De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 207]
| |
Jan Dotinga:
| |
Unlan
Yn 't Thüringer wâld
hast gjin beam
sûnder kund' oan 't kwea:
hjir wurde kristenbern
ûnder de leaven
patte.
Gjin Willibrord hâldt,
nei Redbads dea,
in Bonifaes
yn eigen blâns.
Foar 't blyn Germanefolk
stiet d' Angelsaks
yn biskopsglâns.
| |
[pagina 208]
| |
De feste
De groun is wreed;
weromreis jowt gjin
bliuwend steed.
Langstme
slacht de lannen oer:
Rome, sawnris hichte,
driuwt de sichte
troch it beevjend nôt.
Winfryth hat
Bonifatius
rispe.
| |
Tsjerkelan
I
To Geismar oan 'e Elbe
slacht it Wurd
dûbel hurd
yn it weeldrige fleis
fan 'e Donariik:
riist út 'e bliedende beam
in Kristuskapel.
II
Brekfallich
steane de krusen
op it nijwoun tsjerkelân -
de oarder fan 'e Hear
ferget in reis ta
herforkaveling.
III
Fulda -
long fol hoop -
sykheljend tusken
de fjouwer wynstreken.
| |
Om fierren
Yn Eastergoa
wachtet d' apostel
in lêste dea;
bikuolje de heidnen
oerstallich âld sear
op syn lea.
In leafd' op jierren
reizg' om Fierren.
|