biantwurder ynspirearret. Dat wie hjir dúdlikerwize net of mar selden it gefal.
M.o.w., de biswieren dy't de hear E. de Vries hat tsjin de forumleden (de lije wize fan biantwurdzjen) moat tobekbrocht wurde ta syn earstneamde krityske útspraek (it lege peil fan de fragen sels).
Mar hjir bigjint in bûmerang to wurkjen. Hwerom hat de hear E. de Vries him net as fragesteller oppenearre dy middei? Hy hat dêr alle romte en tiid ta krigen, tinkt my sa. Ik hie forwachte dat de ‘boargerlike, mijene, statyske geast’, dy't neffens de hear De Vries foar bêst opsloech, him de mûle iepenbrutsen hie. Ik hie fan him fragen forwachte lykas: ‘Hwat tinkt it forum fan de mooglikheit fan eksperiminteel proaza yn ús tael? Ynhoefier moat in moderne Fryske romanskriuwer him noch à la Brolsma en Van Houten bitsjinje fan it folksidioom? Soene der yn de Fryske proazaliteratuer kânsen lizze foar it detektiveforhael, de takomstroman of foar “science fiction”? Kin in Fryske romanskriuwer ta greater prestaesjes komme troch it lêzen fan bûtenlânske literatuer? Kinne prozaïsten ta mear produktiviteit brocht wurde en ta breder visy troch it ynstellen fan reisbeurzen b.g. fan provinsjewegen?’ Ensafuorthinne.
Mar al sokke fragen dy't de hear E. de Vries blykber op 'e lippen leine, hat er dy middeis mei wrok trochslokt. Och, as er net ta vuurden komme koe, hwerom is er dan net út protest mei de galgen op 'e slomp en bipaelde knopen los troch de seal roun, ‘flokkend en razend’ foar eigen miening útkommend? Nou lêbbet er hwat nei oer in forum dat ‘ús tiid net bigrypt’. It is dúdlik dat de hear E. de Vries dy 6e jannewaris syn tiid net bigrepen hat, alteast net to baet nommen hat om de fragen dêr't er swier fan roun oer it forum út to stoarten. Hy hat dat neilitten. Dat nou is er lilk op himsels en moat it forum it ûntjilde.
D.A. TAMMINGA