| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
It dialekt, de lange teannen en it minderweardichheitskomplex
III
Hoe stiet it nou mei de forhâlding fan it Fryske taelgebrûk yn literair gebrûk en omgongstael? Krekt gelyk as mei de dialektliteratuer; der is tusken dizze beide in frij greate distânsje, en dêrtroch ek in frij greate spanning. Oan de iene kant brûke wy allegearre yn ús deistige, net kontrolearre sprektael in macht vuurden dy't net fan Fryske, mar fan Nederlânske oarsprong binne; oan de oare kant sit der yn it literaire Frysk, it boeke- en skoalle-Frysk hiel hwat dat wy yn de deistige omgongstael net tapasse. Dit lêste net sasear op it gebiet fan de inkelde wurden, mar op it gebiet fan de ôflate wurdfoarmen. Forskate grammatikale wendingen, dy't wy, alwer nei de omfang en de djipte fan ús ynsjoch, as goed Frysk biskôgje, as Frysk neffens de noarm fan sa't wy hearre to skriuwen en to praten, as wy Frysk skriuwe en prate, brûke wy wol yn ús skriftlik Frysk, mar net yn ús sprutsen Frysk. Sa útgongen op -sk en op -ysk, dy't wy skriuwend kreas yn acht nimme, mar net útsprekke. Wy skriuwe neat, ek, eartiids, forslach, hja, hwa, wiene, toaniel, hiel, diel, jit, bigjinne, mar wy sizze niks, ik, froeger, feslach, sij, wy, wien'n, toneel, heel, deel, noch, bejinne. Wy fan-de-Biweging skriuwe en sizze ‘Frysk’, mar it folk, dat net skriuwt, seit noch altyd ‘Fries’; ik wit net hwa't gelyk hat, hwant is vox populi net vox dei? As ien fan uzes yn syn sprektael wol earnst makket mei hwat wy yn 'e skriuwtael as noarm bilide, dan fine wy him oanstellerich en forcearre en kin er ek noch in snier krije dat er sa ‘treflik artikulearret’. Hwant dat is in punt, dat him foar transkripsje yn optekene letters net lient: wy brûke allegearre yn ús deistich praet it Frysk mei de slopte en de maklikens fan it dialektpraten; as wy it Frysk sprekken hearre mei de precisy en de
soarch dy't ek foar ús fansels sprekke as wy Nederlânsk prate, dan fine wy dat ek oanstellerich, forcearre, en sels ûnfrysk.
En dan de wurdkar en it tapassingsgebiet fan it Frysk. Hwa praet allinnich mar Frysk? De ienfâldige plattelânner en in heechst inkelde literator, dy't mei gewelt, gewelt dat er him-sels oandocht, elke libbenssfear út syn bistean weisnien hat der't er mei it Frysk net takin. It foeget ús net dit to bigekjen of om it to kritisearjen; it is in ûnfoarstelber great offer oan de Fryske saek en it fortsjinnet ús djipste achting, mar it wiist gjin
| |
| |
wei foar it folk, hwant dat moat libje. Dat libbet dan ek, en foarsafier dat libben net útdrukt wurde kin yn taelfoarmen dy't wy, min ofte mear taelkennende Biwegingslju Frysk neame, dan drukt it dat libben út yn taelfoarmen dy't wy Unfrysk neame. Wy, fan de Biweging, mei in skerp each en in pynlik gefoel foar dizze saken wurde in brek, in spjalt, in caesuer gewaer tusken de Fryske en de net-Fryske eleminten yn de folkstael, mar it folk sels wurdt dy caesuer alhiel net gewaer. As wy skriuwe en foar it buordtsje komme om it Frysk to sprekken, dan brûke wy in tael dy't safolle fan de gongbere omgongstael ôfwykt, dat it folk it net mear as Frysk erkent, it ûneigen en oanstellerich fynt. Wol immen it Frysk fan ús, de Biweging, oan- en oernimme, dan moat er earst in geastlike transformaesje trochmeitsje dy't makket dat er him yn ús rigen thúsfielt, mar dy't tagelyk ek makket dat er inerlik fan it folk forfrjemdet; hy is dan ek sa'n oansteller, sa'n oerdriuwer wurden. Mar inkelden kinne der oer, sa fan it folk ôfsnien to wurden; dy't der noch it bêste oer kinne, dat binne de lju dy't yn har deistich bistean alhiel gjin Frysk prate, mar Nederlânsk. Hwa't bûten Fryslân tahâldt kin maklik literair-Frysk prate en skriuwe; hy komt net yn konflikt mei de empiryske folkstael. Mar de minsken dy't yn Fryslân Frysk prate, prate allinnich dàn suver Frysk as hja sokke ienfâldige plattelânners binne dat alle heger en Nederlânsk taelgebrûk bûten har gesichtsfjild falt, of hja prate Frysk mei oan it Nederlânsk ûntliende frjemde eleminten, en yn de measte gefallen prate hja yn situaesjes, der't it op heger taelgebrûk en hegere taelfoarmen oankomt, gjin Frysk mar Nederlânsk.
Mei oare wurden: it Frysk mei dan in tael wêze, lykwols brûke wy it allegearre, op mar heechst inkelde, individuéle útsûnderingen nei, op dialektniveau. En hwat pas goed slim is, troch dizze hiele konstellaesje rekket ús taelnoarm, ús taelgefoel, hyltyd mear ûnder ynfloed fan de Nederlânske skriuwen sprektael dy't hyltyd massiver oer de Fryske folkstael hinne komt to lizzen, kollektyf, mar ek yn elk fan ús individueel. It is dúdlik, dat dizze tastân yn it inerlike fan de minske spanningen oproppe moat, salang foar syn gefoel it Fryske relaesjesysteem noch in sekere positive wearde fortsjintwurdiget. Docht it dat net, dan wurdt der yn de rin fan in minskelibben, en fan generaesje op generaesje, hyltyd mear fan it Fryske taelmateriael loslitten, opjown en forruile foar oarspronklik frjemd materiael, dat lykwols, sa gau as it troch it bern fan syn âlders oernommen wurdt, net mear frjemd is, mar like eigen as de oarspronklik-Fryske eleminten. Hoe kin dat Fryske
| |
| |
relaesje-systeem en taelmateriael dochs noch in positive wearde fortsjintwurdigje? Trochdat der hege, boppepersoanlike roearden mei forboun binne, trochdat der assosiaesjes binne tusken dat relaesjesysteem en superego-struktueren, trochdat it ideaelbyld dat men fan jinsels hat, individueel en kollektyf, trochdat it libbensplan der't men neffens hannelet, reagearret en oardielet hoe dan ek mei dat relaesjesysteem yn ien perspektyf leit.
Yn Fryslân, yn de Fryske taelsituaesje is it lykwols mei dizze assosiaesje tusken superego en Frysk taelsysteem wol safier hinne op de wei fan ûndermining, ôfbraek en desintegraesje, dat it ús ûngemaklik to moede wurdt. Ek sûnder dat wy ús dizze situaesje klear en nofteren foar eagen stelle, fiele wy in seker ûnbihagen, en namsto minder klear en bigryplik-skerp dit allegearre foar ús stiet, namsto gefoeliger priket dit ûnbihagen ús yn it gemoed, namstomear emosionéle réaksjes yn de rjochting fan selsfordigening, skuldprojeksje nei bûten en ressentimint ûntkomme ús. Elke nofterene en objektive analyse fan de situaesje kin ús ynsjen litte dat it Frysk, hwer't syn oarsprong en ôfstamming ek lizze mei, hoe't syn genealogyske forhâlding ta it Nederlânsk ek wêze mei, yn ús tiid yn sosiologyske sin yn in dialektyske ôfhinklikheitsposysje fan it Nederlânsk kommen is. Ja, it giet sels noch fierder, en as men allinnich de oan in suverheitsideael orientearre Fryske skriuwtael en literaire tael biskôget soe men dit oer de holle sjen kinne, yn de empiryske Fryske sprektael sitte al safolle eleminten dy't út it Nederlânsk stamje of dy't, as hja ek net oarspronklik Nederlânsk mar Latynsk, Ingelsk of hwat ek binne doch troch bimiddeling fan it Nederlânsk yn dy Fryske sprektael torjochte kommen binne, dat de empiryske Fryske sprektael yn dit opsicht, dus foarsafier it dy net-Fryske eleminten oangiet, nou krekt yn dy genealogyske ôfhinklikheitsposysje foar it Nederlânsk oerstiet, dy't wy mei dy hiele disjunksje tael - dialekt sa graech ûntstride woene. Der is net folle ynfielingsformogen en psychologyske kennis foar nedich om yn to sjen dat hjir wol in explosive konfliktstof lizze moat. Mei oare wurden: yn sa'n situaesje binne jin de
skuon gau to koart, en it kin net misse dat der dan gauris ien ús op de seare teannen komt to stean.
Hwat ik hjir, in bytsje al to wiidweidich faeks, biredenearre haw, birêst net op in feitemateriael dat allinnich troch wittenskiplik ûndersyk oan it ljocht brocht wurde kin. It birêst op omstannichheden, dy't elk fan ús yn himsels weromfine kin, en dy't ek elk him biwust meitsje kin as er der de muoite foar oerhat. Mei oare wurden: dit is algemien bikend, allinnich wurdt it hast nea erkend. It is op de iene of oare manier oan- | |
| |
stjitlik, pynlik foar it selsgefoel dat altyd noch in soad posityfs sjen wol yn dat Fryske perspektyf, mar dat net de moed hat op nofterene en objektive wize de balâns op to meitsjen. Wy witte allegearre hiel skoan, hoe ellindich it der mei ús Frysk foarstiet, mar wy wolle it gjin wurd hawwe, wy wolle it ússels en in oar net bikenne. Krekt omdat wy sels wol fiele, dat wy it Frysk op dialektniveau hantearje, dat wy de pretinsjes dy't wy mei de Fryske taelbiweging op ús nommen hawwe net wiermeitsje, dêrom jowt dizze hiele situaesje ús insuffientygefoelens, en is it Frysk komplex in minderweardichheitskomplex. In minderweardichheitskomplex bistiet nea net allinnich út insufficienty-gefoelens, der heart ek in greate pretinsje by. De insufficientygefoelens soene net ta in minderweardichheitskomplex liede kinne, as der net in Frysk mearderweardichheitskomplex wie, in gefoel fan superioriteit, it gefoel fan as Friezen hwat bysûnders to wêzen. Mar omdat wy to maklik, of net moedich genôch binne, of gjin selsfortrouwen en gjin lef genôch hawwe, of omdat wy der de nedige opofferingen net foar oerhawwe om fan dat Fries-wêzen echt hwat to meitsjen dat de muoite weardich is en dat bisjen lije kin, dêrom foroarsaket dit hiele gefal sa'n malaise, sa'n moedeleasheit; dérom hâlde wy de eagen ticht foar de feiten, sykje wy de forlossing fan ús sear op in terrein der't it net leit,
en easkje wy fan de bûtenwacht de nominale erkenning fan it Frysk as tael neffens in genéalogysk gesichtspunt, dat forâldere is en dat der yn wêzen neat ta docht.
By it oerlêzen fan hwat ik oant nou ta skreaun haw sjoch ik, dat ik miskien de skyn op my laden haw dat ik de filologen ûnrjocht doch. It soe wêze kinne dat immen tinkt, ik seach de filologen der op oan dat hja der sokke simpele taelgenéalogyske idéën op neihâlde as oerienkomt mei dat skema fan dialekten fan de earste en twadde oant fyfte en sechte oarder sa't ik it yn it bigjin oantsjut haw, doe't ik dy forskate dialektgeneraesjes bisocht to omskriuwen. Ik wol dat graech rjocht sette, en wiis der op dat it der my om to dwaen wie de ‘land-läufige’ mieningen, sa't dy by de leek oer dizze dingen implicyt libje, explicyt to meitsjen sadat hja tagonklik wurde kinne foar nofterene en saeklike krityk en korreksje. Krityk en korreksje neffens taelwittenskiplike noarmen, dat myn fak net is, en neffens psychologyske noarmen, dat myn fak wol is. Mar it is dochs wol wer saek om ús to réalisearjen dat wy hjir op in gebiet stean der't de taelwittenskiplike en de psychologyske biskôgingswize beide rjocht fan praten hawwe, en beide nedich binne. As men fan ien fan beide kanten komt, moat men dochs
| |
| |
altyd bigripen hantearje dy't neffens har oarsprong fan de oare kant binne. Ik wol noch graech in gesichtspunt oan de oarder stelle dat my yn dit forbân foar it bistean fan de minske tige fan bitsjutting taliket, mar dat dochs ek wer sokke taelwittenskiplike eleminten bifettet dat ik my op dit glêdde iis hast net losjaen doar. Miskien traepje ik doarren yn, dy't foar de taelkundigen al lang iepen stean, ik wit it net. Seker mankearret it my oan de technyske terminology.
Ik haw it hjirboppe hawn oer de empiryske tael, de tael dy't realiter yn in bipaelde mienskip gongber is. Krekt dat makket dy groep ta in mienskip, dat hja in mienskiplike tael hat as it kommunikaesjemiddel by útstek der't dy mienskip op boud is. Sa'n tael is op de ien of oare manier systematisearre; alle eleminten der yn, oft dat nou bitsjuttingseleminten, foarmeleminten of noch oare eleminten binne, stean yn sekere relaesje ta it gehiel, de totaliteit; dat gehiel bipaelt it plak en de funksje fan de eleminten like hurd as de eleminten de totaliteit bipale. As ik in wurd yn in bipaelde bitsjutting brûk, of in bûgingsfoarm tapas om myn utering in bipaelde nuance to jaen, dan bin ik deryn net frij. Wol biologysk frij, hwant ik kin samar, as ik dat wol, it wurd pomp b.g. in oare bitsjutting jaen en it brûke foar b.g. grien. Mar dan forniel ik myn kommunikaesjemooglikheit mei myn meiminsken. It stiet my dus net frij om de bitsjutting fan de wurden dy't ik brûk willekeurich to foroarjen, as ik der priis op stel it kontakt mei de groep der't ik yn libje yn stân to hâlden. Ik foldoch dus wylst ik praet hyltyd oan in sekere noarm, en dy noarm wurdt ek dan noch hyltyd yn it each hâlden, net explicyt en biwust, mar wol implicyt en ûnbiwust, yn dy gefallen hweryn de intentionale funksjes fan de eleminten, sa b.g. de bitsjutting fan de wurden, stadichwei foroarje, dan bliuwt noch op elk momint it systeem as sadanich in empiryske réaliteit der't elke sprekker en harker fan it hiele taelgebiet yn ynbêdde is, en der't er de forméle en semantyske noarm foar syn hiele aktyf en passyf taelgebrûk oan ûntlient en itiget. Dêrmei komt dit taelsysteem in psychoïde struktuer ta; it is fan eksistinsiéle aerd omdat yn dit taelsysteem net allinnich de inkeling, it individu, mar ek de groep, de mienskip, it folk, net inkeld op himsels bistiet,
mar ek foar himsels bistiet; dizze struktuer is ‘daseinsmässig’. Ik soe my nou foarstelle kinne, dat men ek yn de taelwittenskip in bipaeld kompleks fan taelforskynsels dan in tael neamt as men al dy forskynsels gearboun fynt yn in systeem hweryn al dy eleminten bitrutsen binne op deselde ‘Daseins’-struktuer fan de mienskip, it folk dat dy spraekforskynsels, dy tael- | |
| |
eleminten, yn de praktyk bringt, dus dy empiryske tael praet (en heart en skriuwt en lêst). En ik soe my foarstelle kinne dat men it wurd dialekt reservearret foar in bipaelde groep fan forskynsels yn dit gehiel dy't bipaelde regionale wetmjittichheden fortoane, hwertroch de iene regio foar de oare oer karakterisearre wurde kin, ek sûnder dat der sprake is fan in min ofte mear bisletten ‘Daseinszusammenhang’ per ôfsûnderlik dialekt. Yn dy sin soene de dialekten net stik foar stik hwat ôfsûnderliks wêze, allinnich mar varianten yn it ‘Sosein’ fan de tael, gjin forbysûnderingen yn it ‘Dasein’ fan it folk. Ik soe my foarstelle kinne dat eigenaerdichheden lykas dy by histoarysk ûndersyk oan it ljocht brocht wurde kinne ûnder dat gesichtspunt sjoen wurde moatte. Sa soe it b.g. hiel wol mooglik wêze dat men yn in great tal geaën oan de Noardsé mienskiplike dialektforskynsels opspoare kin dy't men meiinoar ingvaeonismen neamt, en dat it op dy manier fierhinne slagje koe in byld to ûntwerpen fan dat ingvaeoonsk sa't it der, neffens de tsjintwurdige stân fan ús kennis, útsjen kinnen hie as it ea, op in bipaeld tydstip, in empiryske tael west hie, wylst it bêst mooglik is dat it yn 'e wurklikheit nea net in empiryske tael west hat, dat wol sizze dat der miskien nea net in empiryske groep, in folk, bistien hat dy't dy tael ‘daseinsmässig’, foar himsels as folk bilibbe.
Yn dat gefal soene der wol ingvaeonismen west hawwe, mar gjin ingvaeonen en hoege wy ek net to sykjen om de réële kontemporaine namme fan in folk, dat wy nou mar, omdat wy de histoaryske nammen net witte, mei dizze oan Tacitus ûntliende kunstterm oantsjutte.
Dit hiele ingvaeoneprobleem is foar ús net sa bilangryk. Wol is it bilangryk, oft dizze ûnderskieding fan tael as empiryske tael, kulturéle ‘Daseinszusammenhang’ fan in folk oan de iene kant, en dialekt as wittenskiplik gearfetbere en karakterisearbere rige fan forskynsels oan de oare kant ek noch forhelderjend wurkje kin foar ús ynsjoch yn de taelsituaesje yn Fryslân. As wy op dit skema yngean, komme wy ta forrassende mar net tige noflike resultaten. It empiryske Frysk, de sprektael, dy't de ‘daseinsmässig’ himsels as Frysk folk bilibjende groep minsken realiter sprekt, is yn safier dus tael neffens sin en bidoeling fan de krekt makke ûnderskieding. Dochs neame wy dizze empiryske sprektael mar foar in diel Frysk, ntl. foar dat diel dat foldocht oan de noarmen, sa't wy ús, alwer neffens omfang en djipte fan ús al of net wittenskiplike kennis, it Frysk idealiter foarstelle. Yn wêzen is dat dus, neffens de léstmakke ûnderskieding, net in eksistinsiéle noarm, mar in deskriptive noarm, in noarm dy't de taeloarder dy't sa opsteld
| |
| |
wurdt net hifket oan in konkrete libbene mienskip fan minsken mar oan in theorétyske konsepsje fan inkelde wittenskipslju. De frage is nou foar de praktyk mar, hoe great is it forskeel, de ôfstân, de spanning tusken dizze beide noarmen. Is dat forskeel mar lyts, omfettet it mar inkel de wurden, dan mei it hinnebruije en mei men hoopje dat it mei edukative mjitregels slagje sil dy inkelde wurden der sa stadichwei wer út to driuwen. Is it forskeel lykwols sa great dat wy hast gjin folsin útsprekke kinne of wy sizze yn ús empirysk Frysk ek inkelde wurden dy't deskriptyf biskôge gjin Frysk hjitte meije, dan helpt dy hiele ûnderskieding, dat hiele har ôfsetten fan de Biweging tsjin it empiryske ûnsuvere Frysk út namme fan it theorétyske suvere Frysk allinnich mar mei om noch mear Fryske eleminten út de empiryske spraeksituaesje wei to kringen yn de sfear hwer't wy se net hawwe wolle, ntl. de sfear fan it dialekt. Ik foar my haw de yndruk dat de Fryske taelsituaesje gefaerlik ticht yn de buert fan dizze krityske grins kommen is.
Eigenlik is de situaesje noch folle misliker, omdat it Frysk as empiryske tael net mear fan it Nederlânsk as empiryske tael to skieden is. Der is gjin grins mear tusken dizze beide talen yn it bilibjen fan de minsken dy't Frysk prate; it Fryske folk bilibbet him net mear as in apartheit, as in eksistinsiéle forbysûndering ôfskaet fan it Nederlânske folk. M.o.w. it Fryske folk is ek al gjin empiryske réaliteit mear, gjin Daseinszusammenhang, mar in theorétyske konstruksje, in deskriptive abstraksje. It Fryske folk nimt vuurden út de Nederlânske ‘boppetael’ mei ham en gram oer en docht net mear de muoite se te forfoarmjen neffens it eigen grammatikale skema; de foarmwil fan it Frysk jowt yn ús tiid foar it Nederlânsk oer bilies. Heechstens is der noch in oanpassing oan it Fryske klanksysteem; zuurkool wurdt yn it Frysk wol suerkoal, mar hwa't sûrkoal seit, wurdt útlake.
Lit ús nou nochris de formule ABN, it Algemien Biskaefd Nederlânsk, under eagen sjen en ús ôffreegje hwat der neffens dit skema foar it Frysk útkomt as wy der ek sa'n formule foar opstelle wolle. Ik nim oan dat de term Nederlânsk yn dizze nije term improblematysk is, al haw ik boppe wol oantsjut dat de term Frysk yn ús tiid wol degelik problematysk is. Mar relatyf binne dizze beide termen improblematysk; wy sille der fierder net op yngean. Mar hwat bitsjut biskaefd en hwat bitsjut algemien? Ik wit net hoe't de taelkundigen de forhâlding fan dizze beide termen sjogge, mar it liket my ta, dat se oan
| |
| |
inoar keppele binne en dat it yn wêzen mar ien term foarstelt: it giet oer it biskaefde Nederlânsk fan de hegere stannen of fan de him ta heger, biskaefd taelgebrûk omheechwurkjende gewoane man, yn tsjinstelling ta it dialektpraten fan de plattelânsbifolking yn de forskillende streken, provinsjes en geaën en it platte taelgebrûk fan de legere stannen yn de stêdden. Algemien sil yn dit forbân dan wol bitsjutte dat dizze biskaefde tael oer it hiele Nederlânske taelgebiet fierhinne unifoarm is, heechstens hwat regionael kleure yn aksint en inkelde wurden. Der is dus gjin biskaefd Hollânsk, gjin biskaefd Grinzersk en gjin biskaefd Limburchsk; der is dialektysk Hollânsk, dialektysk Grinzersk en dialektysk Limburchsk, mar fan biskaefd Nederlânsk is der mar ien soarte.
It kritearium fan de algemienens hawwe wy dus al, en ik hâld mysels ûntslein fan de plicht om noch in folsin to wijen oan in eptige definysje. Mar hwat is it kritearium foar de biskaefdens? It is de frage oft der wol sa'n kritearium bistiet, in posityf kritearium wol to forstean; miskien is der allinnich mar in negatyf kritearium, of in hiele gearstalling fan negative kritearia. Ik leau net dat der in deskriptive noarm oan to jaen is foar biskaefd taelgebrûk, dat foar alle talen jilde soe, en foar alle talen, of dochs minstens foar in groep nei oan inoar bisibbe en dêrtroch goed forgelykbere talen, it forskeel definiearje koe tusken biskaefd en plat. Somliken sykje it yn 'e klank, yn bipaelde klankwettige eigenaerdichheden, mar krekt deselde klankmingingen dy't yn it Ingelsk biskaefd binne, binne yn it Nederlânsk plat, en oarsom. Ik leau dat it earder hiel oars sit: der is in bipaelde groep, in yn it folk en de steat boppedriuwende boppelaech, hwaens taelgebrûk allinnich troch it feit dat hja sosiale boppelaech is, de noarm fan biskaefde tael optwinge en trochsette kin. It ûntstean fan sa'n boppedriuwende bifolkingslaech en dus ek fan sa'n boppedriuwende biskaefde tael foarûnderstelt in homogenisaesje en ‘nasionalisaesje’ fan it kulturéle libben, dy't der yn elk gefal yn Nederlân al lang is. As dy noarm fan biskaefd taelgebrûk ienkear algemien akseptearre is, dan forliest de oarspronklike sosiale laech, de boppedriuwende groep, syn bisletten karakter. Op dy manier is der gjin posityf kritearium fan biskaefd taelgebrûk op to stellen, men kin allinnich sizze dat dàt biskaefd Nederlânsk is, dat algemien troch biskaefde rounten yn hiele Nederlân as noarm akseptearre en neistribbe wurdt. Biskaefdens fan de tael is in ôflate greatheit en in sekundair forskynsel, fuortkommend út de biskaefdens, de sosiale
distinksje fan de groep dy't op dizze manier praet. It trochwurkjen fan de noarm fan it AB
| |
| |
hat syn bislach krigen, it AB hat sukses hawn en karrière makke as minsken, dy't fan hús út net ta de boppelaech hearre, fan de biskaefde tael gebrûk meitsje om de distinksje te demonstrearjen dy't har ôfkomst har net jaen kin. Elke ôfwiking fan dit AB nou makket de minske dy't it sprekt op de iene of oare manier minder biskaefd. Dat ûnbiskaefde kin mear of minder slim, mear of minder grof, mear of minder ûnskuldich wêze, der binne allegearre gradaesjes yn. It kin wêze dat in massyf Grinzersk aksint gjin diskriminaesje bitsjut foar in minister, mar dat in Ljouwerter stimleaze S oan it bigjin fan in wurd moardzjend is foar de sosiale posysje fan in dame.
Hoe leit it der nou hinne yn it Frysk? Is der in noarm foar biskaefd Frysk? Yn sekere sin al, in bytsje, hwant der is in noarm foar literair Frysk. Dat is to'n earsten lykwols inkeld noch mar in noarm foar sok hwat grous en makroskopysks as de skriuwtael, net in noarm foar de sprektael, hwant yn de sprektael jildt de skriuwtaelnoarm noch negatyf, as oanstellerij. It sprektaelfrysk hat him as noarm fan sosiale distinksje noch net trochsette kinnen; der bistiet noch net in boppedriuwende sosiale laech yn Fryslân, dy't Frysk praet en krekt dêrom, omdat hja boppedriuwt en sosiael distingearre is, har sprektaelnoarm trochdriuwe en de rest fan it folk oplizze kin. It is sels tige de fraech oft ûnder de bisteande sosiale- en taelforhâldingen sa'n noarm fan biskaefd Frysk taelgebrûk wol ûntstean kin, omdat oeral, ek yn Fryslân, de noarm fan biskaefd Nederlânsk taelgebrûk wol ûntstean kin, omdat oeral, ek yn Fryslân, de noarm fan biskaefd Nederlânsk taelgebrûk (dy't wy yn Fryslân, lyk as oeral yn Nederlân, Hollânsk neame) opjild docht. Yn it ljocht fan de sinne kin men de stjerren net sjen.
Omdat der yn Fryslân net in algemien erkende, Frysktalige sosiale boppelaech is, is der ek gjin sprake fan in algemiene erkenning fan in noarm foar biskaefd Frysk praten. Net allinnich jildt dat foar dy minsken yn Fryslân dy't gjin Frysk prate, en foar dy minsken dy't it Frysk allinnich mar prate, dus dy it net skriuwe, lêze, toanielspylje, preekje, bidde en psalmsjonge, mar it jildt sels foar dy Frysktalige rounte dy't dat allegearre wol docht, dy rounte dus, hweryn it Frysk dochs yn elts gefal in eintsje op stap is om echt tael to wurden yn de boppeomskreaune taelsosiologyske sin. Der is in Hollânsktalige sosiale boppelaech ek yn Fryslân, dy't ek de sosiaelheechste en meast distingearre Frysktalige groepen noch as sosiael superieur oan harsels ûnderfine, foar hwa oer hja in... minderweardichheitskomplex hawwe. Men moat goed bitinke dat it hjir, op it stik fan sosiale superioriteit en inferioriteit, net to
| |
| |
rêdden is om moréle kategoryen, mar om dynamyske kategoryen. Oft ik sosiael heger of sosiael leger bin as in oar wurdt net útmakke troch myn ôfstamming, troch myn jild, troch myn fak of myn amt of troch myn ûntwikkelingspeil; it feit oft ik sosiael mear of minder bin wurdt iepenbier oan de kwesje oft ik my yn it bipalen fan de spulregels fan it sosiael forkear trochset of my ûnderwerp. It Fryske minderwaerdichheitskomplex sit him yn de kearn fan de saek hjiryn, dat de Fryskprater krekt hwat de tael oanbilanget ek yn Fryslân foar de Hollânskprater oer bilies jowt. As it op in krêftmjitting tusken Frysk en Hollânsk oankomt, wykt ek yn Fryslân it Frysk, en it Hollânsk hâldt it terrein. De hyltyd herhelle ûnderfining fan dizze fornedering, ek en krekt as men jin dy net op dizze wize biwust makket, is de eigenlike substânsje fan it Fryske minderweardichheitskomplex.
Der is dus gjin Algemien Biskaefd Frysk; as dat der wie, as der in Fryskpratende sosiale boppelaech yn Fryslân wie dy't him tsjin elkenien dy't oars praette, ûnbiskaefd Frysk of netFrysk, oan biskaefd Hollânsk ta, trochsette koe, dan wie it Fryske minderweardichheitskomplex oerwoun, dan hiene de Friezen as kollektiviteit en as yn har Fryske ‘Gruppenzugehörigkeit’ op it sear kommen individuen gjin minderweardichheitskomplex mear, hwant hja ûnderfounen harsels net mear as resessyf foar oarmans dominanty oer. Mar nou't dy sosiale boppelaech dy't him yn syn Frysk praten trochsette kin, der net is, nou is der ek net in ynstansje dy't inkeld binnen de mienskip fan de Frysk-praters in algemien erkende noarm fan biskaefd Frysk taelgebrûk trochsette kin. Wy allegearre dy't Frysk prate, prate noch wer Frysk yn dialektysk forskaet, neffens elk syn gea en bertestreek. In Algemien Biskaefd Frysk bistiet dus net; men kin heechstens sizze dat der in bigjin is fan in sekere normalisearring fan biskaefd Frysk taelgebrûk neffens de tradysjes fan de skriuwtael, it saneamde Standertfrysk. Noch yn de horisontale sin fan suprematy oer de geaspraken of dialekten, noch yn de vertikale sin fan kritearium foar immens sosiale status mei dit lykwols Algemien Biskaefd Frysk hjitte. Der is yn dat Standertfrysk noch mar in bigjin fan normativiteit, inkeld hwat it vokabulair en de bitsjuttingsomfang en it tapassingsbirik fan de wurden oanbilanget, skraechwurk hwat de útspraek oanbilanget, en alhiel net hwat it aksint, dat middel ta sosiale distinksje by útstek oanbilanget. Der binne dus noch mar inkelde eleminten fan biskaefd Frysk taelgebrûk to sjen, en dy hawwe har noch net algemien trochsette kinnen. Ear't dy noarmen har trochset hawwe, hori- | |
| |
sontael en vertikael, sil der noch hiel hwat barre en hiel hwat foroarje moatte, en it liket my wierskynlik ta dat de greatste
swierrichheden net yn it horisontale flak lizze, mar yn it vertikale. As men my freegje soe in formule op to stellen foar it standertfrysk neffens it skema fan it ABN, dan soe ik it hâlde wolle op Elemintair Biskaefd Frysk, EBF.
By dit alles moatte wy bitinke, dat de ûnderskieding biskaefd - ûnbiskaefd net mear alhiel past by de sosiale ûntwikkeling fan ús tiid. Biskaving yn de bitsjutting sa't dy itige is yn de term ABN is hwat in âlderwetsk bigryp; der sit hwat fan in ûnderskieding fatsoen - ûnfatsoen yn, dy't yn ús tiid oan hiel oare tsjinstellingen oan it ljocht komt as de tsjinstelling stêd - plattelân, boarger - boer, hearen - folk, of hoe't men it earder ek seach. Hwa't op de hichte fan syn tiid is, sil der nou net licht mear ta komme de plattelanner en agrariër ûnbiskaefd to neamen krekt om syn boerskens; folle mear heart de plattelanner nou mei de biskaefde boppelaech yn de stêdden ta in sekere élite fan fatsoen en degelikheit, mar dan dochs sa, dat him binnen dizze élite de naïve rol fan de simpele siel taskikt wurdt. Dêrom giet it ek net oan, it Frysk, ek yn syn plattelânske forskining, foar it ABN oer ûnbiskaefd to neamen; dêrom de term elemintair biskaefd.
Gearfetting en konklúzje: Hwerom stiet de Fries der op, dat er in tael praet en net in dialekt, hwerom is er sa biseare as men dy tael dochs in dialekt neamt? Omdat er eigenlik hiel skoan wit, dat er yn sosiale sin in dialektprater is, mar tagelyk ûnbiwust de forplichting fielt, de taelgenéalogyske apartens en bisûnderens op to fieren ta kulturéle selsstannichheit. Dit is it nasionalistyske foaroardiel, dat latint yn it hiele folk libbet; as dat der yn it folk as gehiel net latint wie, hie it yn de bitreklik lytse phalanx fan de Biweging net manifest wurde kinnen, en ek dêr noch mar breklik en ûnfolslein, en dan bistie der ek gjin Fryske literatuer. De gemiddelde Fries fielt lykwols ek, dat er dy kulturéle pretinsje net wiermakket, en forskout dêrom syn oanspraken fan it sosiale flak nei it genéalogyske, - en dêrmei fan it kultureel-sinfolle nei it ûnfruchtbere. Sa bliuwt er hyltyd ûnder syn selsstelde noarm, fielt dat er him bleat stelt oan krityk en spot, projektearret de dêrút fuortkommende ûnbihaechlikheit nei bûten, fielt him fan de kritisi ûnrjochtfeardich bijegene, en forfalt sa ta in geastforminkend minderweardichheitskomplex. Wol er dat komplex oerwinne, dan moat er yn it alderearste plak de moed hawwe, de hjirboppe omskreaune stân fan saken ûnder eagen to sjen.
|
|