De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 160]
| |
film fan Bergman oan, dy't dan wolris seis of acht fier âld blykt to wêzen. Yn- en oersicht kriget men, as in theater, lyk as yn Amsterdam wol bart, in ‘Ingmar Bergman-moanne’ jowt en likernôch it hiele repertoir fan de master draeit. De film dy't hjir momenteel giet, Kvinnodrøm (Frouljusdream) is ek al seis jier âld. Hy past yn in rige Frouljusgeheimen, dêr't Bergman de forhâlding tusken de seksen yn wikseljende situaesjes yn útbyldet: In simmer mei Monika, Lessen yn Leafde, De glim fan in simmernacht, It each fan de duvel, Frouljusdream. De spesiale Bergmansfear, dy't net maklik to definiearjen is, fielt men yn allegearre, mar der is gâns forskil yn kwaliteit. In simmer mei Monika, mei frijhwat tradisionéle romantyk en melodramatyk, is fierwei de minste. It is mooglik, dat kommersiéle motiven (in probleem, dat him tige dwers sit) hjir de trochslach joegen. De glim fan in simmernacht is sublym. As men dy sjoen hat en mei de heechste forwachtingen nei Kvinnodrøm giet, falt it jin ôf. In moadefotografe, Suzanne en har model, Doris, reizgje nei Gøteborg en komme der yn kontakt mei twa mannen. Suzanne mei in eardere minnaer, Doris (dy't it krekt útmakke hat mei har forloofde) mei in âldere man, dy't se mei omke oansprekt. It slagget Suzanne nei gâns tûkelteammen har Henrik by har op 'e hotelkeamer to krijen, dêr't it âlde, útsichtleaze feest forfette wurdt. Mar syn frou komt harren oer it mad en der bliuwt fan Henrik in bidroefd bytsje oer. Hy is gjin Don Juan, likemin in keardel, allinne mar in swakkeling. Suzanne har hertstochtlike leafde foar dizze brave sûndaer wurdt net oannimlik makke. Doris giet mei ‘omke Otto’, in smoarrike charmeur, nei syn villa. Hja wurdt dêr let en set, kriget foar in tûzenmennich kroanen klean en sieraden en togearre drinke hja in pear flessen champagne. Doris rôllet skatterjend oer de flier, mar bliuwt yntuïtyf wach. Fan Otto kriget men al de yndruk, dat it him winlik to rêdden is om in pikant forsetsje. Ta earnstige dingen komt it yn alle gefallen net. Ek dit pear wurdt trappearre: Otto syn dochter, in suver demonysk fanke, komt op dit ûngaedlike stuit thús. Hja jowt Doris in klets yn 't gesicht en giselt har heit, dy't hja hatet as de pest, mei moarddiedige hún en forachting. Dizze beide skiednissen wurde net ôfwikseljend as ûnderdielen fan! en drama of tragi-komeedzje, mar efterinoar en los fan elkoar bihannele, hwat in swak sté yn de komposysje is. De situaesjes binne ryklik forsearre, de forhâldingen en réaksjes psychologysk frij swak. Men folget de forhalen mei niget, soms mei spanning, mar it docht jin net folle. Fansels komme der, binammen yn de dialogen, dy't de film rédde moatte, treflike mominten foar en kriget men Bergman-wysheden to hearren, dy't de muoite wurdich binne. De konfrontaesje fan heit en dochter is navrant, Otto syn need yn it Lunapark, dêr't de fitale Doris him gjin bisiking sparret, jowt in tragi-komysk effekt, dat de master forriedt. Al mei al in film, dy't gjin momint forfeelt, mar hwat ûnder de mjitte fan Ingmar Bergman bliuwt. Allinne in biwiis, dat er net ûnfeilber is. It is nou ienris it lot fan de greaten, dat men harren altyd mei harren sels, d.w.s. mei har topprestaesjes, forgeliket. Unreedlik, mar men ûntkomt der lykwols net oan.
INNE DE JONG |
|