| |
| |
| |
Lolle Nauta:
It lyrysk luchtliddich
Sjoerd Spanninga, Rattelmansreau, Drachten, 1962.
Sjoerd spanninga is ien fan de meast anonime figuren yn de fryske literatuer. Allinne as dichter jowt er him ûnder de minsken, dy't, as ik my net forsin, fakentiden net iens witte, dat dizze man inkeld en allinne op papier de namme fan Spanninga draecht. Ik tominsten koe syn fersen al in hiel skoft, oant ik tafallich lies of hearde, dat efter spanninga him in man biskûl hâldt, hwaens fan dykstra is en dy't veennet yn snits. Spanninga syn pseudonym makket him as boargerman suver anonym, hwat lang net altyd it gefal hoecht to wêzen, omdat in minske op alle mûglike wizen in pseudonym fiere kin. By in man as van der graft b.g. wurde boargernamme én pseudonym fakentiden tagelyk de lêzer trochdien. It fieren fan in pseudonym bitsjut hjir net, dat de dichter him as boarger forskûlet efter syn dichterskip. Hy docht mei syn pseudonym folle mear to witten, dat er op dûbeld spoar rydt, dichter en dûmny is tagelyk. Wer in oar gefal wie geerten gossaert. Dy syn pseudonym ymplisearre net de anonimiteit fan de boargerman gerretson, lykas by spanninga-dykstra, mar rjochtoarsom, de anonimiteit fan it dichterskip sels. Prof. gerretson, in man mei in soad publike funksjes en noch mear publyk opskuor, wie earne, mar hwa koe sizze hwerre, ek de dichter gossaert, dy't him, om sa to sizzen, efter de professor en politikus forskûle. Dy man dêrre, dy gelearde, dat is deselde as de dichter gossaert, flústeren hja hjir bytiden, wylst men by spanninga op 'en heechsten seit: dizze dichter hjit eins net fan spanninga, sa't sahwat eltsenien him ken, mar fan dykstra. Sa ûngelikens kin de minske incognito reizgje: it hinget der mar fan ôf hokker gesicht er de wrâld takeart.
Dizze forhâlding ta it eigen pseudonym fynt men werom yn de poëzij fan de dichter. De poëzij fan van der graft is it wurk fan in dichter-dûmny. Syn bêste fersen ûntliene har spanning oan it konflikt fan dizze beide ‘rollen’, wylst syn minne gedichten - en dat binne noch al hwat - dit konflikt foartidich eliminearje: religy op rym, in al to trochsichtich gûcheljen mei godstsjinstige symboalen. En sa is ek de man dykstra yn de poëzij fan de dichter spanninga anonym, nammeleas. Fan it bistean, dat er leit, de maetskiplike rollen dy't er spilet, it
| |
| |
libben dat er fiert, de minsken en dingen om him hinne, fornimt men yn syn wurk suver neat en soks sprekt net fansels. Wis, poëzij sa't wy dy yn ús kultuer kenne, is alles bihalven autobiografysk, mar dochs hoecht men mar oan sokke ûnderskate nammen to tinken as achterberg, marsman en nijhoff, om to witten, dat alle mûglike fakta út it libben fan in dichter ek yn syn wurk in rol spylje, al binne der fansels tûzen oergongen tusken it anekdotyske gedicht, dat fortelt en it suver lyryske fers, dat him fan it feitlik-konkrete distânsiearret. Lyryk is altyd in foarm fan abstraksje; de dichter nimt distânsje fan it yndividueel-konkrete, mar dy ôfstân is by spanninga sa tige forabsolutearre, dat men oanstriid hat en neam syn fersen, ynklusyf it spesiale genre gedichten yn dizze nije bondel, in soarte fan absolute lyryk. Sa tige wurdt hjir fan de konkrete fakta fan it yndividuéle libben ôfsjoen, dat men as lêzer ek yn in abstrakte atmosfear tolânne komt. In wrâld komt op jin ta, dy't him as in totael, in gehiel oanbiedt, alhoewol't it measte dat de wrâld ûtmakket, deryn ûntbrekt. As ik in bondel fan spanninga lês, streame der bylden op my ta yn in monotoon rhythme, dy't my net oangripe, foroarje of révolusionearje, mar primair yn in steat fan konstante forwûndering bringe. It eigenaerdige fan dizze dichter is, dat er alhiel dichter is en dat er yn syn fersen suver gjin romte lit foar de man dy't er dochs ek wêze moat, hwannear't it alteast wier is, dat er earne wennet en ek werklik bistiet.
De fersen fan spanninga skeppe in lyrysk vakuüm, dat him as in soarte fan romtefeart-apparatuer om de lêzer hinneslút en derfoar soarget, dat de ‘normale’ wikselwurking tusken him en de bûtenwrâld forsteurd wurdt. De technyk b.g., dy't, sa't men oan achterberg sjen kin, syn poëtyske relevânsje hat, fynt men by spanninga net. Yn dizze fersen wurdt net telefonearre en brakt de minske gjin fleantugen, radar en elektrysk ljocht. As spanninga al in gedicht oer in trein skriuwt - de blauwe ingel -, dan wurdt dy trein poëtysk oplost. Der bliuwt suver neat oer fan dat hwat in trein foar ús, gewoane minsken, nou krekt ta trein makket. Mar dat net allinne, ek de minske syn lichem is hjir yn sekere sin ôfwêzich en komt allinne yn poëtyske spegelingen op jin ta. Spanninga syn poëzij is op in eigenaerdige wize en yn in spesiale sin fan dat wurd a-sensueel. De leafde is der wol, mar de leafste bliuwt in abstraktum. Hja is der allinne as it punt, dêr't de lont fan de lyryk him oan ûntbrânt. Efkes forskynt hja, om dan fuortendaliks bidutsen to wurden ûnder in floed fan de meast poëtyske
| |
| |
bylden. Yn trekfûgel, in gedicht dat sawn siden fan de bondel rattelmansreau bislacht, is de dichter in fûgel, dy't omdôch op syk is nei de leafste, dy't er ‘mar flechtich kend’ hat. Yn forkeapsterke is de faem, dy't de dichter efter in toanbank sjocht, al lang forsein, mar dat hindert him net om foar in momint de poëtyske kamera op har to rjochtsjen en har as ‘dochter fan in bedouïne: / - dyn hier is 't ealste weefsel / fan de oriënt’ - oan to sprekken. Konkreet? Jawis, hwant hwat is konkreter as hier, mûle en tosken. Mar tagelyk sûnder mis abstrakt, foarsafier't de keatling-réaksje fan bylden, dy't folget, jin fan de toanbank en it famke, dat by eintsjebislút de poëtyske eksplosy foroarsaket, forwideret. Spanninga's bisibbens mei net-westerske dichters hat hjirmei to krijen, omdat de lyryk fan de natuerfolken abstrakt is, hoe konkreet oft hja fierder ek wêze mei. De partikuliere situaesje fan it yndividu wurdt allinne yndirekt sichtber. De minske is opnommen yn in ‘bezield verband’ fan symboalen, dy't hjirre om sa to sizzen de lêst noch drage kinne fan de spanningen, dy't troch de yndividuën hinnegeane. As men yn de bondel lyriek der natuurvolken lêst, dy't hella haasse en muensterberger gearstald ha, réalisearret men jin op 'e nij, dat hjir it yndividu anonimer is as yn ús westerske maetskippij, dy't extreem yndividualistysk is, mei hokker mienskipsidéologyen men ek bisiket hjiroan to ûntkommen.
In fers is mear as de kompensaesje fan in tokoart allinne. Sûnder manko gjin poëzij, mar allinne mei manko allikemin. Hwa't mei help fan de tael inkeld en allinne de leechte biswart en bisiket himsels ynsté fan in werklik hûs in wenning fan wurden to setten, dy bout op sân, om de simpele reden, dat men yn wurden net wenje kin. In fers jowt jin noch gjin dak boppe de holle en is gjin bêd foar de ûnrêstige lea. Mient in fers, dat it dat al is, dan is it mislearre en op 'en heechsten gaedlik foar lju, dy't harsels forrifelje wolle.
Fan de poëzij fan spanninga bigrypt men dêrom neat, as men miene soe, dat hjir in anonym yndividu de leechte opfollet mei bylden, dy't as likefolle pseudonimen syn werklik bistean foar de lêzer maskearje moatte. De wurden, dy't spanninga brûkt, kringe allinne ta de lêzer troch, omdat der noch in goed stik fan de iensumheit, dêr't hja út ûntstiene, yn biwarre bleaun is. It wurk fan spanninga is inte op de iensumheit. Syn bêste fersen binne de ieren, dêr't syn allinnich-wêzen trochhinne floeit. Dy gedachte is net simpelwei in persoanlike ympressy fan my; it is net sa, dat ik dit tafallich sa fiel, wylst in oar in hiel oare
| |
| |
yndruk hawwe kin. De iensumens fan de dichter biskaet de ynwindige struktuer fan de bylden, dy't er brûkt en stimpelet de tael, dy't er hantearret. Net dat dit spanninga altyd slagje soe. It bart noch alris, dat de metafoaren mei de dichter op de rin geane en yn sa'n gefal misse hja it nedige emosionéle effekt, omdat hja net mear bysteat binne en spegelje it yndividuéle lot fan de dichter. As lêzer kin ik dan de bylden net mear neikomme en my net mear rêdde yn de mannichte fan fantasijen. Net altyd slagget it spanninga syn fersen op to laden mei de iensumheit, dy't de boarne is fan syn poëzij. De lyryske spanning, dy't er eins folhâlde moast, giet op en del, eat hwat men tige goed neigean kin oan 'e hân fan de fersen, dy't de dichter samle hat yn rattelmansreau.
De gedichten yn dizze bondel bisteane stik foar stik út in forskaet fan lyrysk yndividueel bilibjen en ironyske krityk op de bûtenwacht. Yn rattelmansreau fynt men fjirtjin lange fersen, frij fan foarm meastentiids en faek epysk fan toan. It binne de fersen fan in lyrykus, dy't reflektearret op himsels en it breklik materieel bisjocht, dêr't hy him nou ienris mei rêdde moat. Spanninga, de dichter, dy't ornaris de wacht rint by syn bylden en metafoaren, de man, hwaens anonimiteit, as it wêze moat, him spegelje kin yn de hiele kosmos, sadat de dingen bigjinne to sprekken en de ‘leoparden en antilopen as bitoveringen út de tropen komme’, - dizze spanninga is hjir ek moralist, yn de positieve sin fan dat wurd; hy hellet de stompsinnigens fan de meiminske oer de hikkel.
Ynsafier is dizze bondel mei syn ironyske titel yn it oeuvre fan dizze dichter eat aparts. Yn tsjinstelling ta núnders, spegelskrift en finzen en frij fynt men yn rattelmansreau gjin folslein lyryske fersen. Hja hawwe allegearre ek dit moralistyske of ironyske elemint. Dochs soe ik net to gau fan ûntwikkeling yn dit oeuvre prate wolle, dat bistiet by de graesje fan de monotony en yn sekere sin prinsipieel stil stiet. Ik wit ek net, hwannear't dizze fersen skreaun binne - hwerom gjin datearring of kolofon? - en fierder fynt men ek yn de oare bondels moralistyske fersen, dy't har mei de nedige irony direkt rjochtsje ta de bûtenwacht: it dispút yn núnders b.g., forskate kwatrinen yn spegelskrift en fersen as doch dyn plicht, de joadejacht en de reade rispinge yn finzen en frij. Op 'en heechsten soe men sizze kinne, dat spanninga noch ironysker wurden is en mei fallen en oereinkommen de bitreklikheit fan syn lyryske monomany - in soartgelikense ûntwikkeling trouwens by achterberg, monomaen par excellence - ûntdekke moast. It is mûglik, al moat men net forjitte, dat ek yn de
| |
| |
moralistyske fersen de lyrikus aerdich stiif yn 'e skuon stean bliuwt. Alle fersen yn dizze bondel, fol mei irony en agressy tsjin de bûtenwrâld, bifetsje lyryske ‘flash-backs’. It moralistyske en it lyryske elemint, sa't ik dy beide kanten fan spanninga nou mar efkes ûnderskiede wol, rane net yninoar, mar bliuwe sa tige selsstannich nêstinoar bistean, dat men yn de measte fersen de lyryske en de moralistyske dielen dúdlik faninoar ûnderskiede kin.
Hoe tige ironysk de dichter hjir ek mei syn materiael omgiet, regelmjittich binne de suver lyryske hertstochten him oermânsk en hâldt men as lêzer ynienen wer ta yn dy eigenaerdige kristalkleare wrâld, dy't it meast eigene fan spanninga syn wurk útmakket. De ein fan it fers de blauwe ingel is yn dit forbân karakteristyk. Dit lange fers is in kunstich mozayk fan petear-fragminten, dy't innar geastich ôfwikselje. De dichter praet mei de man, dy't yn de trein foar him oer sit, oer letterlik fan alles: it waer en de tsjerke, de steun en de evolúsje en foaral oer it famke, dat de man by him hat en dêr't de dichter sljocht op is. Oan de ein lykwols, as de trein yn ljouwert is, giet it tige ironyske petear ynienen oer yn lyryk fan it suverste wetter. De dichter sprekt it famke direkt oan, seit û.o., dat hja har mar ‘tige by tige’ hâlde moat en forfolget dan:
kom - ús leavenhear kloppet de pipe al wer út
dat de fonken dy stouwe de himel oer
hjir - in appeltsje fan oranje
se komme fris fan lissabon
De ironyske toan bliuwt, mar ynienen wurdt de man, dy't yn de trein mei in oar sit to praten, dichter pur sang. Hy skeakelet samar oer fan ljouwert nei lissabon en lit mei in lyts lyrysk fjurwurk de situaesje eingje yn it vakuüm fan twa fasinearjende bylden.
Is hjirre in byld de ein fan it moralistysk forhael, dat syn bitsjutting sa op riedseleftige wize visualisearret, sa't dat ek it gefal is yn profeten en profiteurs en mar ús hert huzet noch yn sloppen en stegen..., it earslinge komt by spanninga faker foar: de bliksem fan syn krityk, dy't ûnforwacht út de kleare loft fan syn bylden ynslacht. Krekt dan wurdt jin it empirysk biwiis levere fan it feit, dat dit wurk ûnder hege spanning skreaun is. Salang't mei it elektrysk alles yn oarder is, sjocht
| |
| |
men gjin fonken, mar o wé, as der koartsluting komt en de neakene triedden de minsken reitsje. Yn it al neamde fers forkeapsterke fynt men sa'n oergong. Nei't de dichter it famke efter de toanbank as dochter fan in bedouïne oansprutsen hat en as in moderne salomo bisocht hat har mei syn bylden to bitsjoenen, stiet der:
mar sa'n harpliet seit dy fêst net folle,
hwat oars noch 't sjongen wurdich is -
dat balt syn eigen rom wol út,
Hjir hat men sa'n oergong fan kleare lyryk nei klearebare krityk op de bûtenwacht, sa't men dy yn rattelmansreau, ôfsjoen fan de trije ballade-eftige sémans-fersen, hieltyd wer oantreft. In hâlding fan ynderlik poëtysk-lyryske meditaesje, dy't ynienen omslacht yn in toan fan agressive irony en men sjocht oan dit foarbyld ek dúdlik, hwerom't dat it gefal is. De bylden komme net oan; de dichter sjocht ynienen, dat er mei syn reau neat mear wurde kin en fordigenet it eigen sjongen mei in forwizing nei it stamboekfé, dat syn eigen rom wol útbalt. De moralist spanninga fordigenet de lyrikus. Salang't de wrâld der hinne leit, sa't hja der nou ienkear hinne leit, moat men wol sjonge en dichtsje.
De krityk fan spanninga op de maetskippij is dêrom altyd algemien en suver nea spesifyk. It giet altyd oer ‘dè’ moskoviten, ‘dè’ lju fan kwizekwânsje en ‘dè’ kristenen fan reputaesje. Net yndividuën, mar groepen, kategoryen fan minsken krije op har baitsje. Mei de tsjinstelling tusken lyryk en krityk yn rattelmansreau korrespondearret de antithese tusken de skeppenden, iensumen, profeten en martlers oan de iene kant en de maetskippij mei syn profiteurs en baentsjejeijers oan de oare. Sels as kultuerkritikus en moralist wurdt de dichter spanninga nea anekdotysk. Sa abstrakt as syn lyryk is, sa algemien is ek syn krityk, al is dêrmei net sein dat syn fersen nea yn de maetskiplike roas sjitte. Dizze dichter lit him troch syn agressy net forblynje en is fakentiden sels heldersjend. Hy lit him troch syn isolemint net forrifelje en biskikt boppedat oer it bûmerang-effekt fan de irony, dy't ek de eigen hâlding relativearret en de eksplisite krityk op de bûtenwacht mei ymplisite selskrityk forbynt.
Spanninga is yn de bondel rattelmansreau, as de bylden bi- | |
| |
swike oan de solitaire spanning, dêr't hja út ûntstiene, tige poë-tysk oan it kankerjen. Hwa't him oan dizze oer-nederlânske hâlding oerjowt, is gjin rebel. Hy docht syn plicht en wit, dat it net folle sin hat en foroarje de wrâld. Hy is ek gjin kritikus, dy't datjinge, hwêr't er op tsjin is, koel analisearret en it objekt fan syn foarkar allyksa op de snijtafel fan de ratio leit. Ek kin men net sizze, dat de kankerder in masochist is, foar hwa't it ûnlustgefoel wichtiger is as it objekt fan de ûnlust sels. Sûnder mis, dyjingen dy't kankerje en flokke, hâlde fan dizze eigenskip, mar hja hawwe fakentiden minder to fordigenjen as de forburgen lust fan de masochist of de selshearlike agressy fan de rebel. Hja hawwe oars neat as har eigen lytse weardichheit en hawwe krekt dêrom in skerp each foar dy minsklike situaesjes, dy't de minske ûnweardich binne. Spanninga, de man dy't it hâldt mei de forhûddûken en krekt omdat er sa'n goed lyrykus is in goed forsetsdichter wêze soe, is ien fan har. Hy kankeret as poëet sa goed en sa folle, omdat er ek mar o sa 'n lyts bytsje to fordigenjen hat: de faeije posysje fan dyjingen, dy't it ‘brânnende hert wêze’ sille ‘yn de stoarmlantearnen fan de takomst’.
(foar marina)
|
|