De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 135] [p. 135] ‘Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe’ (Fersen fan P.C. Boutens)Ga naar voetnoot*) Dit heart wis wol ta it skienste fan de hollûnske dichtkunst. En dochs mocht it net opnomd wurde yn de samle gedichten fan Boutens; Dochs moast der in dichtersnamme foar bitocht wurde - mei in teltsje der by. Waerd der dan in skande yn dij strofen iepenbier makke? ‘Een kind, een knaap die voor uw oogen viel’; Mar it wie gjin fallen yn modder en weaze. It gong oer in leafde sûnder wettich hûs, Oer de biminnensdrang fan in ‘leafdeleaze’. Oer de dichter sels wurdt hjir mei hoedene wurden sprutsen; Mar der is in strofe wijd oan Jonathan en David; Jonathan jowt oan de leafste it leafste en lêste wei. Der is ek in strofe hweryn Buonaroti, de skilder yn Rome neamd wurdt, Dy't bisiket, mei it byld fan Luigi Pulci foar eagen, it Godlik antlit neijer to kommen. Mar it heechste kliuwt de dichter as er de oantrekkingskrêft fan de himmellichems as in leafde sjocht: Twa sinnen sûnder skaei dy't om elkoars skiente hinne har sweevjende omtocht gean; Fan de ierde út sjoen is it ien inkele stjerre. Né, sokken dichter hoecht net in ‘haastig en verloren graf’, sa as it hjit yn de lêste strofe. voetnoot*) Dat Boutens de dichter hjirfan is blykt wol by forgeliking mei syn Hollandsche Kwatrijnen. Vorige Volgende