De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 134] [p. 134] O. Postma: ‘Al hwat ik skriuw dat is wier bard’ (Ut ‘De jefte’) Ik naem gjin sit, sa as Emily Dickinson - yn it rydtúch fan de Dea mei Unstjerlikheit as tredde - foar in reis troch de ivichheit; Likemin waerd ik dronken fan de loft en de dau en line tsjin de sinne oan om rjocht to stean. Mar yn ‘Krysttiid’ makke ik echt in reis oer iis troch de fryske lânnen nei hûs ta; En yn ‘De kuijer’ wie it net oars as in loop by it Hoarnske Djip lâns yn Grinzerlân. Myn ‘Maerte- en Maeijedagen’ binne net oars as hwat de ierde en de himmel foar my útspraet hawwe, En myn dykhûskes en arbeidershuzen binne bineamd mei in leafde dy't de wierheit wol bar eagen hâldt. Dêrby komme as fansels de nammen op: it is Oetske dy't de stoven yn 'e tsjerke set, en it is Ate Marte dy't dy moaije blommen hat; En Eye en Tjaerd binne dy Grinzer jonges, yn hwa't ik it Fryske hert forstie. - Mar as dan yn ‘As ik opdroegen wurd’ dij tuorren en spitskes as libbene minsken forskine? Dan sille wy witte dat by dizze dichter tominsten ek noch eat fan it âlde fabelearjen oerbleaun is! Vorige Volgende