De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermdKrityk yn it koart:
| |
[pagina 156]
| |
jierren forlet. My hat it Flaemske foarbyld fan 't Pallieterke altyd sterk lutsen. Binammen yn in lytse literatuer, dêr't elkenien elkenien altyd mije moat, bistiet it gefaer fan bistjurring troch offisialisme en oare foarmen fan wichtichdoggerij. Binammen yn sa'n lyts formidden moatte der kweajonges komme dy't mei snieballen (en byneed mei oar ark) smite nei hege huodden en stive boarden. It wapen fan de spot (ek fan de selsspot) kin bressen sjitte yn de muorren fan tradysje en konvinsje. Soks is it wurk fan in avant-garde. Biantwurdet De Teannewâdder (in tormint, sa'n namme!) nou oan dy taek, in taek dy't it siket yn in boartlik korrektyf? My tinkt, oant nou ta mar heal. It greatste biswier is wol dat hjir net in ploech non-konformisten oan it wurk is, mar ien man. Soks jowt, dat kin net oars, in tydskrift hwat iensidichs. Binammen as dy iene man dreaun wurdt troch eigen lytse en greate argewaesjes oer forskynsels en persoanen en dêr hast noait mei irony, mar leafst mei bitend sarkasme op réagearret. (Dizze lêste sin is allinne skreaun om de redakteur fan Tw. byt to jaen foar tsjinkrityk). Anne Wadman is nou ienkear gjin humorist à la Wim Kan of Godfried Bomans. Hy is in earnstich man mei earnstige idéalen. Dy earnst wjerspegelet him by syn tydskrift yn de déryn publisearre romanfragminten, mar foaral yn guon kleare, thetyske artikels lyk as dy oer Warns en de yntellektueel (nr. 2), de Nij-Gunéakwestje (nr. 2) en oer Kristlike folkslektuer (nr. 4). Ek syn boekskôgings oer literair wurk fan Cuperus, J.Tj. Piebenga en Ypk fan der Fear, allegearre earder publisearre yn Het Vrije Volk, heart men earnstich en alderminst as grap to nimmen. Kleare earnst is ek syn koart forhael De reade roas (nr. 1), in psychologyske, my hjir en dêr út folwoeksen stânpunt wei tò plastyske biskriuwing fan de om in útwei sykjende seksuéle drift fan in adolescint. Typearjend foar syn mentale kwetsberens en syn eangst foar misbigryp is de taljochting dy't Wadman, syn lêzersgroepke ûnderskattend, dat forhael mei op reis jowt en dêr't er yn forklearret dat er gjin pornografy op it each hie. Fansels net! Hwat him yn De Teannewâdder fierders yn it humoristyske flak iepenbieret, is yn forhâlding ta de earnst net oars as losse franje, soms al, soms net fan mear as persoanlik bilang. Oan de ein fan syn foarste jiergong freget de redakteur rie oan syn lêzers oft er mei it tydskrift trochgean sil of net. As ik meiriede mocht soe ik sizze: hâld der dochs mei op! Sa'n hint jowt de bêste garânsje dat Anne Wadman trochset mei syn wol nijsgjirrich en apart ienmansûndernimmen.Ga naar voetnoot*). De hiele redaksje fan Tw. biklaget him earne en bloc dat in Hollânske fotografe it bistien hie en skriuw him oan as ‘de heer A. Wachter’. Dat fanke mocht wol in blomke hawwe, hwant mei dat substantyf is Wadman tige krekt typearre. Net om't er lige kin as in wachter, mar om't er de hounewacht bitrutsen hat by hwat wy noch altyd sûnder stammerjen ‘Fryske Kultuer’ neame. In wachter op Sions muorren, sa to sizzen. D.A. TAMMINGA |
|