De sundefal fan de KFFB
De sûndefal fan de KFFB is, leau ik, in gefolch fan literaire heechmoed en fan ûngeduld. In Gysbert Japicxpriis is, sa't it optheden liket, foar KFFB-skriuwers net weilein.
Hwat let jimme, meitsje KFFB-prizen, sa hat de divel flústere út 'e beam yn Boalsert. Jow de auteurshonoraria foar jim ienfâldige folksboeken de status fan literaire prizen, fan bikroaningen, en de saek is foarinoar.
De saek is yn safier foarinoar dat de devaluaesje fan de literaire prizen yn Fryslân nou yn folle gong is. De hear A.A. van der Werf hat it noch net murken. Hy wol der yn elts gefal neat fan witte dat de trije KFFB-prizen, dy't by yn 'e wacht sleept hat, minder binne as oare literaire prizen. Hy wol net om sizzen jaen as him wiisd wurdt op it grouwélich prize-bidroch en tsjinnet by de justysje in oanklacht yn tsjin de dichter D.A. Tamminga.
Dy dichter, oars sa kalm en evenredich, hat wurden brûkt, dy't net hoflik mear wiene. De âldtestamintyske profeten wiene ek net hoflik. Mei dy profeten hat de dichtersman dit mien dat hy, lyk as Kafka seit, ‘eine prophetische Aufgabe’ hat. Hy moat min neame hwat min is, by moat wize op de heechmoed en op it ûngeduld, op it misforstân en op de forfalsking fan literaire wearden. Skrillet by dêrfoar tobek, dan foldocht by net oan syn opdracht.
Ik wol hjir noch oan taheakje dat der forlet is fan ienfâldige folksboeken en dat ik der frede mei ha dat se der binne. Foar it krewearjen fan de KFFB om dy boeken ûnder it folk to bringen haw ik neat as lof. En ik wit út erfaring hwat it is om in boek to skriuwen. It is ezeljen oant djip yn 'e nacht. In toppunt birikt men mar selden. Dêrom moatte ek prizen in seldsumheit bliuwe.
L.