De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 127] [p. 127] Gerben Brouwer: De lytse man De leafde fan de boargers ta God set yn, as it fegetative libben op folle toeren rint. Kierkegaard In lytse man stiet lûd to sprekken en docht de hannen frommich gear. Dan sjocht er 't miel op 't wife lekken en yt foar 't antlit fan de Hear syn jirpels, fleis en stoofde parren; hy nimt in reade apel ta. Dan lit er alles stil fortarre en tanket wer: it smakke sa. Hy docht syn wurk yn koarte riten, mar fynt himsels yn hear en fear de jouns werom by 't broggebiten. Dan leit de frou de krante klear. En op in dei dan stiet de panne mei 't lêste iten foar him ré. Hy grypt der nêst mei beide hannen en freget net mear om de thé. Vorige Volgende