De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 183] [p. 183] Sjoerd Spanninga: Kwatrinen Wy afrikanen yn 't gewelt fan dizze tiid ha oars net as in lytse fûst - in sjongsum liet - en 't slachwurk fan ús hert op triljend trommelfel de donkere tom-tom dy't troch de nachten giet. * Op al ús kusten leit de dridze fan de blanken dy't jouns de knibbels bûge om de Hear to tanken dat hja net binne as ús eigen folk - de swarten - mar yn 'e fierte heart men al de jakhals janken. * Us slavemerken ha noch ringen yn 'e muorren en it forline gûlt de gjalpen oer de buorren fan jonge froulju dy't hja op 'e dakken skeinden - hwant sterken libje om de swakken to forskuorren. Vorige Volgende