De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 96] [p. 96] Sjoerd Spanninga: Pastorale Yn 'e goede dagen fan de tútlampe hie men se noch de petearen by de doarpspomp en de ûnskuld wenne efter de miggedoar of seach skealik troch it finsterrút hoe't alles om en la gie by de moskeflap fan jannejap mar lit men nou in fanke troch de hannen gean hwer't fjûr yn sit moai wis men hâldt der brânplakken fan oer... alhoewol alhoewol sjocht men hoe't de sterke stagen fan alearen har ûntjoegen en de generaesje generearren my tinkt dan kin it hast net oars de lusten leine doe allikemin foisleine dea op bêd sa net doetiden wie de pastor noch in man fan kwizekwânsje yn 'e mienskip en sliepten der soms twa geloven op ien kjessen de tsjerke siet der as de divel tusken wol men ha dat steurde dan in tel de pastorale mar fierders né men koe jin réstich deljaen [pagina 97] [p. 97] yn 'e fearren en op it slimst brocht men in sangerige kop en moarnske mûle nei de preek of nei de kroech... Vorige Volgende