meinommen to wurden. Dat duorret lykwols mar oan in tiid ta. Allinken, of lichtwol op in stuit, grypt Ypk fan der Fear se yn har bilangstelling, en dan kinne se, fierder lêzende, noch safolle reden ta rjochtlike krityk fine, der is gjin forwin op: hja hâldt jin fêst en nimt, ja sleept jin suver oan 'e ein ta mei. En dat noch wol, wylst men gjin kâns kriget om sa nou en dan ris op forhael to kommen. Dêrfoar forfalt men mèi de skriuwster al to drok, to direkt en to ûnoergonklik fan it iene lijen yn it oare; dêrfoar ek mist dizze trageedzje al to slim de widzjende rêst fan it rhytme yn spanning en ûntspanning: ûntspanning nei spanning en ta nije spanning. Dat forhael en dy tiid gunt Ypk fan der Fear de lêzer net, likemin as hja se harsels gund hat. Yn 'e haest, dêr't hja harsels al skriuwende ta fiteret, kin hy mar mei; mèi har hat er mar mei ien sé oan lân to spielen, op 'e iene weach fan in suver ûnûnderbrutsen en noch hieltiten wer heger opfierde spanning. En soks kin him fortrette, argewearje, oerstjelpe, wurch en wé meitsje, it kin him de rêst binimme om ta himsels en eigen kritysk oardiel to kommen, hy kin him der willich oan oerjaen, it jowt ús allegear neat: wy komme en bliuwe yn 'e ban fan dizze rûge tsjoenster.
Hwant dat docht hja net mei macht fan tael en styl noch troch klearens fan tinken en werjaen. Dy formogens mankearret it Ypk fan der Fear krekt slim en ta greate artistike argewaesje oan, lyk as boek oan boek nij biwiis is. Mar it breklik, bytiden bihyplik tokoart datoangeande hellet hja driftich oer mei de hertstochtlike oertsjûging, dêr't hja mei driuwt en skriuwt. Ek dizze roman wer, dizze net to min, is har nei en fûl oangien. Hja hat it forhael deun by it hert wei skreaun, der de krêft fan har fantasije en net minder dy fan har wil efter set, en sa in trageedzje op- en útstalle, dêr't ek de krityske lêzer fan ûnder de yndruk komt, dy't him meinimt, him yn 'e ban kriget, him byneed wjerstribbich oertsjûget.
Oertsjûget hwerfan? Mear fan 'e ellinde as fan 'e ellindigen. Wy wurde hjir konfrontearre mei in foarmen en in uteringen fan ellinde, dat it net krekt mear komt, in útstalling, in staelkaert fan ellinden, einliken al by al to folle fan it goede. En wy krije se sûnder lins en forhael bybrocht sa réeel mûglik, bytiden op it wrede ôf. Dat al hat nuodlike biswieren: it is fan in oerladenheit en in ûnmjitte, dy't hieltiden wer driigje op 'e earme lêzer, hwa't it swier to moede wurdt om safolle to fortarren, earslinge wurking to dwaen. Mei har nea ophâldende tryste skildering fan minsklike ellinde en ellinden ferget de skriuwster jin op safolle, dat men fan need op 'e faeije grins