Op it harspit:
D.S. en de miljoenen
It Provinsiael Bistjûr sil mei in Kultuernota komme. Steatelid en eardere Tsjerne-redakteur Jan Piebenga hat dêr, nou al wer in jier of hwat lyn, wakker op oanstien. It P.B. lykwols hat de lêste tiid, ek op oanstean fan Piebenga, noch al hwat omskrept mei de natûrbiskerming (ûnlân), mei de rékréaesje (sylderij) en alles hwat dêr mei gearhinget.
En dêr oer hinne kaem doe noch wer ris, en nou foar it lêst, in debat oer de provinsiale oanbring yn de Lauwerssé-saek. De ôfsluting fan de Lauwerssé is in projekt fan sa'n f 80.000.000, -, dêr't de Provinsje yn meibitelje sil. Siz f 5.400.000, -, út to striken oer acht jier, hat de minister fan Forkear en Wettersteat sein. It antwurd fan de Steaten op 27 maert wie: akkoart. Us Steateleden binne der net licht oer hinne stapt, mar it falt jin altiten wol op dat der oer in pear miljoen hwat makliker praet wurdt as oer, lit ús sizze, twatûzen goune.
En nou is it wachtsjen dan op de Kultuernota fan it kolleezje fan D.S. Wy binne tige nijsgjirrich. Hwat sil de Kultuernota de Steaten riede op it stik fan de twajierlikse Gysbert Japicxpriis fan f 750, -? Soe dêr aensens in fiks ‘opstapke’ by komme fan b.g. f 1250, -?
L.