drik de Vries hawwe der fan dreamd om togearre in pirateskip út to rissen. De demony, de roekeleasheit, it pirategefoel, dat hat in kant fan Slauerhoff west dy't it meast nei my takeard wie, sei De Vries. Dêr paste by it lange fers Oceaannacht út de bondel Archipel en ek Zwartbaard, dat troch Herman van den Bergh forsmiten is as pubereftich. Slauerhoff hie, neffens De Vries, eat yn syn wêzen fan de (skoaljongeseftige) piraet, mar dêrnjonken wie er dochs ek in wiisgearich man (in Taoïst), dy't each hie foar de bitreklikheit fan de dingen; immen foar hwa't de tiid net bistie.
Ik hie yn myn jonge jierren tige forlet fan syn fersen, sei De Vries. Slauerhoff syn poëzy hie my hwat to sizzen. Doe't ik in skoft neat fan him ûnder eagen krige, skreau ik in brief oan syn húsadres yn de Wybrand de Geeststrjitte to Ljouwert. Ik krige in heul pak nife fersen, yn in forroppe slúf, dêr't ik noch net fan bigryp dat dy oerkommen is. Yn de slúf siet gâns in rige nije, océanyske fersen. Guon wiene mei de hân skreaun en oaren typt. De typte fersen wienen noch minder to ûntsiferjen as de mei de hân skreaune.
De Vries koe der út komme en hat him dit pak fersen folslein taeigene. Heule rigen fersen fan Slauerhoff kin er út 'e holle opsizze. Doe't de Slauerhoff-kommisje dwaende wie mei de publikaesje fan de Slauerhoff-neilittenskip en gauris yn 'e tiis rekke mei alderhande varianten (Slauerhoff wie altiten oan it foroarjen en it forbetterjen) koe De Vries byspringe mei goerie en mei teksten, dy't biwarre bleaun wiene yn it legindarysk ûnthâld fan De Vries.
Mei Slauerhoff is in stik fan myn libben hinne gien, sei De Vries. Us boun de poëzij. Yn al ús petearen hawwe wy swijd oer ús maetskiplike posysje; hy oer syn wurk as arts, ik oer myn skreppen op it Archyf.
De Vries syn ynlieding, tige persoanlik, útsprutsen yn in soarte fan trance, rôp de figuer op fan de skriuwersmaet. Hy taestte út syn ûnthâld wei de fersen fan Slauerhoff. De Vries die in persoanlike kar en brocht ús mei dy kar en mei syn foardracht yn de demonyske en twingende sfear fan syn eigen dichterskip. It wie Slauerhoff yn 'e transposysje fan De Vries.
Ik foroarje noait yn myn fersen, sei De Vries. By my komt it op en it leit fêst. Slauerhoff hie selden in definitive tekst. Syn teksten groeiden troch. Hy bleau der mei dwaende. Der waerd hieltiten op 'e nij foroare en net eltse variant wie in forbettering.
De beide dichtersmaten hawwe fan doel west om togearre in fersebondel út to jaen ûnder de titel Erebus, de namme fan in fulkaen by de Súdpoal. Der soe in deadskop op 'e titelpagina en dêrûnder, krúslings oerinoar hinne, as deadsbonken, de nammen fan de dichters: J. Slauerhoff - Hendrik de Vries.
SJOERD LEIKER