De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 209]
| |
D.A. Tamminga:
| |
[pagina 210]
| |
Hwat sykhelle it rom, doe't ik mei folmacht
Weromteach om yn 't wiid Germanelân,
Yn Beijeren, yn Thüringen, it kristlik krús
To plantsjen ûnder folk en foarstehôf.
My heucht sa'n ljochte junymoarn alear
Yn Geismar, doe't my óárs net stie to dwaen
As rop Gods tekens yn tsjin goadetsjinst.
Nóch kin ik foar my krije, breed fan krún,
Dy ikebeam, troch 't bline heidenfolk
Oan Wodan wijd. Nóch hear ik hjoed de slach
Fan aksebilen bûtsen op it hout.
Myn warb're mûntsen rêstten net, eardat
Under it each fan tûzen wif to moed
De beam biswiek en mei in near gekreak
Tsjin 't ierdryk foel. Psalmsjongend hawwe wy
De reus dêrnei bisnoeid en him as bynt
Brûkt foar in godshûs, fan hwaens dak
It krús nou blinkt, ek dizze iere moarn...
In óár byld riist my op: in stream, de Main,
Wynt troch de swarte wâlden yn it Súd,
En oan syn sydrivier, fêst op in rots,
Leit dêr it kleaster yn ditselde ljocht,
Wylst regulieren útgean' ta har wurk:
Fulda, foarhôf fan forkear mei God,
Hwerfan ik ienris lei de earste stien
En dêr't ik rêste wol, hwannear't ynkoart
Myn ierdske tabernakel brutsen wurdt...
Hoefollen binn' wy foargien yn de dea:
Wie 'k net fan trije Pausen de ôfgesant?
Ik haw myn lânsman, de âlde Willibrord,
Yn Utert noch oan 't wurk sjoen foar Us Hear.
'k Haw yn myn jonkheit kening Redbad met,
Wjerstribber Gods oant yn syn libbensjoun.
'k Haw pleite foar it Krús oan 't rike hôf
Fan syn rivael, de Frankene majordoom
Karel Martèl, dy't tweintich jier forlyn
Yn dizze selde oarde, op dizze Boarnsé
De Friezen gnjidde yn in fûle slach,
Hwerfan hjoed ûnder dit neinimmich folk
De bittere neismaek noch to priuwen falt.
| |
[pagina 211]
| |
Nou stean 'k hjir oan de rânne fan it ryk
Dat troch it Fryske folk biwenne wurdt.
In folk dat leaut oan tonger en oan rein,
De knibbel bûcht foar sinne en moanne en stjer,
Dat riedselspreuken spint, út runestêf
En dierlik yngewant de takomst lêst,
En stykjend om de gunst fan hwat-net-is
Op sprongen fan de wegen offers bringt.
Nou stean 'k hjir yn dit iere sinnerea
En skóaskje nei de nacht myn kâlde lea...
Hwát, hawwe hja my frege, sil sa'n reis
Troch noedlik lân bitsjutte op Jou jeld?
Lit jonge krêften, oplaet yn Gods tsjinst,
De lear fan Kristus bringe ta dat folk...
Hja wisten net, dy fregers, hoe't myn hert
Al jierren moanne en bearnend yn my wie
Om néí de Saks en de meigeande Frank
De stege Fries ta ivich selsbihâld
To rêdden fan fordjer en ûndergong
Yn tsjuster lot, to fangen yn it net
As iens oan de igge fan Genésareth.
God hat my oer de mjitte gunst biwiisd.
Koe ik de deis foar 't blide Pinksterfeest
Net oer de hûndert man it Doopsel jaen?
Lofsangen klonken fier oer greide en bosk.
Hja komme hjoed mei sibbe en bern werom
Om op dit sté, dit hiem fan Dokkinga,
Troch 't sakramint fan 't Hillich Foarmsel fêst
Forboun to wurden mei Gods Memmetsjerke
Ta de foltôging fan Syn ivich Ryk...
Haw tank, Hear, dat ik dit bilibje mocht.
As de âlde Siméon haw ik in glim
Sjen meijen fan Jins leafde en sillichheit.
Sa lit my wêze in tsjinstfeint net ûnnut,
Mar lit my gean yn frede nei Jins wurd.
|
|