewisme waerden ntl. dat jiers net minder as 240 kear wurken oerset yn alderhanne talen. It boek, dat it faekst in fortaling, folslein of partiëel, barre mocht wie ek yn 1960 wer de Bibel (258). Hwat it literair wurk fan ôfsûnderlike auteurs oanbilanget stiene de trageedzjes en komeedzjes fan Shakespeare boppe-oan mei 134 oersettingen yn 29 ûnderskate lânnen. De forneamde roman Anna Karenina fan Tolstoï en it wurk fan Jules Verne, de stamfaer fan de science fiction, komme op it twadde plak, wylst Agatha Christie (109) en Dostojewski harren nei oan de broek sitte. De hiele list, dêr't de Unesco de gearstaller fan is, bifettet meiinoar 31.238 titels oer 58 forskillende lânnen. De greatste oanbring falt de literatuer ta, mar der binne ek lânnen, lyk as Great Brittannië, dêr't théologyske en godstsjinstige wurken dominearje (fan de 411 oersettingen falle 186 ûnder dy kategory). It is fan tinken to hawwen dat ûnder de oersette auteurs de Nobelpriiswinners foar literatuer gauris oan 'e kop lizze. Sa krige Pearl Buck 59 titels oerset, Ernest Hemingway 36, Albert Camus 31, Rabindranath Tagore 30, G.B. Shaw, Thomas Mann en Henryk Sienkiewicz (!) elkmis 26, Rudyard Kipling, Boris Pasternak en Bertrand Russell elkmis 25, Romain Rolland 22, William Faulkner en Selma Lagerløf elk 21 en André Gide 17. Boppe de sechstich oersette titels komme û.o. Georges Simenon, Karl Marx, Charles Dickens en Enid Blyton, Ingelsk skriuwster fan berneboeken. Graham Greene sit mei 58 titels dizze groep deunoan. Fan de klassike skriuwers steane Plato mei 45 oersettingen en Homerus mei 42 op in iensume top. Nijsgjirrich is ek to lêzen hoe great de frekwinsje fan oersettingen is yn de ûnderskate lânnen fan de wrâld. Fansels stiet de USSR mei syn abnormael forskaet fan talen yn eigen lân wer boppe-oan mei 5507. Dan folget Dútsklân, East en West, mei 2859 oersette wurken en Tsjecho-Slowakije mei 1584. Yn it lytse Nederlân waerden yn 1960 net minder as 1287 boeken fortaeld en yn Sweden hwat lytser tal, t.w. 1075. Opmerklik is de tanimmende honger nei útlânske lektuer yn in lân as Japan, grif as gefolch fan it forbrekken fan in ieuwenâld isolemint; in foech tûzen oersettingen út in frjemde tael, meast út Frânsk en Ingelsk, hawwe dêr dat jiers it ljocht sjoen. Yn Sweden wiene de Ingelske en Amerikaenske auteurs meast yn trek, wylst Spanje bihalven foar Frânske, in dúdlike foarkar hie foar Italiaenske skriuwers. En sa libbet dat hjir op ús planeetsje. Efter sa'n moai droege, mar wol bitroubere Unesco-publikaesje tekenet him in kultuerbyld ôf. De ynternasionale kontakten en de biynfloeding oer en wer tusken de folken nimme stoarmjenderwize ta, mar dat ‘it Westen’ yn dit kultuerhoulik noch altyd hear en master is, hoecht net yn bistân to stean.
D.A.T. | |
[pagina 199]
| |
Oerein foar IbsenIk soe graech ris yn 'e kunde komme wolle mei Ibsen, sei de Ingelske dichter en essayist Richard Le Gallienne doe't hy, nei in bisite oan Bjørnstjerne Bjørnson (1832-1910) noch in dei of hwat omstrúnde yn Christiania (Oslo). Dat kin wol, sei syn freon Rosencrantz Johnson, mar net ‘en famille’, hwant sa goed is myn relaesje mei de âld man net, dat ik dat oandoar. Ibsen komt eltse middei om ien ûre yn it Grand Café, fortelde Rosencrantz, altiten krekt op 'e tiid. Men kin de klok der op lyk sette. De Ingelske dichter en syn Noarske freon sochten yn it kafé in plakje by de doar. Der wie in soad folk yn de iepenbiere gelegenheit. Om ien ûre presiis kaem Ibsen oansetten, kreas yn it swarte pak en mei in paraplu oer de earm. Hy hat hwat oer him fan in Skotske âlderling, dy't ta de tsjerke ynkomt, tocht Le Gallienne. En doe barde der hwat aparts. Al it folk yn it kafé riisde oerein en bleau krekt sa lang stean oant Ibsen in sit foun hie by de tafel, dy't foar him reservearre wie. Nou sil ik dy eefkes foarstelle, sei Rosencrantz tsjin syn Ingelske freon. Dû hoechst net bang to wêzen foar in wiidweidich petear. ‘You need have no fear of conversation’, said my friend, ‘for Ibsen speaks nothing but Norwegian and Italian, and I presume you speak neither.’ Hwat kin ik dan sizze? frege Le Gallienne. Dû seist mar dat alle Ingelske froulju in greate forearing hawwe foar Ibsen. ‘All the English women adore you, mr. Ibsen.’ Le Gallienne waerd foarsteld as in jonge Ingelske skriuwer en hy hold syn koarte speech, dy't Rosencrantz oersette yn it Noarsk. Ibsen wie tige freonlik en der kaem in genedich glimke op syn antlit, doe't hy fornaem dat de Ingelske froulju sa wiis mei him wiene. Bjørnson en Ibsen, sa fortelt Le Gallienne, wiene greate rivalen. Doe't Le Gallienne by Bjørnson thús de namme fan Ibsen neamde, fleach Bjørnson oerein en rôp: ‘Ibsen is not a man, he is only a pen.’ Yn syn boek The Romantic '90 sGa naar voetnoot*), publisearre yn 1926 en op 'e nij útjown yn 1951, foeget Le Gallienne dêr oan ta: ‘Only a pen? Ah, dear mr. Bjørnson - but hwat a pen!’ It lot hat dizze beide rivalen moai to fiter hawn. Bjørnson hie in kreaze dochter, in byld fan in faem dêr't alle jongfeinten op foreale wiene. Dit moaije fanke is troud mei Sigurd Ibsen, de soan fan de greate Henrik. De heiten wiene beide pûr op dit houlik tsjin. It gie lykwols oan. Bjørnson en Ibsen, de greate en greatske Noarske dichters stapten togearre en njonkeninoar efter it breidspear ta de tsjerke yn. Neffens Noarsk gebrûk wie de eare fan de bigelieding fan de breid mar foar ien fan de heiten weilein. Der drige spul to kommen, mar de famylje foun de oplossing. De beide heiten soene njonkeninoar stappe efter de breid. Sa is it bard. De heiten wiene stûf; hja gunden inoar gjin hân, gjin wurd en gjin each, mar hja houden har fatsoen. Hwat in grandeur en hwat in earbied foar de skriuwers by in lyts folk, sa bislút Richard Le Gallienne syn forhalen oer Bjørnson en Ibsen. Kom dêr ris om yn Londen. Stel dat Swinburne of Tennyson | |
[pagina 200]
| |
it Café Royal yn komme. Nimmen riist oerein; hja komme en geane as ûnbikenden. Mar in inkeldenien wit safolle fan harren ôf dat hy tinkt: hea, dêr sit wrachtich ien fan ús greate dichters! Hwat eigenaerdich dat it yn ús lyts Fryslân mei de greate dichters krekt sa leit as yn Londen. SJOERD LEIKER |
|