De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 144] [p. 144] Rinke Tolman: Bethlehim Astou hjerstmis, flanearjend troch de nacht - In swart lyts mantsje yn de hemisfear - Dikerst nei 't firmamint: blomkjende pracht Fan 't stjirte, Môlkwei, Ploege en tûznen mear, Hearst faeks tin lûd, skrassend op 't metael Fan 't strakspand himelwulft. In rêdde kloft Readwjokken liget troch d'oerglânzge loft, Mar fûler klinkt it floitsjend reissignael Fan klibers smjunten út heech-noardlik gea. Hwa gidset readwjok en it einefolk Sûnder fordwalen, haverij en skea? Hwa 's har to wille, stalke, stypjend, nolk? Hja lêze better as wy de stjirrekaert, Dy't har it net to missen doel forriedt. Moanne en de himelbollen biede baet En jow' hwa't swalket wis kompas-biskied. Mar mank it stjerrestruisel is dêr ien, Dy't earen as in freedsum convoyeur De trije magiërs troch kleur en fleur Gods wegen wiisde. Sparkjend hat er stien Boppe oksestâl en krêbbe en ezelsrip, Syn namme ken ik net. Wie 't in komeet? As in juwielen siersel op in kleed Wimert hy: in fasettenrike stip. Astou to nacht foetearrest oer de dyk, Strjitpaed of bluster stroflelige wei, Sjuch dy dan oan 'e himeltekens ryk, Eltse sykhel, stoune en rynske dei. 't Is in âlde stoarje, mar stees nij: 't Hoarnbist, de ezel en fan 't bern de stim, Blier skriemend yn it gea fan Bethlehim, Ta treast foar wrakke wrûld, foar dy en my. Vorige Volgende