De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] [Nummer 5] Tiny Mulder: Klondike skrutenens waeit oer de stêd, skatforgearders keare wûnder- wis de strjitten om. de ûnder- kanten binne waerm en sêd. pearelstringen toaije 't bêd. o fansels, hwa kin net fleane? bjirken kuijerj' yn de leane, strjittelampen sjitt' yn blêd. wapperet de nacht healstok, binn' dyn eagen waermer wizer, jowt it linnen ús gelok. oer 't straf masker fan de klok pylgerje forljochter wizers lâns de staesjes fan it lok. [pagina 162] [p. 162] Wachtsjend gjin nacht sa stil dy't net himsels forriedt, in toar blêd weint, in wynfleach kin de spanning langer net forneare en oars in sliepeleaze klok dy't liedt en oars wol in alarmslach fan it hert. ik harkje mar ik hear syn fuotstap net. harkje de stilte boazet oan ta in orkaen save our souls of meltsje har ymmún ik fiel mei elke senuw klokken slaen doarren libjen beammen skreauwen de lêste trein raest dit hol hûs oan pún. men die ek wizer oan syn fuotstap net to leauwen. mar hwat is dichtsjen oars as 't hearren fan in stap, it lêzen fan in fuotprint yn de nacht en dan [pagina 163] [p. 163] For no reason wurden net to skriuwen yn letters op papier net to sykheljen by de freon net mear as kloptekens oan it rotslewant binnen de sliepen amorfe swalkers yn de bloedbaen en dochs gedichten it wêzenlik kontakt mei seis sawn sintugen godtank foar eat út neat foar tekens mei it rjocht fan byldhouwers beiteljend yn rotsstien en dan 't gedicht dat my dikteart dat samar for no reason opstekt yn wynstilten fan de geast Vorige Volgende