De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 201]
| |
[Nummer 6]Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 202]
| |
II. De forkundigingmaeije 754
Sint Bonifaes wie âld en griis,
Doe't hy mei krús en stêf to pearde,
Yn Dokkumer kontrijen learde:
Fan Kristus krús en paradiis.
En sûnder ris of wapenreau
Hat Bonifaes it Godswurd preke.
Fan Mem Marije bystân smeke,
Dat hja in help en foarspraek bleau.
Sa kamen folle lêsten earst,
En lieten har mei langst en hope
Yn de Trijien'ge Namme dope:
De Heit, de Soan, de Hill'ge Geast.
En by de salving hat er syn
Lofbea mei hânoplizzen bidden,
En steande hat yn dat formidden
Eoba omdield brea en wyn.
As jouns hja huv'rich yn it ljocht
Fan kears en gluorrich houtfjûr hurken,
Ha hja fannijs Gods gunsten murken
En iverich Syn oantlit socht.
Sa hawwe op dizz' lêste tocht
Sint Bonifaes en syn gesellen, -
Dy't 't libben mei de dea bitellen, -
Oan Friezen 't Evangeelje brocht.
En wie Gods Wurd de wizen dwaes,
God joech syn Tsjerke tael en teken.
In wel ûntsprong ta koele kreken:
God joech oan Dokkum Bonifaes.
| |
[pagina 203]
| |
III. De martlers5 juny 754
Op dizze dei fan treast en seine,
Soen' hja it Hillich Foarmsel jaen,
Oan dy't yn al har wurd en dwaen,
't Bitrouwen yn Gods skerte leine.
En yn de tinte, 't oantlit dutsen,
Bea Bonifaes mei Wijbiskop
Eoba 't koargebet lûdop,
Mei wurden fan de Hill'gen sprutsen.
Mar amper wie har beasang sletten,
Doe foelen heid'nen op har oan
En hawwe op dy simmermoarn
It bloed fan fyftich man forgetten.
Tsjin har dy't strieden hat er sprutsen:
‘Forjild it kweade net mei kwea,
Mar sjoch troch 't antlit fan de dea
De ljochie himel iepenbrutsen.’
Hja sloegen Wachar earst, doe Walter.
En Hatawulf en Gundacar
Songen en smeken bar om bar
Op dôve knibbels foar it Alter.
Doe hat in Fries it stekswurd lutsen,
Tostuts troch 't Hillich Boek, eilaes,
De holle fan Sint Bonifaes;
Hwaens lippen yn in beasang brutsen.
Oer 't blinkend lims brânde 't lemieren,
En oer de tinten lei de gloed
Fan 't ierste ljocht as fjurrich bloed:
Fier yn it wâld de rop fan dieren.
| |
[pagina 204]
| |
De leginden en de wierheitI. De straf
Dy't sloegen mei fordjer en dea,
Hat God in strange straf tametten;
Har bloed yn dronkenskip forgetten
Ta tsjûg'nis fan in ivich kwea.
En dy't Er sparre lei Er skea
En skande op 'e wize holle;
Hy liet har deade boarnen dolle,
En joech har hannen stien foar brea.
| |
II. De seine
Dy't trou yn leauwe en wierheit blonken,
Har hat God ta in ivich lean
In stream fan libben wetter bean
En út de ierde in welle skonken.
Dy't knibb'ljend oan de wetters dronken,
Ha Him in hillich Godshûs boud;
It oan Sint Paulus tabitroud.
Sa hat God Dokkum seine skonken.
| |
[pagina 205]
| |
Trije sonnetten foar Dokkum
De May, het schoonste van het Jaar,
Daar alles in verfraayt.
Dirck Raphaelz. Camphuyzen
I
De huzen steane ljocht pastel
Stil oan it blinkend Djip to sliepen
En oer it wetter wiid en iepen,
Swimt traech in swan troch 't aquarel.
Heech op 'e Syl dêr slacht in bels,
Mei 't izer it fjûr út 'e flinken.
It kariljon dat spilet trinten
In moarnsliet fan Dirck Raphaelz.
Nou kantelje de ûren om
As mathematyske getallen:
De tiid slút ivich as in som.
Hwant is de middeiklokslach fallen,
Dan keart it ljocht har bjuster om
En leit forheard op oare wallen.
II
Wer haw ik oan dyn grêften stien,
Hweryn de beammen ljocht en skadich,
Mei lichte rimpelingen stadich
Oerglieden ta in hôf fan grien.
It ljocht stie yn de strjitten blank,
Lei oer de beammen koel in blinken.
Ik seach de stêd al fierder sinken,
Tusken de gevels heech en rank.
En oer de Nauwen flinters fjûr,
Dy't troch de griene tûken sparken
As ingeltsjes fan parlemoer.
En op it dûnker wetter farken,
As skippen sûnder mêst of roer;
De doazen mei de lettermarken.
| |
[pagina 206]
| |
III
De gevels steane brûns en brún,
To dreamen yn de lette sinne.
Strak sil de joun oer 't wetter rinne,
En slacht in geale yn in tún.
De nacht wurdt stadich horizon,
En troch de strjitten krûpt de ûre
Fan swijen, sels de beammen roere
Net by 't spyljen fan it kariljon.
De hiele stêd leit op 'e hark,
As swannen troch de grêften roeije.
De wjukken dy't it wetter skroeije
Bin letters op in swarte sark.
De moanne leit in sulv'ren mark
Oer Bolwurk en gemeentepark.
|