opjefte wol op in maklike, maklik lykjende wize to foldwaen? De lêzer ken dy tradisionéle krystforhalen. In ôfdwaelde soan, wurch striden en syn rie to'n ein, komt op 'e joune fan krysttyd thús, jowt ridderslein bilies en fiert fornijd en forblide it feest fan 'e berne Kristus middenmank syn famylje mei.
Mar Akkerman hat each foar de forlieding fan 'e bikearingsskiednis, dy't har rjocht hat, mar in great skriuwer freget en sûnder sa'n master faei is foar forrinnen òf yn idylle fan ûnbikeardens òf yn dramatyk fan oerbikeardens. Sûnder dat men syn krystforhalen modern neame kin, fynt har forheller binnen de grinzen fan 'e tradysje romte en frijheit ta motiven, dy't de itige bining fan hwat wy yn 'e Fryske literatuer oan krystforhael wend binne net hawwe. Dat docht foaral bliken yn Akkerman histoaryske forhalen út 'e midsieuwen. Krysttyd stiet dêr op en tsjin de eftergroun fan it natûrgewelt fan stoarm, wetter en ûndergong. En de tsjerke mei har ljocht stiet boppe de tsjusternis fan de natûr út as in beaken. Folle mear as ta noeging fan mêdde sielen om de sûnde to litten en frede to finen foar it hert - al ûntbrekt dat elemint ek net hielendal - is hja steld ta in haven fan bihâld foar it libben yn need fan in ûnbarmhertige natûr. Folle minder skilderet de skriuwer de minske as wurge Godsiker nei in libben fan ôffal, mar nammersto mear as in skepsel, sûnder sykjen fan God troch Syn stoarmen en wetterfloeden machtich ta Him jage.
Dat jowt dizze histoaryske forhalen wiidte, alhoewol net dy fan demony, lyk as lichtwol forwachte wurde koe. Lit Akkerman se ommers net barre yn 'e midsieuwen mei har kristenminsken, mids ynlik en great leauwe fûl riden fan demoanyske machten en forbyldingen, yn ieuwen, dêrtroch djipper as hokker tiid ek fetber, fetber út eangst al, foar de tins, dat Jezus Kristus kommen is om de demoanen ûnderhearrich to meitsjen oan Syn macht en to brûken ta Syn tsjinst? It eigenaerdige is by dizze skriuwer, einliken binne dit gjin histoaryske, mar histoarysk middele forhalen. De skiednis tsjinnet deryn ta dékor fan 'e tiid, mar biskiedend karakter hat hja net. Net by tafal is de biskriuwing fan 'e krysttsjinst sa bihyndich mûglik, wylst it krystmiel better en foldediger gerak kriget. Dat komt net troch't Akkerman syn kennis fan 'e roomsk katholike earetsjinst doedestiids wol net sa tige bitrouwe sil, né, mar hy ken mar ien histoaryske tiid. It is dy fan syn jonge jierren en de generaesje dêrfoar, safier't oerlevering mûglikheit fan tobektinken en -fielen jowt. Hwat er út earder ieuwen fortelt, is mei foroaring fan feiten, datums en omstannichheden oerdracht oer de tiid hinne. Sadwaende bistiet der gjin wêzentlik forskil tusken syn út 'e histoarje en syn út 'e eigen tiid nommen forhalen.
Dy oerdracht hat dizze skriuwer aerdich yn 'e macht. Hja steurt by him net. Wy hawwe gjin wjerstribbige muoite om de histoarje yn syn forhalen dan to nimmen. Hwant út hokker tiid er syn stof ek nimt, altiten wer moetsje wy it folk by en troch him. Elk forhael fan sines is bydrage ta de epyk fan syn held: it folk, sels efter histoarysk masker wei.
Sjochdêr de kiker fan 'e artyst, dy't distânsjes oanhellet. Allinnich, it folk, dat troch him de lêzers moetsje, is it slachte, dat hy en wy kenne: fan ússels, fan oantinken en by tiidbiheinde oerlevering, út 'e earste helte fan dizze en de lêste fan 'e foarige ieu net ienris krap rekkene. En dat hat in gefaer yn, dêr't Akkerman yn dizze histoaryske forhalen net fan ûntkomt. It gefaer nammentlik, mei in stof