De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 194]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 195]
| |
jeugd. Hja hat as âldste fan fjouwer bern, fan har trettjinde jier ôf thús de húshâlding dwaen moatten. Doe't mei har tritichste jier har âlden forstoarn wiene, stie hja allinne op 'e wrâld. Har beide broers binne emigrearre en har iennichste suster is al lang ta de hûs útgien. En dan bigjint Hillery Pontier mei skroarjen de kost to fortsjinjen. Mar as Mulder dizze roman ynset komt der de greate foroaring yn it libben fan dit frommiske. Hja nimt in bisteand pension oer en yn dat pension spilet de roman In steande frou allinne. Mulder hat bisocht yn dizze roman minsken mei fier útienrinnende karakters, fan allerhanne slach en milieu to lokalisearjen yn ien hûs, yn ien omstannichheit. Dizze roman lêst net maklik, yn it foarste plak om't der (to) folle persoanen yn foarkomme; de hospita, twa tsjinstfammen, tolve pensiongasten en de nedige figuranten. It útinoar hâlden fan dizze persoanen wurdt slim bihindere troch de ierdrykskundige nammen dêr't de keamers fan it hûs (16) mei oantsjut wurde. (Ta fordúdliking hat de skriuwer efter yn it boek in list fan pensionbiwenners en keamers pleatst). Twad is dizze roman tofolle in oaninoar keppeljen fan foarfaltsjes, wichtige en minder wichtige feiten en dialogen, dy't mei it forhael as sadanich neat to meitsjen hawwe. Winliken is dit boek dan ek net in roman, mar in relaes, in journael, dat typografysk ûnderbrutsen wurdt mei haedstiksifers. Mulder is by it skriuwen fan dizze roman sadanich yn bislach nommen fan syn figueren dat er de eigentlike opset út it each forlern hat. It wie de bidoeling dat Hillery Pontier de haedfiguer fan dit boek wêze soe. De ynset en titel tsjutte dat ek oan. Mar binammen yn de foarste helte bliuwt hja alhiel op de eftergroun. It great tal persoanen easket by Mulder safolle biskriuwing, dat Hillery Pontier yn de massa forside bliuwt. Yn de twade helte komt hja efkes better út de ferve, mar bliuwt foar de lêzers dochs op in distânsje. Mulder hat de posysje fan de allinnesteande frou hjir tekene troch har bûten in mienskip to sluten, mei oare wurden, har foar in great part bûten it boek to sluten en dat is in negative oplossing. Hwat yn dizze frou lykwols posityf nei foaren komt is dat alle tolve manlike pensiongasten in frou sykje, al is it ien dan mear om in boarterijke to dwaen, mar njonken Hillery Pontier bliuwe hja op in distânsje. Mulder hat mei dizze roman de jint to great nommen. De karakterisearring fan de measte persoanen út it boek dûkt ûnder yn de massaliteit. Om safolle minsken mei wurden út to tekenjen en mei in yntrigue tsjinelkoar út to spyljen, easket | |
[pagina 196]
| |
strange selskrityk. De pensiongast dy't dúdlik yn dit boek karakterisearre wurdt is de apoplektyske Prinzipienreiter R.J. Bakker, direkteur fan it postkantoar. Oan him hat de skriuwer mear oandacht bistege as oan de ‘haedfiguer’. Dizze frijetiidsthéolooch en prior fan it hûs, dy't yn twa mislearre romances (mei in froulike dokter en de direktrise fan de famkes hbs) nei't it liket syn leafde forspile hat, weaget by einsluten in skot op ien fan de tsjinstfamkes dy't ryklik tweintich jier jonger is. En dan bislút dit boek mei de brulloft fan Bakker mei Frânske Koedijk op de jierdei fan Hillery Pontier. En sa dielt juffer Pontier mei yn it feest fan dizze twa figueren dy't sa'n wichtige rol spile hawwe yn dizze roman. Binammen dit slot foarmet tige sterk in diaposityf yn it forhael. Troch de mienskip en ûnderlinge bisibbing fan de figuranten wurdt de iensumheit fan de ienling wjerspegele.
Dizze frou hie folle greater mooglikheit hawn as de ûnderskate figueren elk in ôfsûnderlik haedstik krigen hiene yn de ik-foarm. To'n earsten hie de styl dan folle direkter west; twad hiene de pensiongasten elk foar oar in folle nauwer relaesje krigen oan de haedfiguer Hillery Pontier; tred hie Hillery Pontier as frou, as hospita, as haedfiguer in folle sterker biljochting krige; fjird hie dizze roman folle mear kompositoaryske mooglikheden hawn en fyft hie dit boek dan better lêsber west, mei't de karaktertekeningen yn elk haedstik hwat eigens krigen hiene.
Yn dit boek is Mulder dúdlik ûnder de mjitte fan syn kinnen bleaun. Hy hat tofolle boarte en de yntrigue tofolle socht yn romances en mislearringen. It wol my foarkomme dat de auteur dizze roman to hastich skreaun hat. Hy hat gjin kritysk omtinken jown oan hwat er skreau. De styl fan dit boek is rûch en soms suver simplistysk. Al hat dy styl hwat eigens en hat it bisieling, it mist de artistisiteit fan de forteller. Mulder hat nea folle hinder fan selskrityk hawn. Syn skriuwen wie in boartsjen mei wurden, en hwat er skreau, skreau er yn ien kear sûnder ûnderbrekken. Mulder skreau maklik, somstiden to maklik, en fan gefolgen binne syn boeken sûnder literaire franje, rjochtút as de bargesnút. It is in taesten nei it lok, nei de blydskip, dêr't er yn dit boek sa min fet op krije koe; it is prozaysk forsearre mei wiidweidige adstruksjes en ûnbitsjuttende dialogen, dy't de gong fan it forhael slim opkeare. It kontrast tusken dit boek en syn foarige roman Romten en Paed (1961) is to great. It is my dêrom folslein ûndúdlik hwerom't de karkommisje fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek | |
[pagina 197]
| |
de roman Romten en Paed, dy't Mulder yndertiid foar de romanpriisfraech fan de KFFB ynstjûrd hie, retournearre hat om't it boek neffens dizze karkommisje ûngaedlik wie foar de lêzers fan de KFFB. Hjirút docht wol bliken dat literaire kwaliteit en mjitte fan artistyk formogen by de karkommisje fan de KFFB net achtslein wurde en har mjitstêf in wûnderlike wichelroede blykt to wêzen, dy't allinne slacht op 'e rânne fan Fryslân's literaire saed, mar yn djip wetter willeas yn de hannen hinget. As de karkommisje fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek lykwols fan tinken is dat In steande frou allinne makliker lêsber is as Romten en Paed, dan is hja it paed bjuster; om dy reden hoegde Romten en Paed net ôfkard to wurden as folksboek. Hwat de reden wol west hat, soe ik mei gauwens graech fan boppeneamde karkommisje witte wolle, faeks kin dan yn KFFB-rounten it petear oer de kristlike roman fuortset wurde en kin dan ek ris oer noarmen fan artistisiteit en literaire ûnwil praet wurde. |
|