| |
| |
| |
Inne de Jong:
In memoriam Gerrit Achterberg
Gerrit Achterberg en syn frou hiene op 17 jannewaris fan dit jier yn 'e auto nei Amsterdam west, de stêd dêr't er safolle fan hold. Op it momint dat hja thúskamen yn Leusden, bleau syn hert stilstean. It birjocht fan syn dea dat de radio dy deis trochjoech, wie net allinne foar syn freonen, mar foar allegearre dy't jierrenlang mei in forwûndering sûnder ophâlden nei him harke hiene, swier to forarbeidzjen. De greate kampfjochter tsjin tiid en dea, mei in lûd ‘vol telefoon en jongste dag’, wie wei en my kaem in wurd yn 't sin fan Hilbrandt Boschma: as sokken falle wurdt it hwat donkerder. Hy wie noch jong, 56 jier, en altyd bern bleaun, in enfant éternel. Syn ûntwapenjende bernlikens foel al syn freonen op. Bernlik, yn de heechste sin fan it wurd, wie syn freugde en syn oardiel oer eigen wurk: wat niet goed is, is niet geschreven. In minne, en dat wol yn syn gefal altyd sizze in domme krityk forbjustere him. Hy, dy't neffens my syn gelikens net hat yn de Nederlânske literatuer, koe oaren as in bern biwûnderje. In skôging hat er nea skreaun (‘ik kan niet eens een brief schrijven’), mar hy koe rigen fersen fan Geerten Gossaert, Bloem, Roland Holst, Slauerhoff en foaral Marsman fan bûten. Marsman, dêr't er yndertiid mei korrespondearre, hied er sa heech, dat er net nei him ta doarst. De sublime fersen, dy't er nei syn dea oer him skreau, sizze genôch.
Hy wie jong en tagelyk âld, ieuwen âld, hwant op syn reis ‘voorbij de laatste stad’, oer alle grinzen hinne, wied er fan dea yn dea gien. Syn kontakten rikten fan syn tún, dêr't er yn arbeide, oant de spiraelnevels, fan de blydskip om elke nije dei oant de bittere wrakseling om de leave deade, fan skuld en boete oant de definitive frijspraek. Tusken dizze poalen hat er it tritich jier en tritich útsûnderlike dichtbondels lang úthâlden en derby de humor, de hope en it leauwe biwarre.
Alleen dit grijs kind kon eenzelvig blijven.
Toen alles waar wij voor of tegen schrijven
leeggebloed onderzonk, zonk hij niet mee:
zijn levend hoofd bleef doodstil bovendrijven,
seit A. Roland Holst.
Dizze biseten dichter, dy't oars gjin oplieding hawn hie as dy ta de akte leger ûnderwiis op in Utrechtse kweekskoalle, ûntfytmannet de eksakte wittenskippen har geheimen ta syn
| |
| |
GERRIT ACHTERBERG
1905-1962
| |
| |
souverein geriif. Har termen, formules en aksioma's wurde funksionéle symboalen yn syn poëzij, hânwizers op syn reis. Se wurde laden mei in bitsjutting, transcendearre yn in wurklikheit, dêr't har útfiners gjin aen fan hiene. Hy bringt de ringen fan Saturnus yn de skeppingsoarder fan syn leafde en ‘'t Zevengesternte gaat zachtjes te keer’.
In Dwingelo hoor je het fluisteren
der leegte in de radiotelescoop,
daar lopen ook uw trillingen te hoop.
Mar ek dr. Jekyll en de rottefanger, de makelaer, de rintmaster, de mannen fan de Boazbank, twingt er mei Diana, Hecate en de Sylphiden yn syn tsjinst. Mei syn magysk wurd bisielet er de deade dingen: keamer, koken, kelder, oanrjocht, servys, gevel, strjitte krije in wûndere dynamyk en wurde man-dielich oan syn avontûr, shellpompen en etalaezjepoppen drage in geheim, de fitrines fan Gerzon,
zij halen u naar hier met lichtgeweld.
My is gjin dichter bikend, dy't, bisiele fan it Wurd, dat yn it oanbigjin wie en fan de Wysheit, dy't as leavelingsbern by God boarte, sa ûnbitinge leaude yn de macht fan it wurd en dy't der sokke wûnders mei forrjochtet. Hy hat fersen genôch skreaun, dy't fan in greate melodyske en ritmyske skientme binne, mar it giet him altyd om it wurd, it biswarrende en skeppende. Tsjin in freon hat er ris sein: Het moet mogelijk zijn, een formule te vinden, die door haar geladenheid in staat is, de dode materie tot leven te wekken. Hy leaut yn it wûnder en slach op slach sjocht men dan ek by dizze magiër, dat ‘minder dan een pink van poëzie voldeed om de aarde op te lichten’ (Sybren Polet).
‘Voor de dichter Achterberg’, seit J.B. Charles, ‘zijn de scheppingsdagen niet met de zevende geëindigd, maar er is een achtste, waarin hij, achter zijn Heer aanlopende, Soli Deo Gloria, de dingen, het vilt, uranium, brons, de lithosfeer, mee opraapt, ze benoemt en zie, ze staan er, hij spreekt en het is er.’
Der is biweard, dat Achterberg syn poëzij ynspirearre is fan de dea. Dat mei op it earste gesicht wier lykje, mar hja is ynspirearre fan it libben, fan it ivige libben. It giet hjir yn in striid op libben en dea tsjin de dea. In great tal dichters foar him hawwe fersen skreaun op it thema fan de dea; yn Hollân û.o. Henriëtte Roland Holst, Boutens, A. Roland Holst, Weremeus Buning, Du Perron, Marsman. Henriëtte Roland Holst
| |
| |
bisjongt him as kosmyske libbenspartner en forlosser, Boutens as de ‘goede dood’, Buning as twillingbroer fan de leafde. It binearjende probleem fordampt hjir yn in estétyske dize. Du Perron syn navrante klacht: de dood, de dood, de dood, het doodgaan en de doden, leit yn in oar flak, lykas ek Marsman syn oangripende bilidenissen fan deadseangst. Mar allegearre bliuwe hja op bikend terrein. Achterberg, dreaun fan pine, forlangen en in rokkeleaze hope, fart de lêste stêd foarby nei in terra incognita, dêr't noch gjin dichter himsels weage, nei it uterste rângebiet, it nimmenslân tusken libben en dea. En dêr stiet er oan de ein ta to roppen om de biminde frou en yn har om de sin en de hearlikheit fan it libben. In Orpheus-kompleks, hawwe literaire skoalmasters sein. Mar mear as Orpheus is hjir. De mythologyske sjonger, út de Hades yn de wrâld weromdreaun, fascinearret minske en dier mei syn klacht: What is life, without my love, what is life if thou art dead! Achterberg lit him fan gjin macht op of ûnder de ierde weromjeije, hy bliuwt by de poarte stean en slingert syn biswarrings formules oer de ringmuorre. Hy wol himsels mei har identifisearje yn it wurd.
En dit zal voor het lied voldoende zijn,
de eeuwigheden van het ene land
over te zingen in het andere land,
waarheen ik nu onaangerand verdwijn.
Yn de bitterste need, as er syn ûnmacht fielt, klaget er: ik lig in een geheim geknield, waarvoor de sterren staan ontzield, waarvan mijn zingen overhield een rhythme, dat mijzelf vernielt.
Gij kunt geen aarde maken door mij heen
omdat ik niet geleid. Ik ben uw einde.
Tot in mijn voeten heb ik aan u deel.
Maar gij bemerkt het niet en blijft alleen,
Helicoptère die nergens meer kan landen
en in de hemel als een ding te veel.
Mar leauwe, hope en leafde bliuwe, de leafde is de measte en hy ropt troch. Hy, dy't de stjerrestelsels om himsels en syn need draeije lit, doart to sjongen:
Zolang ik hier vertoeven moet
ben ik het verste rendez-vous
voor dood en leven. Wees gegroet,
fluisteren zij elkander toe
en gaan in liefdes laatste naam
omhelzing aan, tot klaar en stil
het zingen in mij worden wil,
waarin zij samen voortbestaan.
| |
| |
Kritisi mei in oanstriid ta melodramatyk, binne gau ré om in dichter to warskôgjen: ophâlde jonge, hjir giest oan kapot. Hjir is it lykwols gjin klisjé as men freget, hoe't immen de spanningen fan dit dichterskip in libben lang drage koe.
Men moat by Achterberg sa min mooglik forklearje, it geny lit him net forklearje. Hwat my lykwols al opfalt is, dat forskate biwûnderjende skôgers oer in pear allerbilangrykste eleminten fan syn wurk swije: dy fan skuld, boete en formoedsoening. It skuldgefoel, dat safolle fersen in donker aksint jowt, binearjend fan tragyk, komt men it hiele oeuvre troch tsjin. Hy wit lykwols ek fan in ‘frjemde frijspraek’ en syn bilidenissen datoangeande bihearre ta de earlikste en suverste yn de Hollânske literatuer.
Ik deed van alles wat gedaan kan worden
het meest misdadige... en was verdoemd.
Maar Gij hebt God een witte naam genoemd
met die van mij. Nu is het stil geworden
zoals een zomer om de dorpen bloeit...
Uit Uwe hand ten tweede maal geboren
schrijd ik U uit het donker tegemoet.
Gerrit Achterberg, de greatste revolusionair yn de Hollânske literatuerskiednis, wie in kristen. Ik meitsje alle dingen nij, seit it Evangeelje. Hy hat yn de poëzij alles nij makke.
It hat gâns in tiid duorre, ek yn de literaire wrâld, ear't men dizze friemde stim út ûnbikende fierten forstean learde. Jierrenlang is der klage oer syn a-poëtyske wurden, sûnder dat men bigriep, dat dizze master it deistige wurd en it idioom út alle libbensgebieten laedde mei de oerkrêft út in tiid, doe't elk wurd in gedicht wie. Yn de greate Winkler Prins wurde der oan Achterberg... tsien rigels wijd. Der wurdt yn praet fan okkultisme en ‘het blijft de vraag of Achterberg zich zal weten te vernieuwen en niet op den duur in eenzijdigheid zal blijven steken’. Ik frege my ôf, hwa't de auteur fan dit ûnnoazel stikje wêze koe. It bliek, dat prof. dr. W. Asselbergs destiids redakteur wie fan de rubryk ‘Nederlandse literatuur’. Nou hie syn alterego, Anton van Duinkerken, yn de tritiger jierren de stomste dingen fan Achterberg syn poëzij sein en it blykt, dat prof. Asselbergs yn 1947, doe't der al trettjin bondels fan Achterberg útkomd wiene, noch neat wizer wie. Myn nijsgjirrigens woechs en ik socht ‘Asselbergs’, alias Anton van Duinkerken, op. Dy kriget 42 rigels mei portret. Hy wurdt û.o. ‘een der markantste en veelzijdigste essayisten’ neamd. De professor, dy't yn Leijen ‘Vondelwetenschap’ docearret, liket
| |
| |
der gjin aen fan to hawwen, dat Achterberg libje sil lang nei't Van Duinkerken forgoed forgetten is.
Oaren, mei lykwols mear respekt en bigryp, hawwe harren ek ôffrege, oft Achterberg net ryklik iensidich is en oft syn wurk wol in algemien minsklik aspekt hat.
Iensidich, sizze hja. Hat der ea in dichter west, dy't op ien motyf safolle en sokke fascinearjende wizen song? Is it ea in dichter slagge, om út ien fjûrtoer wei ierde en kosmos yn syn ljochtbanen to heljen, fan de magasinen fan Radt en Doodeheefver oant Cassiopeia en Orion?
Gjin algemien minsklik aspekt? Hy hat de ûngrounen fan it libben bleat lein en it paradys bistoarme. Yn in fortechnisearre kultuer en in wrâld fan robots hat er de útfiningen fan de wittenskip yn it domein fan de geast songen, dêr't it hert syn reden hat, dy't de rede net forstiet. Foardat Lucebert noch ien rigel skreaun hie, hie hy ‘de ruimte van het volledig leven’ al yn poëzij omset. Yn syn gedichten ropt de ôfgroun tsjin de ôfgroun, it libben tsjin de dea, de ivichheit tsjin de tiid. Yn it binearjende minsklik tokoart dat om forfolling himet, hat er motiven oanslein en fisioenen hawn, dy't jin de siken binimme. ‘Hij tilde zich hoog boven zichzelf uit en masseerde de lucht die opnieuw geest werd, de geest die opnieuw stof werd, de stof die een nieuw mens werd’, seit Sybren Polet. Binne dit soms gjin algemien minsklike aspekten?
Achterberg hat de hounen bylje en de frikken sangerje litten en hy is syn iensume, stelle wei gien. Hy is altyd wer op it âlde motyf weromkommen, ek yn syn lêste bondel Vergeetboek. Hwat jin yn dit boek opfalt is de uterste soberheit fan it gedicht, de neakenens fan it wurd. In soberheit en in ienfâld, dy't faeks wol it greatste biwiis fan syn masterskip binne. It liket suver saeklik en nochteren, mar men moat jin net forrifelje litte. De wrakseling giet troch mei in forheftige, nou lykwols folslein bitwongen hertstocht.
Soms denk ik al te zien wenkende handen,
een lok sidderend haar. Het licht verblindt
ons nog te veel alvorens ik u vind.
De distânsje yn de tiid is greater wurden, de ôfwêzige wurdt dúdliker as yn it earder wurk, symboal fan it ôfwêzige, de need fan de dichter akút en twingend, dy fan ús allegearre lytse, machteleaze kréaturen ûnder it izeren regym fan de ôfgod Tiid. ‘De tijd heelt alle wonden’ is gjin treast foar him, dy't sinne en moanne stilsette wol boppe it ivich lok. Hy jowt de reéle situaesje ta yn it navrante fers 0.00: Het groot horloge
| |
| |
is al in de straat. De ûnmeilydsume konstatearring is hjir lykwols gjin kapitulaesje. Syn hiele oeuvre is in reis fan fallen en oereinkommen, fan trochsjongen mei in suver boppeminsklike moed en skeppingsdrift nei elke nederlaech. Friler noch as tofoaren jaget er yn dizze bondel op it foisleine fers, it lêste wurd, it eingedicht. Hy komt der deun by yn it geniale Stenografie:
............Alles wat ik had
aan definitie brokkelt op het blad.
Om adequaat te blijven, hic et nunc,
volg ik u stenografisch op het klad
en rekt het teken zich reikhalzend uit
bij deze wedloop tussen taal en tijd.
Eens trekt de letter in het eindgedicht
zijn laatste vrije ophaal om u dicht.
Achterberg is wei, syn poëzij is ûnstjerlik. Ynterpretaesjejagers, literatuer-historisi en promovendi sille bisykje him to fangen en to rubrisearjen, faeks mei statistyk en al, mar it sil in swier karwei wurde. Hy ûntkomt oan elk etiket, oan alle ismen, skoallen en biwegingen. De ûnderskieding tradisioneel-eksperiminteel seit hjir minder as neat. Hy is sa tradisioneel as in primitive medisynman en sa eksperiminteel as.... Achterberg: syn eksperimint hat in poeticis de ierde út har foegen tild. As Gerrit Kouwenaar yn syn ynlieding ta Vijftigers seit: Zelfs een dichter als Achterberg kan men niet als onmiddellijke wegbereider (fan de eksperimintélen) zien, dan hat er paradoksael gelyk. Hy wie harren al oant efter de kimen foarby. Hy, Gerrit Achterberg, romtefarder en djipsédûker by Gods graesje, dy't mei de superieure pretinsje, dy't allinne de greatsten foeget, syn Grafschrift skreau:
Van dood in dood gegaan totdat hij stierf.
De namen afgelegd die hij verwierf.
Behoudens wat op deze steen geschreven:
de dichter van het vers dat niet bedierf.
|
|