| |
| |
| |
J.L. de Jong Lsn:
Stille winken foar muzykkrityk
‘Het was ongetwijfeld een gevoel van wrevel en onbehagen ten aanzien van de manier waarop hier en daar in ons land muziekkritiek bedreven wordt, welke de muziekafdeling van de Haagse Kunstkring ertoe bracht, een drietal avonden met discussie te organiseren onder de titel Muziekkritiek, haar taak en haar mogelijkheden’, skriuwt Wouter Paap yn Mens en Melodie, desimber 1960, bls. 361 e.f. De Haagse Kunstkring hie foar de earste joun útnoege prof. dr. Eduard Reeser, dy't neist it forline, as âld-muzykredakteur fan in deiblêd, forskate problemen fan de hjoeddeiske muzykkrityk bihannele. De twade joun joech prof. J.C. van Oven as muzykleafhabber wer, hoe't konsert-bisikers en krantelêzers de krityk forwurken. De tredde joun foarmen seis muzykkritisi en in haedredakteur fan in deiblêd in forum, om elke dielnimmer gelegenheit to jaen syn fisy op de muzykkrityk koart to formulearjen; dêrnei koe it publyk fragen en opmerkingen dwaen. De earste beide jounen hie der al gedachtewiksel west en hwat fierder men kaem, nammersto dúdliker waerd, dat it sjen yn breder forbân nei foaren kaem. Wouter Paap joech doe ien fan de meast positive bydragen wer, dy fan Jos. de Klerk, hwaens wurden oan it moed kamen en hjir yn it koart folgje. De opjefte fan in muzykkritikus is tige wichtich en in forantwurdlike faktor yn de muzykkultuer; it fak stelt bysûndere en hege easken. Gjin stikeljen of virtuoas splintersykjen. De positive bitsjutting is opfieding en bimiddeljen. Om it bitrouwen fan útfierenden en lêzers to winnen moat men folle witte, kundich wêze en de forskate branches fan muzyk en bisibbe kunsten grounich bistudearre ha; dêrneist, út eigen ûnderfining thús wêze yn de muzykpraktyk. Journalistyk flair sûnder mear is fan gjin bitsjutting. In kritikus dy't folle wit en kin is biskieden
en hoeden; hy kin dochs nei in earste audysje net oardielje oer in wurk dêr't in komponist wiken, moannen, jierren oan wurke hat! Jos. de Klerk achtet opleiding ta kritikus net mooglik en in diploma ûnsin; mei alle nedige, parate kundigens en routine is it in kunstfak, dat bysûndere pedagogyske en humane eigenskippen easket; binne dizze lêste net yn oanliz bywêzich, dan is ûntjowing útsletten. In linige pinne kin goed dwaen, mar ek in feninich ark wêze yn 'e hân fan ûnbikwame, eigenwize en net humane lju. Yn elk getal gjin misledigjende wurden. De kritikus moat de totaliteit fan in prestaesje oersjen
| |
| |
kinne; dit freget fakkundigens, mar ek oertinken en as it mooglik is foarstúdzje. Utwreidzje oer in minder gelokkich ûnderdiel weacht to swier op it gehiel, mei gefolch in net fortsjinne forkearde publike opiny. De muzyk is jimmer bilangriker as de útfiering. Le bon critique est celui qui raconte les aventures de son âme au milieu des chefs d'oeuvre. (Anatole France). Dit kin net sûnder bigryp, oerjefte, meilibjen en oandwaenlikens. De kritikus moat objektyf spektator wêze; mei gjin foarkar foar bipaelde rjochtingen blike litte, mar hy moat it opnimme tsjin forflakjen, banaliteit en humbug. In forantwurde bisprek fan to foaren yn de krante is tsjinstiger en wichtiger as in resinsje efternei, al mei dy net ûntbrekke.
In krityk skriuwe is minskewurk en dus breklik, mar it wurdt lottere fan in sterk moréle forantwurdlikheit ta foardiel fan de kunst, it bioardiele kunstwurk en de mienskip. De deiblêdredaksjes jowt De Klerk de rie oer de fakkundige, artistike en moréle wearde fan it wurk fan de kritikus to weitsjen en dêrby to tinken oan: ‘La grande critique vît d'admiration - la petite de chicanes’. (Ernest Hello.)
Wouter Paap hellet dan noch in tal biswieren oan. Gjin muzykkritikus kin forstân hawwe fan alle mooglike takken op muzykgebiet (oargelisten kleije mei rjocht, dat oer harren prestaesjes mar hwat hinne skreaun wurdt út ûnkunde oangeande it komplisearre ynstrumint). Om't er der fakentiids in folsleine wurkdei opsitten hat, is net to forwachtsjen, dat de man ‘fris’ bliuwt. Muzykkrityk as byfortsjinst hat greate biswieren, mar allinne greate deiblêdden hawwe in folsleine muzykredakteur. It ûrlean fan losse resinsinten is fakentiids leger as dat fan in ‘ongeschoolde’ arbeider. Sûnder journalistike routine wurdt immen ta muzykkritikus bombardearre, hy mei dan noch safolle forstân fan muzyk hawwe, mar by de oplieding kinne wy de kunst fan it skriuwen oer muzyk foar oankommende muzykkritisi net misse. Oanstelling is foar de redaksje in wurk yn 'e mist; men nimt oan, dat er deskundich is sûnder to witten hoefier't dat rint. By klachten oer it wurk is it lestich út to meitsjen oft de opposant of wol de kritikus gelyk hat. It komt hast net foar, dat de kritikus de gelikense is fan de bioardiele. It skriuwen fan in bihoarlike muzykkrityk is in kwesje fan grounich trochtinken en fan nuansearring, mar bynammen moat men macht oer de tael hawwe.
It lêzend publyk wol jerne ‘bloed sjen’; it stiet oan de kant fan de resinsint en seit: ‘Hy doar it to sizzen!’ Mar in negative bioardieling tsjut fakentiids op tokoart oan kundigens. (By ús falt dat jerne ‘bloed sjen wollen’ hwat ta nei myn oardiel).
| |
| |
By toaniel wurdt allinne de première bisprutsen yn tsjinstelling mei konserten, al spilet men dêr ek komposysjes, dy't elkenien út 'e pin ken; by muzykkrityk falt dêrtroch it swiertepunt op 'e útfieringsprestaesjes. De mooglikheit fan in wyklikse rubryk stuitet ôf op it nijsblêdkarakter fan in krante en in konsert is nijs; men wol witte hoe't it de foarige jouns west hat.
De kritikus sit yn in glêzen húske, syn wurk wurdt hifke; kunstners witte moai gau kokker wearde it oardiel hat en serieuze lêzers hawwe him ier of let ek yn 'e rekken.
De wearde fan in krityk steunt op it gesach en de persoanlikheit fan de skriuwer: mist er kompetinsje en karakter, dan rekket er fansels yn 'e lytse loege.
De journalistike en de muzikale wrâld hawwe yn de praktyk meielkoar to meitsjen, om't beide bilang hawwe by in fundearre en stevige forsoarging fan de muzykkrityk; men sjocht elkoar lykwols net. Hoenear sille dizze beide elkoar moetsje?
Oant safier - en o sa biheind - Wouter Paap.
Hoe is it gelegen mei de muzykkrityk yn Fryslân?
Wy hawwe hjir gjin greate deiblêdden mei in eigen muzykredaksje; dêrtroch forfalt it forskil tusken deiblêdden en minder faek útkommende nijsblêdden, al hawwe de earste fakentiids in better kar om't der mear wurk is.
De resinsinten skriuwe lykwols - mei Paap's wurden - foar byfortsjinst. Yn 'e njoggentjinde ieu wie it dilettantisme de hoeder fan it muzyklibben; forneamde útfierende kunstners joegen konserten mei in orkest fan dilettanten; dilettanten komponearren, joegen sels konserten, dirigearren koaren en orkesten en skreauwen muzykkritiken. Hja diene dat lêste foar dy tiid, forgelike mei in smite amateurs fan letter tiid, bihoarlik ta fortsjintlik. Hja foldiene oan De Klerk's easken: algemien ûnderlein, fakroutine en in greate bilangstelling yn muzyk, dêr't hja foar libben. Ut dat formidden hiene de doedestiidske blêdden harren resinsinten: minsken, dy't fakentiids ek goed mei de pinne oerwei koene.
Yn letter tiden sakket de bilangstelling foar muzyk, it wurdt in probleem - ek noutiids noch - en biset in goede krêft foar muzykresinsjes. Ut aerd fan 'e saek frege men faklju, mei alle fiven en seizen; musisi - sei De Klerk al - binne gjin journalisten; dêr komt by, dat faklju dy't sels praktyk hawwe, net jimmer frij bliuwe fan stjûrmeneuvels yn foar harren gunstige en winsklike rjochting, wolris wiisheden útkreamje dêr't de lêzers net by kinne of etalaezjes meitsje fan kundichheden dy't to min forbân hawwe mei it útfierde programma. Men komt
| |
| |
lange stikken tsjin mei in bulte wurden en in bytsje ynhâld; soms kin immen net to goed syn gedachten formulearje en as er dan boppedat frijwol alle kwaliteiten mist dy't De Klerk nedich achtet, is it gjin wûnder dat er himsels fan de baen jaget. Tige min is de kritikus, hwaens skôgings suggerearje, dat hysels eins op it podium sitte moatten hie.
Op inkelde útsûnderingen nei haw ik de yndruk, dat yn de lêste fjouwer decennia de resinsjes hjir earlik en bitrouber wiene; wol makke de iene der mear fan as de oare en - al of net troch krapte oan kranteromte - wiene de stikken to koart.
Hoe moat in redaksje der mei oan en fyn in gaedlik man foar de muzykforslaggen? Binammen net op de earste de bêste tasette, fan hwa't men oannimt, dat er it wol dwaen kin (dat bart faker as men tinkt). It is ek net sa maklik om fan ien ôf to kommen, al wol men him slite (ek gjin hypotétysk gefal). In redaksje dy't siket om immen foar dit wurk, docht dêr ek wol ris to min wurk op, omdat hja de saek leaver sels regelt; yn dit bysûnder gefal soe it lykwols better wêze en nim ynformaesjes, sawol by eigen folk as bûtensteanders; ûnder dy lêste to rekkenjen bistjûrsleden fan konsertforieningen en kulturéle kommisjes, musisi, diriginten en trouwe konsertbisikers. Bynammen komt it oan op karakter en persoanlikheit; hat men inkelde kandidaten, ynformearje dan by minsken dy't dêr oer oardielje kinne.
Sa't al fan De Klerk en Paap sein is, moat men in all-round musikus sjen to krijen, dy't leafst mear as ien ynstrumint bispilet, yn orkestforbân wurke hat, mei koarsang op 'e hichte is, in bulte heard hat, oer in greate literatuerkunde biskikt en thús is yn 'e muzykskiednis; bigryp oer de stylperioaden is ûnmisber. As syn muzykbiblioteek yn in kammenetslaed kin, liket it net to bêst.
Ik sjoch al redakteuren mei de finger nei de foarholle wizen: hoe fine wy sa'n ien! Dat is in oare saek fansels, mar it heucht my, dat in Fryske krante in hiel skoft omsukkele, oant er de man foun, dy't it mooglik wol jierren earder dwaen kinnen hie; it skriuwen moast earst hwat leare, mar syn oardiel wie goed en hy foldie. Yn it oanbigjin moatte redaksjes wolris hwat forbetterje en winken jaen. Yn stêdden en greate doarpen is faeks wol immen to finen, mar mocht soks net slagje, nim dan net in lid fan 'e eigen redaksje; der is jit in oare wei, bynammen - mar net allinne - foar regionale blêdden. Fordiel de taek oer inkelde persoanen, dy't elk op eigen mêd ré binne ta oardieljen. De redaksje hat dan út need ôfstân dien fan
| |
| |
de neamde allround figuer. Ik kin my yntinke, dat hja leaver mei ien persoan to dwaen hat; as lykwols de forsoarging fan de kritiken troch wurkfordieling op heger peil komt, moat it swiertepunt dêr op falle. Biswieren om minsken to finen lykje greater as hja binne. Hoe hat b.g. de Grouster seilmakkersfeint Goarter of de Wergeaster boer Kooistra it foarelkoar krigen en helje jier út jier yn om bar de heechste punten yn de heechste ôfdieling op sjongkonkoursen? Hoe hat de smid Kuiken syn Drachtster korps in klinkende namme jown yn Nederlân? En soene dan sokke minsken foar harren eigen fak net in deskundich en kritysk forslach jaen kinne? Der libje yn gea of goa forskate figueren dy't yn oanmerking komme; ik soe sa wol in tal minsken opneame kinne, dy't gjin biropslju binne, mar hwaens oardiel foar my wearde hat. Dêrmei is noch net sein, dat hja mei in earste kontakt in muzykkrityk skriuwe wolle, mar sa't al sein is, der moat tige war dien wurde immen to krijen, alhowol't men dat net jimmer oan de iver fan redaksjes ôflêze kin. Tsjerklike of politike rjochting meije net yn 'e skealjen lizze. Meitsje it in resinsint maklik, jow journalistyk stipe; lit it muzykforslach gjin hikken slute by de kolomfordieling; bitelje him goed; soargje foar plakbisprek en sa nedich foar in auto. Lit him alle réaksjes fan de lêzers sjen.
In redaksje dy't net yntins fieling hat mei de lêzers fan de muzykforslaggen en út in algemien of posityf oardiel gjin konsekwinsjes lûkt, docht syn blêd skea, nettsjinsteande ivoaren tuorke-nivo fan ‘selsstannige’ haedredaksjes.
Hokker easken moat in muzykkritikus fan regionale blêdden himsels stelle?
In (net optocht) petear: ‘It wie justerjoun in konsert fan niks!’ ‘O, hawwe jo dêr hinne west?’ ‘Né, dat net, mar it stie yn 'e krante!’ Lit soks nea út in forslach to lêzen wêze en bistudearje de uteringen fan Jos. de Klerk en W. Paap, hjirboppe oanhelle.
Wit hwat jo kinne en binammen hwat dêr noch oan ûntbrekt; dat lêste jowt de mooglikheit ta fierdere ûntwikkeling. It honorarium is meastentiids net oan de hege kant, dat leafde foar it fak mei der wol by; ynsafier, dat dy leafde oanset ta in grounige stúdzje, fan it gehiel sawol as fan de ûnderdielen. By it skriuwen fan in muzykforslach moat men help hawwe fan hânboeken; dêr binne de foarnaemste muzykwurken yn biskreaun; hja ljochtsje foar oer ûnderskate ûnderdielen fan in komposysje, dêr't men by it hearren stipe oan hat en dy't sa nedich - foar in diel yn it muzykforslach forwurke - de lêzers opklearring jowe. Greate djûre antikwaryske wurken binne
| |
| |
net nedich; lykwols sil men yn Muth's Konzertbuch I, II, III (40 wurken) of Reclam's Konzertführer (892 siden, 440 muzykfoarbylden) mear komposysjes fine as yn it nederlânske Muzikale Ommegangen. It earstneamde hânboek bisprekt allinne koarwurken, sinfonyske wurken en ynstrumintale solo-konserten. Fierder kin men jins ljocht opstekke yn muzykperiodiken en gramafoanplaetbisprek.
Fakentiids sit men forlegen om in forskaet fan sizwizen; men kin net om de oarde rigel skriuwe hoe moai dit wie en hoe prachtich dat. Elke ynstrumintalist, vokalist, elk ensemble of koar hat sa syn eigen idioom, dat gearhinget mei technyk en útfiering. Liz in boekje oan en skriuw ûnder allerhande rubriken (b.g. klavier, alt, sopraan, bas, tenor, fioele, orkest, koar ensfh.) safolle mooglik wurden, dy't slagge op de technyk en de útfiering; sykje dy út tydskriften, resinsjes, platebisprek; men hoecht dan by it skriuwen net op 'e útein fan 'e pinne to kôgjen om wurden to sykjen; ek moat men fakentiids synonimen brûke, om goed lêsber to skriuwen; J.A. Meijers' Kies Uw woord kin helpe. Skermje bileaven net mei útdrukkingen dy't foar lêzers ûnbigryplik binne.
Elke resinsint makket flaters of docht mistaesten; de wrâld is der noch net om forgien. Rekket men dêr troch yn in petear (hwat jin komselden barre mei), bliuw dan saeklik en jow in mistaest ta, mei in ekskús. As men de oanwenst hat, nea hwat del to skriuwen, dêr't men net wis fan is, hat men it minste lêst. Hâld by it skriuwen fêst oan eigen fundearre oardiel en lit oaren prate. Bisykje nea in ûnderdiel, dêr't gjin dúdlik oardiel oer foarme is, mei ‘wurden’ to bihanneljen. Skriuw net jimmeroan, dat yn it orkest de twade fioelen wolris net to bêst akkordearren, of dat it hout of it koper ûnsuvere mominten hie; binammen net as de útfiering oars goed wie; sok blêdfoljen is foar de lézer forfeelsum. Rekkenje net to folle op de ûnkunde fan it publyk, al seit dat: ‘Wy hawwe der gjin forstân fan!’ De geregelde konsertbisiker hat wol aerdich bigryp oer muzyk en fielt dy fakentiids goed oan; radio en pick-up binne net sûnder gefolgen bleaun. Tink oan eigen lytsens tsjinoer útfierders; in lytser of greater diel fan harkers en lêzers kin in forslach hifkje op earlikens en kundigens.
It is fan bilang, dat men jin in lytse blomlêzing út de hiele muzykliteratuer eigen makket; de pick-up kin help jaen by it bistudearjen fan de muzykwurden. Is men yn sa'n biheind oersjoch alhiel thús, dan falt bioardieljen fan oare - ek ûnbikende - muzyk makliker.
Foar hwa't útfieringen fan koaren en korpsen forslaen moat,
| |
| |
binne konkoursen bêste learskoallen; men moat sa folle mooglik de partitueren sjen to lienen en sels oantekeningen meitsje, om dy letter to forgelykjen mei jury-rapporten. Tink dêrby om de seis of sawn fakken fan bioardieling; jow nea in yndruk fan it totael; men is der dan stéfêst neist. Dérby bifoarderet it jaen fan sifers op ûnderdielen it analitysk harkjen.
Lit by it hearren op konserten nea in trie fan 'e konsintraesje falle: meldij, mjitte en ritme binne de pylders dêr't men op ôf giet. In great tal hearders ûndergiet de passivens fan it sinlike klankbyld en de útfieringsdynamyk. Hâld de logyskmuzikale gedachtegong fêst om kritysk-objektyf to bliuwen. By tige bikende muzyk is de kâns op passyf hearren great.
Bisprek de hichtepunten fan komposysjes en útfiering en byldzje yn spontane biwurdingen eigen opteinens. De lêzer wol graech it moaiste fan 'e joun nochris wer bilibje.
|
|