| |
| |
| |
Rink van der Velde:
De leste blom
Ik ha dy leau ik wolris forteld oer myn sweager Jehannes Buikstra, dy't mei myn op ien nei jongste suster Geeske troud is. By ús thús hienen se it yndertiid alhiel net op him stean. Hy siet earne op in kantoar, dêr't er net opfoel, en hy die oan sport, en makke der sels hwat namme mei. Mar sportive prestaesjes wurde yn ús famylje net wurdearre; wy rjochtsje ús mear op it maetskiplike en it geastlike.
Dyselde Jehannes is nou lykwols dwaende it ljochtsjend foarbyld yn ús famylje to wurden. Hy hat op in dei spul makke mei syn baes, ûntslach nommen en sollisitearre. Okkerdeis is hy bineamd en as assistint fan de direksje fan in foech masinefabrykje de greate sakewrâld ynstapt. Hy is sales promotor en docht oan planning en soksoarte tsjustere praktiken.
Wy foarmje in hechte famylje en dogge neat sûnder elkoar der yn to kennen. Myn susters en broer komme hast alle fjirtjin dagen in kear del en bilizze dan in soarte fan rie, dy't de famyljeswierrichheden bisprekt. Jehannes hie op eigen manneboet spul makke, ûntslach nommen en sollisitearre, dat hy stelde ús foar in falt accompli, lyk as ús Jan sei. It noaske ús lang net en wy wienen ienriedich fan bitinken, dat it net goed kaem mei Jehannes. Us mem sei: ‘Ik wol net dat Geeske yn 'e earmoed rekket, dan moat se mar by my komme.’ Der waerd dan ek ôfpraet, dat ús Jan en ik by in eventuéle krisis trochpakke soenen en Geeske en de beide bern ophelje. Jehannes moast him dan sa lang mar rédde oant it bliken dien hie, dat er foar frou en bern soargje koe.
Mar in wike letter fornijde ús Geeske skriftlik de earste suksessen fan Jehannes en doe't de famyljerie him der fan oertsjûge hie, dat Jehannes yndied aerdich karrière makke, sei ús Klaske, dat se altiten wol tocht hie, dat der mear yn Jehannes siet as men sa sizze soe. En ús heit hie ek jimmer it folste bitrouwen yn him hawn. Nei dy sportive rite hied er him alhiel op de stúdzje fan de moderne talen smiten, en hy die ek oan ekonomy. Nou koe men ris sjen oft soks ek fortuten die, seinen ús heit en mem en myn susters. Se seagen mei forwitende eagen myn kant út, omdat ik yn myn frije tiid leaver to fiskjen gean.
Dou kenst de situaesje yn ús famylje. Hoewol't wy fansels ek profitearje fan de algemiene stiging fan it wolfeartspeil, binne wy amper healwei de maetskiplike ljedder. Myn jongste suster Klaske is troud mei in polysje, mar polysje is synonym
| |
| |
oan forgetten groep en foar de represintaesje fan de famylje is hy net gaedlik.
Feikje, de op ien nei âldste, hat in boer krigen. Yn 'e oarloch wienen wy wiis mei him, mar wy fornimme de lêste jierren wol faker, dat it neamen fan it tal kouwerútsjes de minsken lang net mear sa oansprekt as foarhinne.
Us Heab, dy't sûnt 1947 Henny neamd wurdt (beppe Heabeltsje hat der oant har dea ta luik om west) is oan in timmerman slagge. Hy hâldt mei lijen twa man oan 't wurk, dy't er slim koart hâldt, hoewol't hy dit jier wol oergien is ta útkearen fan in krystgratifikaesje fan twa ryksdaelders de man. Elkenien wit, dat de lytse selsstannige yn dizze tiid in swiere sile hat.
En dan is myn broer Jan der noch. Hy is sûnder folle drokte ûnderwizer wurden, mar foar de haedakte opstrûpt. Hy hat foar de P.v.d.A. in sit yn de gemeenterie to O. Us mem stie der earst hwat skruten ûnder, hwant fan hûs út stimden se altiten CHU, mar ús heit hat har útlein, dat it lang net allegear Domela-mannen mear binne, en ik leau wol, dat se der nou frede mei hat. Us Jan is der yn rekke, omdat net ien oars woe yn dat doarp. In great politikus sil it wol net wurde. Hy seit út en troch wol ris hwat oer de ûntfolking, de ruilforkaveling en de huzebou, mar hoewol't wy der net oer prate, leaut net ien fan ús der er Keamer of Steaten helje sil.
Doe't ik by de krante kaem flamme de hope op, en myn susters hawwe my gâns in skoft mei greate trou coacht. Ik krige in moaije platte diplomatetas, in Suksesaginda en in folpinne, en der is wiidweidich oer praet oft ik ek in snor oansette moast. Nei alle gedachten soe 't lykwols in readen-ien wurde, en dêr is 't om oergien. De diplomatetas ha 'k yn 'e bus lizze litten en nea wer sjoen. Dat ik stopje nou de boel wer yn 'e bûsen. De folpinne is brutsen, mar in ballpoint is ek folle hânsumer. En mei dy Suksesaginda kin 'k net oer de wei. De deistige spreuk jowt my in deistich skuldgefoel, omdat ik der nea nei hannelje. Ik smook ek wer swarte shag, dêr't ik yndertiid mei ophâlde moast, en ik bin noch altiten ‘een onzer verslaggevers’. Hie ik nou by De Telegraaf, de Haagse Post, of byneed by ús provinsiale Boargerpost wurke, dan hie it noch hinne bruije mocht, mar sûnt ik foar it Folksblêd piel, tusken nuver to boek steande figueren, hawwe myn Busters my falle litten. Dou bigrypst dus, dat der forlet wie fan immen dy't ús meielkoar hwat heger opstjitte kin yn de feart fan de famyljes.
| |
Twa
Jehannes hat hjir west en oan de famyljerie forslach út- | |
| |
brocht. Hy kaem foarriden yn in healbizen auto, dy't er mei fêste hân oant op de stoepe ried. Us heit en mem en myn susters skôgen him mei wolbihagen sa't hy dêr energyk út syn wein stapte. En doe't wy nei syn ôfreizgjen meielkoar noch eefkes neipetearen die wol bliken, dat er greate yndruk makke hie. Ast him wolris sjoen hast, dan is 't dy grif opfallen, dat er hwat fan de he-man oer him hat. Hy hat in athletyske figuer, earst alhiel rjochte op de sport, mar nou omboud foar it moderne sakelibben. Hy hat in blinkend gebyt, en laket as in man út de C & A-advertinsjes. By de sliepen wurdt er in bytsje keal, mar myn âldste suster seit, dat dat him krekt sa'n distangearre uterlik jowt.
Hiel oars as ikke bygelyks. My waekst it hier oan alle kanten ta de holle út en ik rin al fan myn fiifde jier ôf nei de toskedokter sûnder baet. Elke reis kostet my in tosk of in kies, en as ik der net yntiids mei opholden wie, hie 'k nou alles kwyt west. Jehannes syn boarden binne altiten wyt, mines mei in heale dei smûsterich. Dêrom draech ik se nou net mear. Jehannes hat altiten in kreaze naed yn 'e broek, by my stekke de knibbels der likernôch ta út. As Jehannes sit to praten fearret er soms sa mar oerein en seit: ‘Eefkes in lytse oantekening meitsje’, en dan skriuwt er hwat abstrakts yn syn aginda. Of hy draeft nei de telefoan en jowt koart en saeklik in boadskip troch. It binne frjemde petearen, mar de minsken bigripe him blykber fuort. Ik moat altiten wol in kertier lang omstandich útlizze hwat myn bidoeling is, en dan hâldt it soms noch net oer.
Jehannes hat op oare wike syn earste bûtenlânske reis oankundige. Fjouwer dagen nei Parys. Ik bigryp net hwat sa'n masinefabryk dêr to sykjen hat. Ik hoech nea fierder as Lippenhuzen of Himmelum en by ús op 'e krante giet dochs ek hiel hwat om.
Hy sil de reis fleane. It kin eins net om 'e tiid, mar hy is wol fan doel om eefkes op de Eiffeltoer to klimmen en in bisyk to bringen oan Place Pigalle. Ek hat er him ré forklearre om fan 't hjerst foar in gearsit fan ús famylje in lêzing to hâlden oer syn reizen. Hy fortsjinnet tsientûzen goune. Wy wachtsje mei spanning op neijer birjocht oer it forrin fan de reis.
| |
Trije
Ut in wiidweidich brief fan ús Geeske docht bliken, dat Jehannes in suksesfolle reis hawn hat en en passant yn it fleantúch ek noch in kontrakt ôfsluten hat foar de levering fan in stik of hwat fan dy frjemde masinen. Syn salaris is fuort forhege oant alvetûzen goune, en mei de tiid sil er opnommen
| |
| |
wurde yn de direksje fan syn nije, mysterieuze firma.
Ut H. wurdt ús fan Henny yn in opteine brief trochdien, dat Jehannes op ien fan syn reizen by har oan west hat. Hy hie in hoed op, en hy doppe sa galant. De buorfrou hie ek sein: ‘Hwat is dat in enige man’...
Oant nou ta ha ik swijd oer ús pake fan heite kante. Pake wennet by ús yn en foar in goed bigryp moatst dochs wol hwat oer him witte, hoewol't hy gjin rol mear spilet. Hy is 85, en min op 'e gong, mar noch goed helder, dat wik ik dy. Hy neamt himsels de lêste echte Blom, en ik kin hûndertkear sizze, dat wy dy namme noch altiten mei eare drage, hy hâldt út dat hy de lêste echte Blom is. En as ik der mei him oer trochpraet, wurdt er luik en grypt nei de ikenhouten kneppel, dy't er altiten neist de stoel lizzen hat. Yn myn jongesjierren ha 'k der wolris in tik mei hawn, en ik ha in hillich respekt foar dy kneppel.
It sit sa: Ut de Blommen binne eartiids Westereinder fjochtersbazen fuortkommen, wylst se by it boljeijen yn de Beetster feanen in rychje bitûfte appèlmeesters oplevere ha. Pake wol ha, dat de Blommen sels yn it Kollumer oproer al de foaroanmannen wienen. It moatte wylde mannen west ha, dêr't pake mei gloede oer op 'e tekst giet, sadré't er dêr de kâns ta kriget. Dou kinst fan tinken wol ha, dat binammen ús mem en myn susters him dy kâns net jowe. Wy bilibje soms spannende situaesjes as der frjemden oer de flier binne en pake mei syn sterke stikken fanwegen komt. Hy moat dan mei fordrach ta swijen brocht wurde, oars bigjint er to flokken en to razen en slacht er mei syn kneppel op 'e tafel. Pake hat twa bruorren hawn. De iene is in natuerlike dea stoarn as âldfeint. De oare hat hwat mei west. Hy is op ien of oare wize weiwurden. Bern hienen se net, dat pake wie de stamhâlder. Nou, dat wie yn oarder, alteast sa like it, hwant der wienen trije dochters en in soan, ús heit. De dochters binne troud mei domme, deeglike manlju, en hoewol't wy mei dy muoikes en omkes gjin kontakt hawwe, witte wy wol dat se net kwea binne.
Us heit moat as iennige de tradysje heechhâlde, mar as er dêr yn it forline al oanstriid fan hawn hat, dan hat ús mem him der wol ôfbrocht. Us heit hat altiten syn bêst dien yn dit libben. As oppasser ûnder tsjinst krige er de bêste tsjûchskriften fan syn superieuren. Hy hat yn syn frije tiid wakker studearie en hjoed de dei is hy in conscientieus amtner fan de gemeentlike tsjinst foar soasiale soarch. De heechkonjunktuer hat him it lêste bytsje Blomme-bloed ôftape en der in televisy- | |
| |
tastel en in kalm Solexke foar yn 't plak jown. As heit jouns noflik yn 'e stoel sit, wurdt pake soms ynienen stikelich en dan bigjint er to skellen. Op dy manear bisiket er syn fortriet to forbergjen, hwant it is him yn 'e wei dat wy sa nuet wurden binne. Hy hat noch eefkes op my hope, omdat ik as jonge wol graech fjochtsje mocht. Mar ik wie net fûldernôch en forlear it altiten; dan giet it nocht der ôf.
| |
Fjouwer
Der wurdt by ús nou alle dagen praet oer Jehannes. De bilangrykste birjochten binne, dat er in nije oerjas krigen hat fan 250 goune. Hy hie nammentlik in wichtich petear mei in greate sake-relaesje en koe net yn syn grize gabardine forskine. Syn represintaesjeforgoeding is forhege oant fyftich goune wyks, en de healbizen auto is ynruile by in nijen-ien, in Opel Kaptân fan in tûzen as tsien, rint ien op njoggen, en hellet maklik de 150 km. Hy sil ek in oar hûs ha, hwant yn it wenningwetwentsje dat er nou hat, kin er gjin bilangrike relaesjes ûntfange. Us mem hat in forgreating meitsje litten fan syn trouportret.
Doet ik dy oer ús pake fortelde ha 'k sein, dat hy himsels biskôget as de lêste echte Blom. Ta fordúdliking in pear feiten út it libben fan pake.
Pake hat it greatste part fan syn libben bistege oan de streuperij. Der koe net ien tsjin him út. De jonkhear hat him doe boskwachter makke, omdat men mei streupers streupers fange kin. Pake wie fûl op syn âld-kollega's. Yn 'e Olterterper bosken hat er ris in pear sa to grazen hawn, dat se nea wer in foet yn 'e bosk set hawwe. Doe't er efter har oan siet, sprongen se fan kleare binaudens yn 'e feart. Mar pake stoude der efter oan en op 'e midden krige er se to pakken. Dat wie fansels dek op. As se op 'e wâl krûpe woenen, skuorde hy se oan 'e skonken der wer yn. Sa binne se slaende weis likernôch seis kilometer de feart delklaud, wurdt der sein.
Pake hat mar in blau-moandei boskwachter west, wierskynlik by krapte fan streupers, sadat er him sels wurkleas makke. Mar der hat ek hwat west mei in hynder. Hy seach it bistje op in nacht yn 't lân rinnen, en hy woe der wol ris op ride. Doe't er it hopke ûnder him hie, krige er der sa'n aerdichheit oan, dat er net wer ophâlde koe. Hy hat it hynder sa forjage, dat it bist der oan dea gien is. Dat bleau net stil fansels, en pake moast him forantwurdzje. It wie fansels sa mâl net bidoeld, hwant pake is in bistefreon. As er oer syn hounen op 'e tekst giet, bigjint syn lûd to triljen.
| |
| |
Yn myn jongesjierren, doe't pake en beppe Richtsje noch op harsels wennen, kaem ik wol ris by harren útfanhûs. Us beppe wie skilich en doe't ik ris by har by de tafel siet, sei pake ynienen tsjin my: ‘Hwat tinkst nou, dat beppe nei dy sjocht? Welné bliksem, se sjocht my oan.’ Us beppe hat my de stikkene planken yn 'e flier wiisd. Dy hie pake der útropt doe't der in murd yn 'e hûs wêze moast. Hy sloopte de hiele flier los en doe't er de lêste planke der út skuorde soe 't bist him noch ûntkomme. It fleach pake by de rêch op, mar dy liet him falle en knypte de murd dea tusken de flier en syn rêch. ‘Hy jûket al in bytsje’, sei pake.
Us beppe hat hiel hwat mei him hawn. Altiten hied er fan dy frjemde oanslaggen, en dy binne der noch net út. As er rinne koe, soenen wy thús hiel hwat mei him bilibje. Us mem skammet har as pake it sa mâl opseit, en Henny seit, pake is in ûnbiskaefd minske.
| |
Fiif
Der binne slimme dingen bard. It measte witte wy der noch net iens fan, mar binammen mem en Henny sitte der slim oer yn noed. Pake lykwols is fleuriger as er de lêste jierren ea west hat en tjirget him bytiden as in kweajonge. It sit sa: Troch forstannige houliken en in bihearske wize fan libjen kin men oan as amper mear sjen, dat wy in fearnsieu lyn heidehippers en turftrapers wienen. De forwachting is, dat wy oer in heal ieu folslein assimilearre wêze sille. Troch Jehannes Buikstra binne wy boppedat dwaende maetskiplik by de wâl op to klauwen en de ûnderwâl definityf to forlitten. Mar bigjint my der nou it Blomme-bloed ynienen net to brûzjen en sieden yn in ûnopfallende pake- en omkesizzer en neef! Hoewol't de situaesje noch slim ûnoersichtlik is, driget dizze Blom ús hiele famylje delhelje to sillen.
De feiten binne dizze: Us heit hat net folle kontakt mei syn susters. Se binne goed, hear, mar fierder as lyts boer ha se it net brocht. En yn de neiste famylje hawwe wy al in boer, sadat it net sasear driuwt om de famyljebân oan to heljen. Wy witte fan it bistean fan forskate omkesizzers en neven, en wy mienden oant nou ta ek altiten, dat it normale jonges en famkes wienen. Ien dêrfan is Bareld, fan ús muoike Gryt. Se hawwe aerdich buorke en sydlings waerd as lêsten trochdien, dat Bareld troud wie mei in deeglik fanke. Mar juster kaem de klap. Miskien hast it sels wol yn 'e krante lêzen. De boargemaster fan K. freget ynljochtings oer it forbliuwplak fan Bareld van Minnen, 28 jier âld, féhâlder to V. en sûnt fjirtjin dagen for- | |
| |
mist. Heit skille de polysje to V., en kaem oan 'e weet, dat Bareld yn heite auto nei de merk west hie om fjouwer kij to forkeapjen. Dat wie ek bard, mar hy wie mei de wein en de krapoan fjouwer tûzen goune net wer thúskommen. Om krekt to wêzen: hy wie hielendal net thúskommen.
Op himsels is sa'n birjocht net alarmearjend, binammen net omdat der by stie: ‘Een ongeluk wordt gevreesd.’ Mar pake sei fuortdaliks: ‘Dat stik ûngelok is fansels oan 'e sweef.’ Heit hat doe noch ris neijer tante en de polysje joech ta, dat pake wolris gelyk hawwe koe. De kâns is dus wakker great, dat Bareld op 't heden yn de rosse buerten fan Amsterdam of Antwerpen namme makket as ‘het goede boertje uit V.’.
Mem hat noch eefkes bisocht de forantwurdlikheit fan ús ôf to skouwen mei de fraech oft Bareld yndied wol ien fan ús muoike Gryt wie, mar dat koe gjin stân hâlde. Se kin lipe of pipe, Bareld is ús folle neef, in Blom en sa't it liket in echten-ien.
| |
Seis
De birjochten wurde hwat langer hwat minder. Rjochtstreekse ynformaesjes krije wy net, mar ús heit hat in fiere nicht ynskeakele, dy't yn 'e omkriten fan V. wennet en ta de goed ynljochte rounten biheart. Us mem stelt út de stream fan nijs in kommuniké gear, dat se telefoanysk trochjowt oan myn susters. Undertusken docht bliken, dat de buorlju weet hawwe fan it famyljedrama, en wy lykje al wakker birabbe to wurden.
Pake fortelde my hjoed in pear sterke stikken, dêr't er mei yllustrearje woe hoe oannimlik it wie, dat Bareld der útnaeid is. It is nammentlik mear bard yn 'e famylje. Der moat neffens pake ris in Blom west ha, dy't alle moannen wol in pear dagen ûnder wetter wie. En de lêste kear, dat er soks die, kaem er net wer werom. Ut Amearika wei skreau hy syn frou, dy't er mei fiif lytse bern sitte litten hie, in briefke: ‘Ik bin der en ik bliuw der. Tink goed om Bijke.’ Dat hountsje hied er fjouwer winters mei hawn to mollefangen en hy wie der wakker wiis mei. Dizze Blom moat oer alle boegen in practical joker west ha. Hy kaem winterdeis oant Swol ta to mollefangen. Mar hy snipte ek wol gau ris in murd, en as 't lije koe in hazze. As se him bikeurden joech er altiten de namme op fan de herfoarme dominé yn B. De buorlju wisten it op 't lêst wol. As de polysje by dominé troch it hek kaem, seinen se: ‘Dominé hat wer efter de hazzen oan sitten.’
Jehannes hat fan 'e wike eefkes by ús oan west. Mei in goed healûre wied er al wer fuort. Hy is alhiel op de eftergroun rekke.
| |
| |
| |
Sawn
Us neef Bareld is noch altiten efter it muzyk oan. Der is meidield, dat hy omke ek noch fiiftûzen goune ûntfytmanne hat ear't er ófreizge. Hy is gewoan mei heite boekje nei de boerelienbank gongen en hat alles der ôf helle. Wy sitte der slim oer yn noed, dat de kranten der wer oer skriuwe sille en dan ek ús famylje op it spoar komme.
Fierders hat bliken dien, dat Bareld noch mar twa moanne troud wie. Syn wyfke - neffens de fiere nicht fan heit in flink fanke - rekkent der op, dat Bareld wer by har weromkomme sil. Pake hat de hope útsprutsen, dat Bareld ear't er definityf ûnderdûkt in pear fikse jonge Blomkes by syn frou krije mei. Hy hat my ek in brief diktearre oan Bareld. Dat er mei gauwens ris delkomme moast om in pypfol to praten. Mem hat de brief yn 'e kachel stoppe.
| |
Acht
Like gau as it opkommen is, is 't ek wer ôfdreaun. It probleem Bareld bistiet net mear. Us famylje is der troch skeind, mar it binne neat mear as fikse skrammen, dêr't gjin moeten fan oerbliuwe. It is allegear hommels gien, en wy fortrouden it earst min, mar heit hat de reis nei V. makke en is mei goede birjochten wer thúskommen. It is sa gien: Bareld hat syn frou witte litten, dat er yn Marseille op 'e boat nei Súd-Amearika stapt is. Hy komt net werom. Hy hie gjin Bijke, mar syn brommer moast se mar forkeapje, hwant hy woe him heit net tahawwe.
Fan de oare neven en nichten is oars net as goeds to sizzen; dêr is heit fan oertsjûge. Hy hat se allegear by del west, en net ien wyld hier fine kinnen. Men mei dus oannimme, dat Bareld de lâste fan de Mohikaner Blommen west hat. Hy is nou foargoed út ús eachweid fordwoun. Hwat er yn Amearika út 'e wei set, falt bûten ús forantwurdlikheit. Syn frou is net yn forwachting en de takomst binne wy dus wol treast. De kâns, dat der noch ris in Súdamerikaensk-Frysk Blomke dizze kant oer komt, is lyts.
| |
Njoggen
Wy sette ús nou wer alhiel op Jehannes, dy't forline wike in bilangryk kontrakt ôfsluten hat yn Londen. Syn salaris wurdt net iens mear oer praet, hwant hy kriget strak direksjetantième en dan is dy sleauwe alvetûzen goune gjin praet mear wurdich. Us Geeske hat in bûntmantel krige; fiifhûndert goune. Se sille nei de wintersport.
|
|