De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 192]
| |
I
Doe't ik dy moarns nei lang birie
It weinpaed út nei Fransum gie,
Dat har yn 't beamt' forskûle hie
En yn de wrâld forside gie,
Tocht ik my yn hoe 't eartiids wie
By simmerdroechte wiette en snie.
Hoe't snein op snein hjir 't geafolk gie,
Dat warber yn Syn tsjinsten wie;
Oandachtich foar Gods fuotten stie
En foar Him nea net somme hie.
Mar yn har blydskip en fortrie
- Dat twaspjalt yn har libben wie -
Yn 't herte hill'ge treast forstie
Fan 't heil dat har ûnthjitten wie.
God hat troch 't heil dat net forgie
En op har herten inte wie
Op alle reizen skie nei skie
Yn har bispoun de hill'ge trie
Fan Syn Bislút en Wize Rie.
| |
II
Alhoewel ick hier legge beneden
Een ander gaet over my treden
En ben niet als Aerde en Slick
Noch hoop ick te koomen in 't Hemelrick.
Grêfskrift út 1680 yn
Doe't ik oan de drimpel stie
En troch Gods iepen poarte gie,
Dy't tsjûge fan elk barren wie
Salang it folk hjir trochgong hie;
Doe ferge stilte op biskie
Mei 't Wurd dat David sprutsen hie,
Doe 't hy nei 't hûs des Heare gie
En sjongend yn har poarten stie.
| |
[pagina 193]
| |
En sa't ik lâns it milpaed gie,
Dêr't neat fan skientme my ûntgie,
Mar riedsel yn myn wêzen wie;
Foun ik yn simple tekens snie
In grêfskrift, dat ta tsjûgenis hie,
Dat hwat de ierde burgen hie
In siedkerl foar de Himel wie
En dat ek dizze lêste skie
In sillige forwachting hie.
| |
III
Ik haw ek wol myn bisinnen
yn dat doarpke hawn;
Wie it net yn 'e tsjerke,
dan wol foar de pleatsen oer.Ga naar voetnoot*)
Obe Postma
Sa't ik de wijde romte yn seach
Haw ik dit byld yn my biwarre:
Stiet jeld en jusjes bûgd útsparre
Tsjin wyt biplastere muorre,
Oer 't paed mei estrikken bifluorre,
As yn in wûnder fisioen,
Bifrissele yn in ljochte tsjoen,
De grize kroane lôgjend:
De dichter Obe Postma, drôgjend
Yn wijde tinzen oan it forline
En bannen dy't oan Fryslân bine.
En jitris skerpet er it each.
Mar syn bisinnen hat er hawn
Mei 't each oer Fransumer Kontreijen;
De binhuzen, de skuorren, it lân,
It doarp, de paden troch de greiden.
Hjir kamen freonen, nammen, foarfaers
En Koarnwert en Ingwier him wer to binnen.
Mar, sei er, ‘slagget men hjir oan 't bisinnen,
Lit dan dy Saksyske âld man gjin baes.’
Simmer '61
|
|