| |
| |
| |
A. Jousma:
Wy hawwe hjir gjin bliuwend plak
Yntroduksje
1
In sinne rizend yn 'e moarn:
Ichnatons heimnis grypt my oan.
In blom, dy't stadich iepenteart:
wy sjogge 't en forsteane neat.
Der gloeije bollen, read en grien:
mar nimmen hat de sin forstien.
In bleke moanne op blau ferwiel:
it bloed slacht heftich yn 'e kiel.
Dat jimmer klopjend, triljend hert:
hwerom, och hwerom rêst it net?
Der wie in dei, dat 'k berne waerd:
hoe frjemd bin 'k troch de lannen laet.
Der libbe in bern, fier foart, lang lyn:
sa fier, dat ik it net mear fyn
en dochs ken ik mysels deryn.
| |
2
De sinne, dy't it libben jowt,
de blom, dy't geurjend iepenteart,
de romte, dy't syn ballen bout,
de moanne, dy't har glânzen geat,
it triljend hert, dat nea net rêst,
dat ienlik bern yn 't wide lân,
d'ûnwennigens, dy't net genêst:
elts, dy't de âlde boeken lêst,
dy fljocht it as in heimnis oan.
Hy hat yn oare lannen west
| |
| |
en wachtet op de nije moarn,
as d' ûnbigrepen dream forstoarn
is en de ierdske drôge dwêst.
| |
3
Nimmen net kin de dreamen twinge
omdat to wêzen, hwat hja net binn'.
Men siket omdôch nei de sin fan de dingen
en nimmen foroaret har fêste rin.
It lok, hwerop wy sa langjend wachten,
it stekt syn leavjende earmen ta,
it sliept by ús; oant de ienlike nachten
wer komme; da's wet, dat moat hjir sa.
Bisykje net om it to lang to hâlden,
dan wurdt it dy ta bitter leed
en omslút dy as de swarte fâlden
fan in sûmber roujend regenkleed.
Nim it glimkjende op en as yn wémoed
de wisse dei fan ôfskie komt,
bûch dan dyn holle del yn démoed
en bisykje to glimkjen - al wurdt it nomd.
In forskining wie it út oare sfearen,
dêr't ús wêzen en ús ôfkomst leit -.
It is hjirre to kâld foar it blommeteare
bistean fan syn blanke leaflikheit.
| |
| |
| |
| |
5 Profesijen
Hwannear de tiden foltôge binne,
as Fenris losbrekt, de fûle wolf,
as Yörmungandur, de greate slange,
forwoastgjend en wyld út 'e weagen riist,
as de rûge reuzen ta striid har risse,
de Einheriar, de helten, de hoarn fan Hermod
op blinkende brêge fan Bifröst heare,
as Wodan, de wize en weltige, woedet,
as Thor syn heftige hammer hevet,
as alle Asen de swurden swaeije
en yngean ta wisse ûndergong,
sil de chaos de kosmos forgoed forsline
en Walhalla's wolsillige wite stinzen
fortsjustere falle yn neare nacht.
Mar it sie bliuwt biwarre
| |
| |
| |
6
Hwannear it bist mei de tsien kroande hoarnen
en sawn fûle koppen forneatige is,
as de krioeljende stêdden fol frouwen en mannen
forbrizele op 'e boaijem lizz',
as de ingels har flessen fan ramp útgetten
en it sûndelibben útroege ha,
as de reade frou nei de ivige wetten
foel de dea en de fal en de ûndergong ta:
Dan sil op in wite troan Ien sitte,
dy't sprekt: Ik meitsje alle dingen nij!
En de ierde sil him gjin ried mear witte
en flechtsje fan foar Syn antlit wei.
Sa seach de profeet op it iensume eilân
it ein fan de tiden en sei it ús oan.
En sûnt ha wy hjir op ierde gjin dei hawn,
dy't net dreamt fan in fiere, nije moarn.
In lok, dat ús lokket bûten de swetten
fan dizze romte en dizze tiid...
Dat ha wy bitter spottend forgetten
en nou meitsje wy ús mei skimen bliid!
|
|