| |
| |
| |
F.C.M. Wijffels:
Regionale televisy by oaren en de takomst mooglikheden yn Nederlan
‘Een gezonde democratie wordt gevoed uit de kleine, overzichtelijke kern. Ondanks de financiële frustratie is de gemeentelijke en provinciale politiek gelukkig doorgaans nog vrij levendig. Zij biedt de gewone burger veel meer aanknopingspunten dan de landspolitiek. In raadsof statenvergaderingen worden onderwerpen behandeld, waarbij hij, de burger, rechtstreeks betrokken is. Doeleinden en controversen kunnen in de regiones nog reële, duidelijk herkenbare, betekenis hebben.
Door te refereren aan herkenbare regionale problemen, kunnen nationale en later europese problemen duidelijker worden gesteld. Ook voor een actieve cultuurbeleving is een goed funktionerende regionale omroep, die niet centralistisch wordt geleid, m.i. een onmisbare voorwaarde. Hij kan bovendien zijn aandeel leveren in de landelijke televisieprogramma's.’
It boppesteande is ien fan de konklúzjes fan H. Schaafsma yn syn artikel oer de ynformatyf dokumintaire funksje fan de televisy, dat yn de earste Nederlânske wittenskiplike stúdzje Televisie vraagstuk, waagstuk forskynd is ta gelegenheit fan it tsienjierrich bistean fan de Nederlandse Televisie Stichting (N.T.S.).
Wy hjir yn Nederlân binne altyd de hoedene kant neist. Wy geane net oer iis fan ien nacht en nei tsien jier praktysk wurk fan de N.T.S. docht bliken, televisy is foar ús noch altyd in fraechstik en in weachstik. En mank dy twa liket de regionale televisy in eksperimint, dat it bêst as ‘nuodlik’ bineamd wurde kin. Nuodlik tominsten foar de bihearders fan ús sintrael omrop- en televisybistel. Foar de minsken yn de regio is regionale televisy alhiel gjin eksperimint, lit stean fan in nuodik ûndernimmen. Hja kinne by de dei lâns sjen nei Dútske regionale televisyprogramma's: de Friezen en Saksen nei de Nordschau, de Franken nei Hier und Heute. Dat de programma's fan dy lêste yn de Limburger kontreijen bisjoen wurde en dat de gearstallers derfan gauris kost skaffe foar de grinskriten, wie de leden fan de advysried fan de Regionale Omroep Zuid al in skoftlang bikend. Hja praetten deroer op har gearkomsten yn 1958. Hjir kaem yn jannewaris 1959 in petear út fuort mei fortsjintwurdigers fan it bistjûr fan de N.T.S., dêr't neffens de notulen de Limburger winsken op dizze wize taljochte waerden:
| |
| |
Ir. F.C.M. WIJFFELS m.i. berne 1899
| |
| |
‘In de adviesraad leeft de overtuiging dat beter nog dan de radio, de televisie de streekgebonden volkscultuur zal kunnen helpen voortdragen. Door zijn grotere mogelijkheden, door zijn sterker samenbundelen van de gezinsleden, zal de streekcultuur mede en beter tot ontwikkeling worden gebracht in de televisie dan in de radio.
Bovendien kent West-Duitsland reeds regionale televisieprogramma's, o.a. het programma Hier und Heute, dat dagelijks door de zender Langenberg wordt uitgezonden en in Limburg veel kijkers trekt; ook in het noorden kent men een soortgelijk regionaal programma van de zender Oldenburg.
Door de inbedrijfstelling van de televisietoren in Roermond is de mogelijkheid van een goede ontvangst in Limburg aanzienlijk uitgebreid. Dit heeft ongetwijfeld geleid tot een vergroting van het aantal kijkers naar de Nederlandse televisie. Een bijzonderheid, welke in de tweede plaats speciale aandacht verdient, is het feit dat praktisch iedere toestelbezitter tot zijn ontspanning strijk en zet dát station aanzet, waarvan hij door ervaring weet, dat hij dit in alle omstandigheden het beste ontvangt. Door Roermond verminderde in Limburg - naar veler getuigenis - het aantal kijkers naar Langenberg en Luik. Roermond geeft thans het mooiste beeld. Het zal aanbeveling verdienen om deze kijkers bovenal deelgenoot te maken van hetgeen zich in hun eigen streek afspeelt. Samenvattend: de beïnvloeding door de moderne telecommunicatiemiddelen van kijkers uit de regio over de cultuur van de regio is één van de kenmerken van een regionaal programma. Dit in tegenstelling met de gewestelijke programma's van landelijke televisie-instanties, die zich tot àlle kijkers richten.’
Dit bisprek wie fan dy gefolgen dat der twa stúdzjereizen makke binne nei Hamburch en nei Keulen, dêr't bihalven de foarsitter en de programmakommissaris van de N.T.S. ek de foarsitter fan de advysrie fan de R.O.N.O. en ûnderskreaune oan dielnommen hawwe. De yndrukken binne fêstlein yn in forslach en dêr floeide in einrapport út fuort dat it N.T.S.-bistjûr op 't heden yn bihanneling hat. Yn ôfwachting dêrfan soe ik in mannich punten dêrút taljochtsje wolle en in pear takomstperspektiven bleatlizze, dy't op 'en nausten gearhingje mei de regionale televisy.
Hwat moat men forstean ûnder regionale televisy? Foar in antwurd soe ik wize wolle op de praktyk fan de regionale
| |
| |
omroppen, dy't nou al in sechstjin jier bisteane en alle dagen in programma útstjûre. Yn it gewestlik kultuerlibben fan Noard en Súd hawwe hja in unyk plak skjinmakke. Hja stjûre in oanfoljend streekprogramma út, ornearre foar en gearstald troch de minsken út it gea sels. Regionale omrop hat hjir yn 't lân dus in biheinde taek. It programma fan de Regionale Omroep Zuid (R.O.Z.) lit it wrâldbarren, de kulturéle manifestaesjes, it politike en sosiale libben dy't hiele Nederlân oangeane graech oer oan it sintrale omropbistel. En by de R.O.N.O. leit it lân der allyksa hinne. Hja kinne der mei folstean, it eigen geafolk yn to ljochtsjen oer itjinge yn hárren omkriten en formidden libbet en omgiet. Hja binne der op út, goed en op it stik oan dokumintaesje en ynformaesje to jaen, ôfstimd op de niget, de kennis èn de mentaliteit fan it folk út eigen krite. It regionale televisyprogramma fan de West Deutsche Rundfunk (W.D.R.) dêrtsjinoer set alle dagen útein mei in koarte gearfetting fan it wrâldnijs, as in werjefte fan hwat om elk fan uzen hinne sa by de dei lâns bart. Sa past it wrâldbarren wer wûndere skoan by de regio.
Dy ynformative en dokumintaire taek wol Schaafsma de regionale televisy ek tahawwe. En mei rjocht, hwant fan bigjin ôf oan hat it regionael radioprogramma feitlik ek net oars tsjinne as oanfoljend programma, dat útgiet fan it bistean fan in Nederlânsk programma njonken har en oer har hinne. De omroppen fan Noard en Súd bigounen net foar harsels, ek letter net, mar hawwe de hieltyd koördinearre west mei dy fan Hilversum. Boppedat hawwe hja aloan oanfoljende programma's jown, yn dy sin dat hja har hâldden by de ynformative en dokumintarie regionale stof. Greate produksjes fan toaniel, opera-útfierings en lichte programma's dy't in hiele joun namen, lieten hja oer oan de sintrale radio- en t.v.-ynstituten yn Hollân.
Learsum yn dit stik fan saken binne de flaters fan oaren. En dy oaren binne yn ús gefal de Italiaensk pratende Switsers, dy't yn de moaije lânsdouwe Tessino libje. Hwat him dêr op televisygebiet ôfspile hat, stiet yn de Neue Zûricher Zeitung fan 20 augustus 1961:
‘In fearnsjier forlyn krige de Televisione della Zvizzera Italiana har reportaezje-unit, hwertroch it mooglik waerd om nêst it oernimmen fan programma's út Dútsk- en Frânsk-Switserlân ek eigen produkten út to stjûren. Hwat hat de televisy Tessino nei de tiid fan learen, dy't elkenien fleurich ynskikke woe, it publyk op it stuit to bieden? In aktualiteitenprogramma op kantonael peil Il Regionale, twa kulturéle rubriken Tavolozza en Biblioteca, út en troch in reportaezje, in sportoersjoch en
| |
| |
in bytsje amusemint. Dat soe tonearsten ek genôch wêze, byhwannear't de programma's mar pittich en fakernôch útstjûrd waerden om in fêste koerts sjen to litten, dêr't it regionael televisyprogramma neffens opmakke en útfierd wurdt. Mar dat liket der net op. Televisy Tessino is kwantitatyf net ta har doel kommen, ntl. in eigen produksje fan trochinoar fjouwer ûren wyks, mar kwalitatyf allikemin. Kwaliteit hinget yn dit gefal net ôf fan kostbere programma's, dêr't Tessino fansels de middels net ta hat, mar fan krekte bihanneling fan kamera, kommentaer, regy en kommunikaesjemiddels; easken dy't bûten jildmiddels om geane, mar normaelwei steld wurde moatte oan elke meiwurker. It “learjild biteljen yn de praktyk” mei op 't lêst net forhelle wurde op it publyk dat sit to sjen. Omdat it publyk der gjin idé fan hie dat it de televisywurkers út eigen gea wiene dy't ûnder de meast biskieden mjitte en forwachting bleauwen, liet it graech de earen hingje nei in lûd, dat ornearre, de forantwurdlikheit foar de oanstelling fan in espel kneukelhouwende televisylju lei net yn Tessino sels, mar by studio Bellerive fierderop. Dêr namen se, doe't Súd-Switserlân sa oanstie op in eigen televisystêf, har trekken waer om sa elegant mooglik dy krêften kwyt to reitsjen dêr't hja neat mei koene. Dat draeide fansels wer ris foar de safolste kear út op in mislediging fan de Italiaenske kultuer. Fan alles dat oant nou ta oer Televisy Tessino skreaun is of sein, is dit wol it healwiiste.’
Dit foarbyld út Switserlân hoe't it nèt moat, kin foar de ûntjowing fan in regionale televisy to uzes net oars as tige learsum wêze. Mar hoe moat it dan wól? Wy leauwe foar alles oan in hieltyd trochgeande, mûlk dochs wol rêdde ûntjowing, oan in jin aloan better eigen meitsjen fan de technyske, programmatyske en ynformative mooglikheden fan de televisy. Dat de technyk hjir foarop stiet hat gjin wearde-oardiel yn njonken de oare twa, mar wol allinne mei klam sizze, dat dit jonge publisiteitsmedium technysk goed bihearske wurde moat, ear't it ta de wenkeamers yn komt. De kikers bioardielje televisy nei it resultaet op it byldskerm en forgelykje mei de bêste prestaesjes fan ynlânske produkten, mar, slimmer noch, ek mei dy fan útlânske produkten. Foldocht it regionale televisyprogram-ma nèt oan dy hege noarmen, dan hat it gjin libbensfetberheit; dan makket it earder, binammen by de lju út eigen streek, in gefoel geande fan wrevel en skamte oer dat hwat birikt wurdt. De réaksjes fan de Tessiners op de wanprestaesjes fan de lju om utens wei, seit hjir genôch.
Hjir moat de les út nommen wurde, dat men mei regionale televisy goed útein sette moat, to witten op it heechste ynter- | |
| |
nasionale peil. In twadde wink is dizze: bigjin yn it lyts.
Nei myn bitinken soene oan de produksje fan in regionael programma trije fasen foarôf gean moatte:
a) | de earste tiid fan tarieding, hweryn ien, letter twa filmcrews foarme wurde, dy't yn earste opslach produsearje foar it programma fan hiele Nederlân, binammen foar it N.T.S.-journael; |
b) | it meitsjen fan in wykliks regionael programma troch regionale krêften, mar dat foar Nederlân útstjûrd wurde moat; |
c) | it tarieden, gearstallen, útfieren en útstjûren fan in regionael programma yn de regio sels en troch minsken út de regio sels. |
Sa to wurk geande kin in oplieding mei fordrach fan televisywurkers syn gerak krije, hwant it oanheljen en oansetten fan dit personiel is en bliuwt de greate swierrichheit. Technyske middels is wol gau oan to kommen; dat is in kwestje fan ‘prize-ekonomy’. Mar it foarmjen fan de persoan, dy't de technyske apparatuer mei kunstsin leare moat to hantearjen, nimt syn tiid en dat is in kwestje fan ‘foarsjenningsekonomy’.
De televisy is noch fiersto jong om nou al oer in eigen fakopleiding biskikke to kinnen. It earste wittenskiplik wurk, hjirboppe oanhelle, is pas forskynd; research- en ûntwikkelingssintrums binne der net dat makket; it like kostbere as inefficiente opliedingssysteem fan ‘fallen en oereinkommen’ is de iennichste foarmingsskoalle foar deskundige krêften. En dat jildt foaral foar de programma-minsken.
In twadde biswier om ta in regionael televisyprogramma to kommen is it tokoart oan talint, binammen oan praktysk bidreaun talint. Njonken de fêste kréften sil elk televisyprogramma it hawwe moatte fan losse meiwurkers, dy't ûnder lieding fan bilearde programmaminsken har spesiale bydragen leverje. It ûntdekken en mobilisearjen fan sok talint is in like wichtige saek as it gearstallen en útfieren fan programma's méi dat talint. As ik myn sin siz leit hjir in taek foar akademys fan frije kunsten; hwat de technyske hegeskoallen bitsjutte foar de yndustriéle ûndernimmings, kinne sokke akademys wêze foar parse, radio èn televisy.
Nou lizze der aldergeloks noch hiele programmafjilden foar wyld. Hwannear't men it Nederlânske programma ris útpluzet, dan fornimt men, dat dit him oant distiid ta hâldt by de presintaesje fan stof dy't it earst yn 'e bineaming komt en dat sa simpel as it mar kin. It N.T.S.-journael is in kopy fan it filmjournael yn opset en útwurking. It wurdt sûnder mis wol tûk yn programma brocht en ornaris technysk fatsoenlik presin- | |
| |
tearre en bikommentariearre, mar it nijs wurdt der net oan de groun ta úthelle. Dat bisykje de omroppen dan to dwaen yn de aktualiteiten-útstjûringen lyk as A.V.R.O.'s Televizier, In Woord en Beeld fan de K.R.O., Attentie fan de N.C.R.V., Achter het Nieuws en De Wereld van Vandaag, beide fan de V.A.R.A. Op dizze manier foarbrocht, kriget it aktuéle it merk fan de omropforiening dy't oan bar is. Dat is ek sa by dokumentaires. Yn dit ramt bisjoen hat ek in gewestlike visy op it nijs syn tige bysûndere ‘kykwearde’. Wolnou, dêr sil in regionael televisyprogramma dan skoan yn foarsjen kinne.
Oarspronklik televisytoaniel is der noch mar in bytsje en it Nederlânske repertoire hat noch net folle om by to Betten. By gebrek oan better wurde âlde filmen en toanielstikken foar 't ljocht helle. Sportgrogramma's en jongereinprogramma's, dêr't de stof in biheind doel hat, dogge noch it measte writen en bring in oarspronklike presintaesje.
Nou't ik dit sa opneam, sil de lêzer faeks tinke oan de spreuk: ‘La critique est aisée, l'art est difficile’. Dochs woe ik der net to hurd oer útgean, foaral net oer de dreech wrottende biropsminsken, dy't har - tink oan de lêste staking - yn de kaem pikt fiele hwat it tokoart oan wurdearring yn Nederlân oangiet. Mar de biropslju dy't yn Hilversum - fiersto minmachtich - war dogge in Nederlânsk programma ta to rieden, gear to stâllen en út to fieren komme út de midden fan it lân en binne frijwol alhiel oanwiisd op talint út dat sintrum. Dat kin men har forjaen, hwant hja kenne gjin oare problemen, gjin oar talint en gjin oare mentaliteit as dy fan de rânstêd Hollân, dêr't hja yn libje. Har ynsjoch, har bineikommen fan programmastof en presintaesje, komt fuort út har eigen persoanlikheit, út har mentaliteit, dy't jowes en mines net is. De provinsje en de minsken dy't dêr tahâlde, en dat binne jo en ik, libje earne hiel fier fuort. Dy har eigenaerdichheden en libbensgewoanten, en dat binne dy fan jo en my, binne bytiden wol gaedlik foar in ynslaend kabaretmopke, mar folle fierder kringt de warbere televisywurker yn Hollân net yn de regio troch. N.R.U. en N.T.S. sjogge beide yn it uterste Noarden en Suden op 'en bêsten sokshwat as in eigen, mei it wêze in krom nuver, kultureel libben, mar djippere kunde krije hja net oan it regionale. Dat guon hoeken eigen sosiale fragen kenne, dat hja in eigen ûntjowing trochmeitsje, dat it folk dêr oars fan aerd is en oare ynteressen hat, al soks docht blykber net folle ta de saek by de produksjes yn it televisysintrum fan it lân. Mar wy binne der wis op, dat just yn de regio in rike ier oanboarre wurde kin foar oarspronklike en weardefolle televisypresintaesjes.
| |
| |
Ear't ik kom op de opfiedende kant fan de televisy, mei fêststeld wurde dat ek regionale televisy him op ûnderskaet mêd fan it libben bijaen kin, lyk as it aktuéle barren yn it gewest, de kulturéle dingen, de maetskiplike forskynsels, sa't dy har yn de yndustriéle en agraryske sektor oppenearje. Hjir sitte faek gâns aparte regionale eleminten yn, dy't wurdich binne om via it byldskerm buorkundich to wurden, al sil dat op it iene mêd sterker nei foaren komme as op it oare. Sels dy libbensterreinen dy't op it earste each net folle ‘eigens’ hawwe, sa as b.g. de sosiale ûntjowing dy't tendearret nei it universéle, sitte dochs noch sterke streekeigene kanten oan. Lit my hjir hwat djipper op yngean.
In goed ieu nei de útfining fan de stoommasine libbe op 'e wrâld alleman noch allinne fan de produkten fan féhâlderij, lânbou, boskbou en jacht, mynbou en fiskerij. Yn al dy bidriuwstûken is de minske bleat in forsoarger fan de natuer: hy produsearret sels net. Winliken is yn sokke ûndernimmingen in arbeidsproduktiviteit net to birekkenjen, mar wy rêdde ús mei leanbipalingen. Ut soarte is hjir sprake fan in patriarchale bisitsforhâlding, en fan in feitlik op dat bisit stuolkjende patriarchale gesachsforhâlding. De juristen út de Romeinske tiid joegen dizze maetskippijfoarmen hâld troch twa titels foar winning fan bisit to legalisearjen: okkupaesje en spesifikaesje. De minsklike warberheit wie ommers wakker ûngelyk, hwant it meitsjen fan gebrûksartikels út fêste stoffen barde troch alderhanne soarten ambachtslju. Sa wie de tastân noch, doe't fan 1787 ôf de masine ynfierd waerd, dy't de earste hûndert jier oars net wie as in helpmiddel om de minsklike energy fuort to sterkjen.
De minsklike forhâldingen foroaren der net troch. De fiersto lange arbeidsdagen, de sobere leanen en it tokoart oan sosiale foarsjenningen kaem dalje op fan de kant fan harren dy't it oangyng en oandearde en hjir kaem út fuort in daelk net út to wiskjen wantrouwen tusken wurknimmer en wurkjower, de klassestriid.
De lêste heale ieu is lykwols in hiel oare ûntjowing to sjen. Foar de funksje fan forsoarging komt hwat langer hwat mear dy fan produksje yn it plak; mei syn kennis, syn útfiningen, syn apparatebou bigjint de minske sels to produsearjen; it yndustrieel eigendom bigjint op to kommen. De wide flecht fan de natûrwittenskippen en it oanwinnen fan de apparatebou dy't dêr lykop mei giet, stelle him dêrta yn steat. Yn de chemyske en farmaceutyske yndustryen bygelyks wurdt mei help fan elektronyske en wurktúchkundige middels, troch in aloan
| |
| |
presizer mjit- en regelapparatuer, in ûnbidich great forskaet fan produkten fuortbrocht. In soartgelikense ûntjowing is to fornimmen yn de konservearringsyndustry. Omfang en aerd fan de produksje giet net ôf by it tal minsken dat biskikber is, mar by technyske faktoaren sa as temperatueren, drukken, snelheden, bilestingsgraden en folle net genôch. Dêr komt by dat de produksje ta in hichte tige igael fan kwaliteit is, dat it ôfeart it neamen net wurdich is en dat sadwaende de kostpriis in hiel ein sakket. Dêrtroch giet de opbringst fan de ûndernimmer dan wer omheech; hy kin de arbeider hjiryn meiprate litte, de prizen forleegje en hy hâldt noch mear jild oer foar forfangingen of foar nije ynvestearringen.
De automatisearre yndustry bitellet better as it ambacht, dat hja lûkt minsken oan en it ambacht wurdt leechsûgd. It hantwurk siket in útwei nei it artistike en wurdt yn dizze wei ‘ambachtskunst’. De ambachtlike kennis dy't hjirta nedich is, hat foar de yndustriéle arbeider minder to bitsjutten, hwant yn automatisearre bidriuwen kin hja gjin oanslach fine. Fangefolgen is de fakoplieding fan de yndustry-arbeider ek in oarenien wurden. De ambachtlike bitûftens en feardigens hat syn wearde noch wol, mar dy moat net mear op ambachtsskoallen, mar op gewoane legere skoallen oanleard wurde. Foar ambachtsskoallen yn it plak komme libbensskoallen foar algemien technyske foarming. Mei hjirtroch wurdt de oplieding fan minsken dêr't yn de yndustriéle ûndernimmingen forlet fan is, hwat langer hwat mear bipaeld troch de pleatslike of ek regionale yndustry, dêr't hja wurk en brea fine kinne, mits goed tarist op ien biskate biropsarbeid.
Dy tarissing nou is op 't heden regionale televisy foar nedich. Ek de takomst sil soks hieltyd wer freegje. Mar nei myn bitinken is der midlikerwize noch hwat oars to forwachtsjen. De ûnbidich greate kaptalen dy't yn sokke automatisearre ûndernimmingen nedich binne, is oan to kommen mei't de arbeidsproduktiviteit yn it fóár presiis to birekkenjen is. Mar nimmen mei der fan útgean dat dy kaptalen in natuerlike persoan of in famyije tafalle. Dy kaptalen binne by útstek to heljen út ynwikselbere obligaesjes, to pleatsen by de meiwurkers, b.g. ta in maksimum bidrach fan 5% fan it bruto jierlean. De gesachsforhâlding moat hjir, dúdliker as foarhinne, boud wurde op de hiërarchy fan de forantwurdlikheden. Opheapping fan bisit soe allinne mar forskerpe klassestriid to wei bringe.
Sa sil de automatisearre niverheit wer bigjinne to lykjen op de agraryske wrâld, allinne ôfwikend troch har birekkenbere arbeidsproduktiviteit. De boerewrâld is út soarte boun oan
| |
| |
pleatslike grounaerden en sjocht der fan streek ta streek ûngelikens út. De yndustry is oanwêzich troch it plak fan festiging, dêr't de kar op falt. Mar hjir ek sille de resultaten fan it wittenskiplik ûndersyk, op streekeigen wize, profitearje kinne fan regionale biropsoplieding en oanfoljende foarming. Dy resultaten sille op 'en bêsten de regio to'n goeden dije troch de wei fan regionale kommunikaesjemiddels, binammen troch televisy.
Bistiet der dus yn it sosiale - dat moai sterk nei it universéle skaeit - in taek foar in regionale tv, op it mêd fan it ûnderwiis leit it net oars. Hjir kin de regionale tv meiwurkje ta in soune desintralisaesje fan it sintralistysk bioardere ûnderwiissysteem. Dit stelsel is to forgelykjen mei in kegelfoarmich lichem, mei in taps tarinnende buis yn spiraelfoarm. Yn dy opgeande algemiene foarming moatte op ûnderskate plakken ‘útlitten’ wêze, om learlingen ûnderlein en diplomearre ta de maetskippij yn to krijen. It bliuwt oan ien wei needsaeklik jins stúdzje der oer gean to litten, oft dy ‘útlitten’ wol op it rjochte plak sitte. En ek moat neigien wurde, oft de ‘útlitten’ wol werklik professioneel ûnderwiis jowe, dat genôch forbân hâldt mei it maetskiplik libben fan wenplak, gea of regio. Hjiryn sit tagelyk in argumint foar de sprieding fan universiteiten en hegeskoallen.
It tanimmend forskaet fan de technyske bidriuwen makket it krekt nedich, dat nêst de algemien technyske foarming, hwat langer hwat mear oandacht jown wurdt oan de spesiale foarming foar in eigen birop. It is fan tinken to hawwen dat foaral de empiryske wittenskip de televisy to baet nimme sil om elkenien yn eigen birop ‘by’ bliuwe to litten. De rêdde ûntjowing fan de technyk bringt mei, dat ta bihâld fan de biropskunde de regionale televisy in greate stipe wêze kin. Dat is it middel by útstek foar Nederlânske ûndernimmingen om op de Europeeske merk har posysje bihâlde to kinnen.
Kultureel achtsje wy soks ek fan great bilang. It passive tasjen, it tafallich ‘sjen’, kin ûnderbrutsen wurde troch aktyf sjen, troch der apart foar sitten gean om hwat op to stekken. Soks stipelearret dan wer it persoanlik prestaesjeformogen en inisiatyf.
Op sosiael en ûnderwiiskundich mêd wurkje dúdlike tendinzen, dy't har troch de wei fan regionale tv fierder ûntjaen kinne en oantreasting wêze kinne foar it kulturéle libben. Op it s.n. ‘eigentlike kulturéle gebied’ komt dit mûlk noch it klearst út, dat lit my datoangeande in foarbyld jaen.
Yn it gewest Limburch - dat mei de oanswettende lânsdouwen Rynlân, Wallonië en Belgysk Limburch in kulturéle ien- | |
| |
heit, it âlde Maeslân, útmakket - binne b.g. tûzenen ûnderwerpen to finen, dy't yn it lannelik tv-programma noch net of skraechwurk oan de oarder kommen binne en dy't dochs genôch nijsgjirrichs hawwe foar in werjefte op de byldbuis.
Hwat de skiednis oangiet: De Romeinske delsettings yn Limburch, de brêge-oergong to Maestricht, de agraryske kultuer op de Súdlimburchske lôssgrounen, de kastielen, de forsprieding fan it Kristendom: Servatius, Willibrordus, sealtsjerkjes, de earste abdijen ensfh.; de grousume skiednis fan de Bokkeriders: roversbinden yn de 18e ieu;
hwat de lânsdouwe oangiet: De Sint-Pitersberch: ôfgraving, skûlplak, flearmûzen, gidsen, mergelyndustry; de Maesmarren yn Midden-Limburch: ûntgrintsjen, wettersport, fynsten; De Geul en hwat der mei anneks is: oarsprong yn België, eardere ertsminen, Heymansgroeve, fegetaesje, fiskerij, forellekwekerij, bierbrouwerijen, papierfabriken, mounen, frjemdlingeforkear;
hwat de folkskunde oangiet: De skutterijen mei har folksbrûkmen en feesten; nije folklore; Carnaval mei de tsientallen gebrûken dêrmei anneks;
hwat de kunsten oangiet: Romaenske en Gothyske bylden, ateliers fan byldzjende kunstners, moderne tsjerkebou, monumintale forsieringskunst;
hwat it ekonomyske oangiet: forkearsforbiningen to wetter: Maeskanalisaesje, binnenhavens fan Maestricht, Sluis, Born, Maesbracht; de mynyndustry; it eigene fan de löss: boulân en fruchtehôven.
Dit is samar in taest út folle mear ûnderwerpen, dy't op in adekwate bihanneling yn de regio lizze to wachtsjen. Hja binne net boun oan de aktualiteit en der sit stof genôch yn, dy't prinsepeal foar de minsken yn Limburch fan bilang is, hwant hjir sit in middel yn om de kultuer oer to dragen op kommende generaesjes. Sûnder mis rinne hjir ek party ûnderwerpen ûnder, dy't fan wearde binne foar oaren en as sadanich boustiennen leverje kinne foar in Nederlânsk programma. Fan greater wearde foar it neist as de Amerikaenske ‘pre-fab’ tv-filmen, dy't de kikers by gebrek oan better nou optsjinne krije. Men hâldt jin de lea stikken as men tinkt oan in fierdere útwreiding fan stjûrtiid of oan in twad programma, dat mei al sokke stof folstoppe wurde moat. Yn de regio is dan skielk better, sterker oansprekkend en mear Nederlânsk materiael to finen en yn potinsje moat der genôch talint to finen wêze om dat to forarbeidzjen yn in sinfol regionael tv-programma.
Ta bislút noch in algemiene opmerking oer de uteringen fan
| |
| |
minsklike kultuer, dêr't by de opbou fan in radio- of televisyprogramma rekken mei hâlden wurde moat. Omdat alle minsken hjir mar tydlik binne en de minsklike kultuer in wearde is dy't op takommende slachten oerdroegen wurdt, is de minske him biwust fan syn inerlik libben dat it uterlike bisielet. Professor Paul Chauchard makket yn syn boek La maîtresse du comportement ûnderskie tusken twa domeinen fan minsklike aktiviteit yn it geastlike. Foarearst is de geast aktyf dwaende mei al itjinge hwat om de minske hinne libbet: de natûr en alles hwat deryn omhear giet. Dy niget is der troch de romtefeart de lêste tiden grif net minder op wurden. Ta dit domein biheart ek it jin dwaende hâlden mei it eigen plak yn de minskemienskip, dat is to sizzen mei jins maetskiplike posysje en mei de forantwurdlikheden lyk as elk dy subjektyf oanfielt. It oare domein fan geastlike aktiviteit is mear nei binnen keard. Elke minske is minnemear dwaende mei eigen tinzen, mei itjinge him subjektyf as moai, edel, frijmeitsjend en lokkichmeitsjend oankomt en dat lokkigerwize by him ek wer yn forjitnis rekket, syn forbyldings- en gefoelslibben. Beide domeinen ûndergiet de minske yn har ûnderling gearhingjen, dat it wurdt net in ‘ik’-, mar in ‘wy’-ûnderfining. De minsklike geast is oan ien tried wei warber dwaende mei syn relaesje ta frou en bern, ta sibben, freonen, kunde, gealju en lânslju, partij- en biropsgenoaten, koartom mei alle bern fan de iene Heit, d.w.s. mei syn yntymste relaesje ta syn Hear en Skepper.
Fangefolgen hâldt de minsklike geast him aktyf dwaende mei de eigen skiednis, mei alles dat persoanlik ûnderfoun is en docht war dat allegearre to forbinen ta in gearstald gehiel fan minsklike erfaring.
De Grinslanner prof. Bottema hat as rektor-magnifikus fan de Technyske Hegeskoalle to Delft yn in jubileumrede itselde sein, doe't er ornearre, de minske hat to bouwen op de hurde werklikheit fan de stien, mar moat dochs tagelyk harkje nei it gerûs yn de skulpen.
De kulturéle uteringen binne geefst byhwannear't de minsklike geast tagelyk aktyf is op beide boppeneamde domeinen, byhwannear't men inerlik bilibbet hwat uterlik ûnderfoun wurdt.
In stille huver past jin as men jin jowt yn dy yntense aktiviteit fan de minsklike geast, dy't allinne bistean kin trochdat hja fuortkomt út de djipste stilte fan it Tiidleas Wêzen en dy't omjown wurdt troch de Leafde.
|
|