len. Hwannear't it de skriuwer der lykwols om to dwaen wêze soe, lêzers ta syn ynsichten to bikearen, rint syn wurk kâns artistyk to forûngelokjen, lyk as de measte tendinsromans fan earder en letter tiid.
Kin in net-kristlik kritikus it wurk fan in kristlik skepper hifkje of net? Dat is tinkt my alhiel gjin probleem: hwannear't de kritikus net lêzendewei oertsjûge rekket en de visy fan de skepper akseptearret, leit dat him inkeld oan de skepper, dy't dan de goede middels net op de goede wize tapasse kinnen hat. Dat lêste sil by ús kristlike likegoed as by ús net-kristlike auteurs gauris it gefal wêze en dat is neat gjin wûnder: hoe soe sa'n lyts taelgebiet ynienen forskate greate kunstners fan alderlei rjochting opleverje kinne? Hoe soene wy Van der Werf dan forwite dat er skriuwt sa't er skriuwt? Hy is ien fan de figueren, dy't troch de K.F.F.B. omheechkommen binne: yn dy rigen forskynden syn romans Yn 'e berm lâns, Op 'en paed, En de sé wie net mear. It boek dêr't er nou mei kommen is, hat útjower Osinga diskear net foar de K.F.F.B., mar op eigen noed útjown; mar it hie hwat de ynhâld oanbilanget likegoed yn dy searje forskine kinnen, hwant it soe der alhiel yn passe en der gjin min figuer yn meitsje.
It boek spilet yn en om in oannimmershûshâlding en de haedpersoan is de oannimmer sels: Jelle Sibles Hommema. Hy is fan lyts Frysk doarpsmantsje yn en troch de bisettingstiid omheechkommen, mar hat him ek nei de kant fan de yllegaliteit feilichsteld en koe dus nei de bifrijing trocharbeidzje en in great man wurde. Hy is in Kristen, foar de foarm alteast, mar likegoed kin er yn it saeklike alle kanten út. Hy offeret al syn tiid en dêrmei ek syn húshâlding op oan syn jildsucht, of einliks mear noch oan syn nocht oan it jildfortsjinjen, oaren oerhearskjen, oaren in loech ófsjen. Syn frou, kompleet mei bûntmantel, fielt har yn de nije bungalow yn Arnhim slim ûnwennich; de soan forfrjemdet fan de heit troch forskeel fan saeklik ynsjoch en houlik mei in earm fanke, hy giet nei it heitelân werom en bigjint dêr yn it lyts en helte earliker foar himsels; de dochter folget it middelber ûnderwiis en genietet earst fan de lúkse dy't har thús bean wurdt, mar kin hwat langer hwat minder de frede fine yn dit bistean, oant hja oan in ienfâldige feint slagget, dy't himsels troch jounsstúdzje foarme hat.
Jelle Sibles Hommema rekket op in stuit oerspand en komt ta ynkear en selskennis. Hy bislút mear tiid oan syn frou to bisteegjen, wylst er frede slút mei de earst forspeine skoandochter en soan Sible, dy't hefte saken salang birêdt. Dêrmei komt alles dan wer yn goede spoaren, hwant ek hjir wurde