De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 121] [p. 121] [Nummer 4] Jan Dotinga: Stille wike Wy, wrâld fan de empiry, hiene de froulju tear to sliepen lein - ik haw hwat foar 't ljocht helle: in krús, dat yn myn binnenst to hôf stie, en skru ten oertocht. It leit nou sljocht op dream en died, iepen nei de fjouwer wynstreken - elke rjochting rint om it lêste stomp op dat krús; yn dit einichst toevjen leit de brede wei stadich spjaltend ûnder 't krúswetter. [pagina 122] [p. 122] Momint yn febrewaris de dei bigoun út earlik ljocht en skuorre de dea mei dit suverjend sân ta in lichem fan forwachtsjen. de beammen núnderen lang halzjend ûnder de bast. de minsken songen gebeden - djip út harren nieren - glimkjend út harren eagen. it winterske fortriet efkes froastfrij. Balans ik bin it meast warleas yn de glêsheldere stilte. jouns as de dei - in oerwoun hertsear - ôfreizget liz ik foar anker yn dit ta in lichem woechsen tokoart. de stilte woon oan en de man elia hearde Syn stim. mûlk bin ik dôf hûdich foar in tiid. Vorige Volgende