| |
| |
| |
Lolle Nauta:
Posthume eare oan J.J. Slauerhoff
Herman van den Bergh, Schip achter het boegbeeld. Utjefte L.J.C. Boucher, Den Haag, 1958. C.J. Kelk, Leven van Slauerhoff. Utjefte P.N. van Kampen, Amsterdam, 1959.
Nou't de nijsgjirrige útstalling Logboek van Slauerhoff, op tou set troch it Nederlands Letterkundig Museum en Documentatiecentrum, it lân troch west en troch bimiddeling fan Fryske Kultuerried en Frysk Letterkundich Museum ek yn 'e bertestêd fan de dichter yn tsien dagen sa'n tûzen bisikers lutsen hat, hwerûnder gâns jongerein, sil it sin hawwe en relevearje hjir in pear útjeften dy't de lêste jierren oer libben en wurk fan dizze ‘Rimbaud fan Ljouwert’ forskynd binne.
De twa boeken dy't hjirboppe oanjown steane, ûntrinne inoar hwat har thema en ek hwat har bidoeling oangiet. It boek fan Kelk giet, sa't de titel al seit, oer it libben fan Slauerhoff; de stúdzje fan Van den Bergh bihannelet syn wurk, it kritysk proaza derbûten. Gjinien fan beide skriuwers giet bûten syn boekje, as dat alteast by auteurs überhaupt mooglik is. Kelk bisprekt it wurk fan de dichter net, alhoewol't er to pas en to ûnpas syn ‘bewonderend mededogen’ - lykas hy it neamt - etalearret; Van den Bergh hâldt him tige hoeden oan de literaire dokuminten en lit de biografy fan de dichter, op inkelde oantsjuttings nei, meisin gewurde.
Hwat it doel fan beide Slauerhoff-spesialisten oanbilanget, Kelk hat, ûnder oaren op groun fan it troch Lekkerkerker diene ûndersyk en de eigen oantinkens, as earste de nou bikende feiten oarderje wollen en Slauerhoff's libben folslein biskriuwe; it drege essay fan Van den Bergh is in oanfal op de mythe, dy't Slauerhoff om himsels hinne weefd hat en dêr't er troch tiidgenoaten as Ter Braak, Du Perron en... Kelk yn fuortsterke waerd. Van den Bergh bout, bondel nei bondel analysearjend, in soarchfâldich requisitoir op; Kelk giet yn haedsaek de chronologyske wei lâns en eidet it libben fan Slauerhoff, sal it de biograef nou ienkear foeget, op papier jitris oer. Van den Bergh postuert as Slauerhoff syn rjochter en oanklager, Kelk as syn réynkarnearre ik. Om dit fierder út to wurkjen soe ik gâns Tsjerne-siden nedich wêze. Mar alhoewol't in wiidweidich essay Slauerhoff's beide paranimfen, dy't elk foar oar fan bitinken binne dat har visy in oar sines útslút,
| |
| |
J.J. SLAUERHOFF
as Ljouwerter jonge fan fjirtjin jier
| |
| |
pas rjocht dwaen soe, wol ik hjir dochs koart op yngean, om't oars dizze beide jin op in oardiel fergjende auteurs alhiel oan krapperein komme soene.
As ik de wize, hwerop Kelk oer de Ljouwerter dichter skriuwt mei in mannich wurden oantsjutte moat, dan komme de folgjende adverbia nei foaren: gol, sloarderich en nayf. Kelk hâldt en draecht him yn syn boek as in joviael gasthear; hy spilet de rol fan de man, dy't syn bisite it libben fan Slauerhoff foarset. Hy siket it dêrby net yn de sensaesje, dy't yn dat libben oars wol to finen is. Syn boek wurdt nearne echt spannend, mar de skriuwer forstiet de kunst om de lêzer syn materiael, krûdich tamakke en reedlik presintearre, op to tsjinjen. Kelk docht dat út in oprjocht gefoel fan freonskip wei, sûnder dat er dêrby alhiel ta it ûnkrityske forfalt. Hy draecht in heap feiten oan, in heap ynformaesjes fan wearde foar de literair-histoarikus en foaral ek foar de gewoane Slauerhoff-lêzer, tsjin hwa't er it winliken hat. Wichtich binne Kelk syn meidielingen oer gâns dingen: oer Slauerhoff's forloving, oer syn houlik mei Darja Collin, oer it medyske birop fan de dichter en b.g. ek oer syn forhâlding ta syn freonen, dy't har net allinne troch him oantrune lieten, mar harsels ek tsjin him biskermje moasten, soe it mei de freonskip fierders hwat bûterje. Dizze jovialiteit giet by Kelk lykop mei in eigenskip, dy't ik net oars as mei it wurd ‘sloarderich’ bineame kin. De idéën fan Kelk, immen dy't men as in minlik man oanmerke moat, wurde de lêzer gauris sá oanpresintearre, dat dy sels mar útfigelearje moat hwat nou einliks bidoeld wurdt. Kelk skriuwt in soarte fan iepenhertige praetstyl, dy't oan klearens faek alles to winskjen oerlit en bytiden forwurdt ta bittertafelgeëamel. Hokker kant moat men bygelyks út mei haedstiktitels as ‘zoekend naar de toppen’, ‘monsterend in de ruimte’ of ‘gevecht op leven en dood’? It binne wurden, dêr't de skriuwer in biskate
smaeklikheit yn lizze wollen hat, mar dêr't de gast, dy't net allinne it each sines jaen, mar ek graech hwat ite wol, in bytsje mei wurde kin. Hoe moat men oan mei in sin as dizze: ‘Reeds van het begin af aan wens ik er de aandacht op te vestigen, dat men alleen de felheid van zijn reacties, niet de reacties zelf, als typerend voor hem mag beschouwen’? Ik wit wol, Kelk winsket him yn it foar to distânsiearjen fan alle moralistyske en nearzige krityk op Slauerhoff, mar it liket my ta, dat syn dichter mei dit soarte forhearliking fan de yntensiteit as sadanich net stipelearre wurdt.
Bihalven út in omslachtige en ûnkleare wize fan formulearjen, docht Kelk syn rûgens ek noch bliken oan it feit, dat er gauris
| |
| |
itselde seit, ûnder oaren as it giet oer Slauerhoff's selsbiklach en syn forhâlding ta de frou. Sûnder de chronologyske roailine soe syn útiensetting as ik myn sin siz alhiel yn it ûnbisteklike forslein wêze en ek fierders moat ik fêststelle dat him in kleare visy op syn wurdste freon ûntbrekt. Hy brûkt faken formulearringen as: ‘Het opmerkelijkste van Slauerhoffs levenshouding is...’ of: ‘geheel zijn oeuvre betekent in wezen niets anders dan...’, om dêr dan de iene of oare idéalisearjende machtsspreuk op folgje to litten.
Sa kom ik op myn greatste biswier tsjin dit boek. Kelk idéalisearret op in naïve wize it dichterskip fan Slauerhoff. Dér hwer't dit libben ynteressant bigjint to wurden foar de ûndersiker, dy't - om mei Fokke Sierksma to praten - net allinne it hert waerm, mar ek de holle koel hâlde moat, stoppet Kelk it foar de lêzer wei, mei dizenige termen as ‘scheppingskracht’ en al soks. Syn boek set útein mei neikommende sin: ‘Het leven van een dichter grenst aan het onmogelijke’. Tsjin sokke sinnen, dy't op my in soarte fan ‘fortsjusteringseffekt’ hawwe en dêr't dit boek spitigernôch fan optilt, meitsje ik biswier. It libben fan in dichter, soe ik sa sizze, as it dan earne oan swette moat, grinzget yn it foarste plak oan syn buorman sines, lykas nammers dat fan elke steatsboarger. En byhwannear't it dan dochs oan it ûnmooglike grinzgje moat, dan heart men to presisearjen en klear oan to jaen hwat men bidoelt. As Kelk fan Slauerhoff biweart, dat hy in ‘losgeslagene’ wie, ‘niet uit eigen verlangen’, mar ‘gedwongen door zijn aard en door de tomeloze scheppingskracht in hem’, dan helderet sa'n formulearring, op mjitte snien foar al dyjingen dy't de kunstner sa graech sjogge as in heger soarte minske, neat mei neat op.
Dér komt foar it neist út fuort dat Kelk by einsluten neat wit to sizzen oer de eftergrounen fan Slauerhoffs romantyk, fan syn ‘Rimbaud-achtigheid’. Mei wurden as ‘Muze’ en ‘schepkingskracht’ hat men de hals sahwat, krekt as soe mei dizze termen ek mar hwát forklearre wêze.
Kelk docht earne to witten, dat Slauerhoff ûnhjirmlik it mier hie oan lju, dy't literatuer biskôgen as in hegere oangelegenheit, as in saek dy't inkeld to meitsjen hat mei de regionen boppe it mulruft. Op in oar plak skriuwt Kelk lykwols sûnder euvelmoed dizze sin: ‘Het valt hem (dat is Slauerhoff) uiterst moeilijk om dat Olympische, de wereld van de literatuur in zich te blijven cultiveren als het hoogste, terwijl hij zoveel ruwe, ontstellende ontmoetingen heeft met verzieking, vervuiling, vernedering en armoede van de medemens’. Ien fan twaën: óf literatuer hat foar Slauerhoff yndied in bisykjen ta
| |
| |
flecht út de wrâld west - en dan is der gjin reden om syn autentisiteit sa heech to setten as Kelk docht -, óf it skriuwen hat foar Slauerhoff wól in autentike saek west - mar dan is der gjin reden dit dichterskip mei Kelk to idéalisearjen en to ‘olympisearjen’. Byhwannear't beide eleminten by Slauerhoff meispylje, dan is der klearder visy nedich foar it skriuwen fan syn biografy as dêr't Kelk, dy't de freonskipsgefoelens nochal gauris baes lit, ta yn steat is.
Tsjin de Slauerhoff-mythe, dy't Kelk mei syn biografy yn stân hâldt, ja sels ynhuldiget, stelt Herman van den Bergh him to war yn syn in jier earder forskynd boek mei de moaije titel Schip achter het boegbeeld, in mei feardige hân skreaune stúdzje, dêr't Kelk yn syn biografy fan mient sizze to moatten dat it in ‘toppunt van misverstand’ is. Van den Bergh hâldt de lêzer oan ien wei foar, dat er inkeld en allinne literair-histoarysk to wurk giet en it libben fan Slauerhoff bûten biskôging litte wol. Dochs leau ik dat dit boek der net kommen wie, as Jan Slauerhoff by syn libben net in mythe oer himsels kultivearre hie en as syn tiidgenoaten net yn him leaud hiene as de romantyske swalker, de man dy't it nearne fine koe en it oeral socht. Fansels, dat auréoal stiet net los fan it wurk dat Slauerhoff skreaun hat, mar datselde wurk hat, rjochtoarsom, Van den Bergh oanfjurre ta de oanfal, om't de lju sa hillich leauden en noch leauwe oan it libben dat der efter stiet en dêr t it alle geduerigen hinnewiist. Yn dat stik - alhoewol hjiryn allinne - wurdt Van den Bergh sa to sizzen yn psychologyske sin ôffallich oan it bleat literaire bigjinsel dat er oanhinget. Sûnder it libben dat Slauerhoff yn de eagen fan syn tiidgenoaten rjochtfeardige, hie it wurk Van den Bergh net sa nitele as it dat nou dúdlikerwize docht. Dat ta in hichte jildt sadwaende foar de forhâlding fan Van den Bergh ta de Slauerhoff-mythe itselde as hwat nei Van den Bergh syn opfetting jildt foar de forhâlding fan Slauerhoff ta de boarger. Van den Bergh makket ûnwjerlizber dúdlik, dat Slauerhoff by einsluten jimmeroan ‘profitearre’ hat fan datjinge dat hy op in djipsten hate, to witten: ‘de cultuurloze kleinburgerlijkheid’. Neffens my soe men tagelyk oantoane kinne,
dat Van den Bergh by einsluten foardiel hellet út de mythe, dy't er op bleat literaire grounen seit to ûndermynjen.
De foarnaemste punten fan it requisitoir, dat de dichter fan De Boog hâldt tsjin syn neffens him mar raek skriuwende kollega, binne maklik gear to fetsjen, as men tominsten ôfsjocht fan gâns drege detailkrityk dy't yn Schip achter het boegbeeld
| |
| |
op it wurk fan Slauerhoff levere wurdt en dêr't ik hjir ûnmooglik op yngean kin. Slauerhoff, sa seit Van den Bergh, wie in to let kommende romantikus, immen dy't it eksotyske yn eare hâldde yn in tiid, dy't dizze kultus al lang as in to maklike ‘escape’ leard hie troch to sjen. Slauerhoff hat boppedat, nettsjinsteande it dichterlik temperamint dêr't er mei ta de Nederlânske letterkunde ynbrûsde, foar de poëzij yn syn tael gjin bitsjutting hawn. Ja, yn syn poëtysk wurk sels, hweryn't er him, slim oanhelle mei selsbiklach en narcisme, yn deselde thematyk fêstbiet, is likemin sprake fan ûntjowing; net allinne de thema's komme hieltyd wer, mar ek de har bigeliedende retoaryk, de leech-by-de-grounske superlativen en literaire sloarderichheden, dy't guodden sûnder rjocht en reden romantisearre hawwe. Dêr komt by, dat it wurk fan dizze man gjin inkeld idé útstrielet en dat er foar de mienskip, dy't yn syn tiid raesde om partisipaesje, troch syn steechhollich yndividualisme, neat to bitsjutten hawn hat. De skôging fan Van den Bergh is net frij fan in biskate twaslachtichheit, dy't bihalven yn de stiif trochlutsen skieding fan literatuer en libben, ek to fornimmen is op plakken, dêr't Van den Bergh syn oanfal ûnderbrekt om Slauerhoff to priizgjen en guon fersen oan to merken foar ‘meebehorend tot het beste’ dat yn dizze ieu yn it Nederlânsk produsearre is. Men freget jin ôf, hwat sokke útdrukkings as ‘het beste’, dy't tydlingswei weromkomme, bitsjutte kinne yn forbân mei fersen dy't blykber gjin boadskip en foar de ûntjowing fan de literatuer neat om 'e hakken hawwe. Van den Bergh lit syn mjitstêf blykber biside, as er Slauerhoff út en troch in mânske fear yn de oars al danich tohavene literaire broek stekt.
Sadwaende krije de kompliminten foar de man, dêr't fan sein wurdt dat ‘zijn eenmansheelal iedere betekenis verloren heeft’ (bls. 59), hwat plichtmjittichs oer har. It hat derfan dat Van den Bergh nou ek wer net de yndruk jaen wol, dat er foar de greatheit fan dit dichterskip of om my ‘dichterlik temperamint’ blyn wêze soe.
Fierders freegje ik my noch ôf, hoe't bygelyks de troch Van den Bergh biwûndere ‘desolaatheid’ yn biskate gedichten ea ûntstien wêze soe sûnder krekt dy romantyske eigenskippen fan Slauerhoff, dy't Van den Bergh sa fûleindich - alhoewol teffens weardich en ynbannich - op it harspit nimt.
Mar al sokke twaslachtichheden der bûten, haw ik dit boek parten heger as dat fan Kelk. It is better skreaun, as men tominsten oersljochtet de kunstige en opmakke toan, dêr't Van den Bergh faek yn praet en it útwrydsk tal frjemde wurden, dat er mei yntellektuéle weelderigens brûkt. De kundichheit,
| |
| |
dêr't syn boek mei skreaun waerd, is sûnder mis greater as dy fan Kelk. Fierders pjukt er neffens my mei rjocht en reden yn de Slauerhoff-mythe om en bilytset dy ta in bytsje mear as neat. Mar foaral wurdearje ik dit boek, omdat Van den Bergh Slauerhoff skerper yn it fisier hat, al hat er to min each foar it goed rjocht fan dit yndividualisme, dat de Ljouwerter dichter gauris oant yn it groteske oanhong, mar dat as men sjocht nei de ‘beatnik’ en de troch Van den Bergh oanpriizge Beckett, noch net bipaeld útstoarn is. Koartwei en dus iensidich gearfette: Kelk syn leafde foar Slauerhoff hat him foar in part blyn makke; Van den Bergh syn fijânskip makke him yn gâns dingen heldersjende.
Sa net, foar Slauerhoff's lêzers fan hjoed-de-dei, dy't net genôch hawwe oan it plaetsje-bisjen op syn útstalling of yn it oer him útjowne, typografysk prachtich forsoarge Schrijvers Prentenboek, sille de beide hjir bisprutsen wurken in gids wêze kinne, dy't harren oanset ta foarming fan in eigen selsstannich bigryp. It wurk fan dizze ‘fryske feint, mar mei formogens mear as Fryslân’, fan dizze man ‘frij ta frjemde gongen bûten sede en pliich’, sa't O. Postma seit, dat wurk is sa'n konfrontaesje noch altyd mear as wurdich.
|
|