De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 88]
| |
Marten Sikkema:
| |
[pagina 89]
| |
VI
Yn iensumheit kin 'k my sa lokkich tinke
dû bist my altyd altyd like nei
de nachten wurde klearder as de dei
en fol fan tekens dy't my boartlik winke.
De stilte sjongt fan dy de stjerren blinke
fan dy fan dy en alle skaed wurdt wei -
nou't ik dy altyd altyd leavje mei
bin 'k einlings wis: dit lok sil net forsinke.
Ik ken gjin dream dy't net troch dy bistiet
ik wit gjin melodij ik fyn gjin liet
of hja bisjonge dy en 't bliid forboun
en 't frjemd geheim dat ús yn 't herte leit.
Troch dy haw ik it eigen libben foun
en 't is as wie 't in snipel ivichheit.
|
|