Reisbeurzen, ek foar Fryske auteurs?
It Min. fan O.K. en W. stelt elts jier in pear reisbeurzen biskikber foar Nederlânske auteurs. Op in parsekonferinsje fan Steatssekretaris Y. Scholten, hâlden to Gieten, is okkerdeis de fraech steld: Kinne Fryske skriuwers ek yn oanmerking komme foar dy beurzen? Miskien hawwe der yn it selskip fan de Steatssekretaris minsken west, dy't tochten: ‘O, heden, dit is mis. Oliver asks for more.’ It idé woe de Steatssekretaris lykwols wol oan. Syn antwurd wie: ‘Jawis wol, hwerom net.’
De reisbeurzen binne ornearre foar Nederlânske skriuwers en dêr hearre de Fryske skriuwers ek by. De ‘bitingsten’, dêr't kandidaetreizgers oan foldwaen moatte, wurde publisearre yn it net geregeld forskinende orgaen fan de Nederlandse Federatie van Beroepsverenigingen van Kunstenaars en yn it meidielingsblêd fan de Vereniging van Letterkundigen. It wurdt sa njonkenlytsen wol saek, tinkt my, dat it Boun fan Fryske Kunstners him oanslút by de Federatie en dat de Fryske skriuwers hwat mear kontakt krije mei de Vereniging, hwant der fleane ús hjir to folle fûgels oer it net. De Vereniging hat - om in foarbyld to neamen - har eigen bureau foar auteursrjochten, dat û.m. foar de auteurs de ynkasso forsoarget fan de radiorjachten. De RONO brûkt gauris in fers of in forhael fan in Fryske skriuwer. Dat kin sûnder kosten en dat bart ek faek sûnder kosten. De Fryske skriuwers binne ommers net oansletten by in fakorganisaesje. De Vereniging is sûnt 1945 in fakorganisaesje, dy't hieltiten op 'e bres stiet foar de bilangen fan de skriuwers. Sels haw ik fan 1945-1952 bistjûrslid west. Om dy reden wit ik hwat der binnendoarren omgiet.
Mar sels ien, dy't it paed wit, wol wolris ôfdwale. Yn 'e hjerst fan 1958 frege Victor van Vriesland my oft ik myn boek Smalle bruggen naar de vrijheid al ynstjûrd hie foar de reisbeurs. Ik sei: né. Fuortendaliks dwaen, wie syn advys. Myn warbere útjower bisoarge it boek op it Ministearje. In dei of hwat letter krige ik birjocht. It is spitich, skreau in freonlike amtner, jo binne der in moanne to let mei. De saek is nou al birêdden.
It spul wurdt ek elts jier oars spile. De iene kear wurdt der al publisearre wurk frege; it oare jier wol de Minister in forhael of in fers, dat noch gjin printer ûnder hannen hawn hat. In skriuwer is faek in minne administrateur. En it is langer wol sa, dat it ynstjûren foar prizen en reisbeurzen in heule administraesje freget. Der binne knapen ûnder de skriuwers dy ûntgiet soks noait. Dy binne, om sa to sizzen, altiten by de les. Litte de Fryske skriuwers dat tonei ek wêze.
L.