him forwyt dat er Sânstra net neamd hat, mar to folle acht slacht op Boskma. En ek as men net Prof. Feanstra, Klaeisma of Heidstra is, net to hokfoar senaet of fakulteit heart, dan hat men noch oanstriid de dissertaesje op syn dissertaesjes to bioardieljen. Sa haw ik alris sizzen heard, dat it ûnderwerp fan de frjemdling net kompleet en ‘útputtend’ genôch bihandele is, hwant de frjemdling as motyf spile al in rol yn de literatuer fan de romantyk. Sa kin men fansels wol trochgean, mar men rekket de kearn fan de saek net.
Nauta bisprekt net de frjemdling yn de literatuer, mar neffens syn titel de minske as frjemdling. It giet dus oer hiel hwat oars as oer it literaire motyf fan de frjemdling, al hjit dat al sa yn de ûndertitel, dêr't er him lykwols biheint to de moderne literatuer. Hy bidoelt lykwols net de frjemdling yn de gewoane sin fan it wurd, de man fan oar lânaerd, de xenos, mar de man hwer't hwat frjemds mei is, omdat er oars is as oaren, omdat er earne bûten stiet as outsider, of omdat er hwat oan him hat, dat in bipaelde groep ûnbikend is.
It boek falt útinoar yn trije ôfdielingen: de absurditeit, de frjemdling, en de forfrjemding. Yn it earste diel wurdt oan de hân fan it oeuvre fan Camus, Malraux en Kafka oantsjut hoe't de minske frjemd yn 'e wrâld komme kin to stean en himsels fjremd wurde kin as de sin fan it bistean problematysk foar him wurdt. Absurditeit is hjir bidoeld as ôfwêzichheit fan sin, ûntkenning of alteast fortsjustering fan it doel en de wearde fan wrâld en libben, it weifallen fan it leauwe yn hegere lieding en eindoel fan de skiednis. Yn it twadde diel bisprekt er oan de hân fan in gedicht fan Nijhoff, in komeedzje fan Eliot, in roman fan Dostojewski, in essay-bondel fan Wilson en in drama fan Beckett forskate aspekten en forskiningsfoarmen fan de frjemdling, mar by hie dizze figuer yn alle gefallen better de ûnbikende as de frjemdling neame kinnen.
It tredde diel, oer de forfrjemding, giet net hyltyd út fan in bipaeld literair wurk of fan in bipaelde skriuwer, mar stelt it probleem mear yn 't algemien, mear théoretysk. Dit diel moat eigenlik oantoane, dat it moderne psychologyske bigryp fan de forfrjemding de kaei leveret om al dizze forskynsels ûnder ien gesichtspunt to bisjen. M.o.w. it boek is slagge, as it slagget ûnder de absurditeitsútbylding by Kafka, Malraux en Camus en ûnder de Unheimlichkeit fan de konfrontaesje mei de ûnbikende, oft er nou paradoxaal, dûbelsinnich, transcendint, outsider of ôfwêzich is, de forfrjemding as modus fan minsklikheit, as wize fan yn 'e wrâld stean, as existentieel oan to wizen en werom to finen.