De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 83]
| |
Sjoerd Leiker:
| |
[pagina 84]
| |
maetskiplike status is hwat dizich; dy sweeft blykber tusken bankier en bihearder fan de bank fan liening. Yn de genéalogy fan de Fryske Macett's treffe wy trije, wierskynlik fjouwer Caesar's dochters en ien Caesar's soan. De manlike neikommeling, Claudius Macett, kin likernôch yn 1590 berne wêze. It is bikend dat hy noch yn 1658 dwaende wie om syn rjochten to fordigenjen op syn liengoed yn Frinco en Salugia. It twadde bern wie Cathalina Caesars Macett; in faem, dy't op 7 july 1615 troude mei de boargemasterssoan Douwe Tymens Eisma, mientsman (d.w.s. riedslid) en stedsrintmaster fan Boalsert. It tredde bern is Jeroentje Caesars Macett, dy't troude mei Evert Jacobs. Ik ha hjir eefkes tocht: soe dit in broer west ha fan ús dichter Gysbert Japicx? Bikend is dat de dichter Gysbert twa broers hie, Pier en Willem, en in suster Janke. Fan in Evert is ús neat bikend, sei my de hear A. Holkema, dy't út it laech fan Gysbert Japicx is en dy't gâns ôfwit fan it Gysbertslachte. It fjirde bern is Tryntsje Caesars Macett, dy't troud wie mei de boargemaster Freerk Bothes. En it lêste bern út 'e rige, it fyfte, hat west Franske Caesars Macett, dy't op 17 maeije 1624 in houlik oangyng to Burgwert mei Matthias C. Walsweer. Dizze fammen en Claudius Caesarssoan hawwe kunde hawn oan en miskien as bern wol boarte mei de jonge Gysbert Japicx (1603-1666). Yn elts gefal binne de bern fan de Italiaen heulendal opnommen yn de Boalserter mienskip en neffens de houliken goed to plak kommen.
Wy geane eefkes werom nei Caesar Macett, Myn heit, sa hat Caesar de magistraet fan Boalsert optekenje litten yn de hypotheekboeken fan de stêd, wie Claudius Macett. Ik hie noch in broer, mei de namme Antonius, en in suster Francisca. Us heit wie frijhear fan Frinco en dat bitsjut dat wy, de bern, rjocht hawwe op in tredde part fan de hearlikheit. Fan Salugia wie heit ‘medeheer’, rjochthawwend op in tolfte diel. Dit lêste hâldt yn dat ik, Caesar Macett, oanspraek meitsje kin op in seisentritichste part fan Salugia. Dit is optekene yn in keapakte fan 1603. Yn deselde forklearring fan Caesar is sprake fan in breidsjefte foar suster Francisca. De magistraet hat it allegearre nofteren en saeklik op papier set. Heulendal dúdlik is de forklearring fan Caesar net. Om it fine fan 'e saek gewaer to wurden sil der in ûndersyk nedich wêze yn de archiven fan Turijn. | |
[pagina 85]
| |
It neifolgjende is in foarlopige, spekulative rékonstruksje. Ut de forklearring fan Caesar Macett wurdt dúdlik dat de famylje it ûnderling net iens wie. Dat is dan moai sêft sein. Der wie spul oer de rjochten op it forstruide bisit en de iene bisocht it de oare ôfhandich to meitsjen. It Macett's folk stie elkoar nei it libben en dat kin de reden west ha dat Caesar útnaeid is nei Fryslân, nei de Hansestêd Boalsert. Der binne twa famyljes Macett; de iene famylje hearsket yn Frinco en de oare yn it greate en machtige Salugia. De lytse Frinco-Macett's hienen in pear oanparten yn Salugia. De greate Salugia-Macett's wienen der op út om mei alle middels (moard en deaslach ynbigrepen) it lytse Frinco yn hannen to krijen. It wurdt noch yngewikkelder as men wit dat de Salugia-Macett's net allinne de Frinco-Macett's op 'e hûd sieten, mar dat hja ek wer ûnderinoar oan it striden wienen. Dêrfan tsjûget in meidieling út 1565. As wy oannimme dat Caesar sawntich jier wurden is, dan kin hy yn 1565 likernôch 13 jier west ha. Yn dat jier wienen de Salugianen, de trije bruorren Domenico, Ercole en Giulio Macett drok oan it heibeljen oer de rjochten op Frinco en Salugia. Giulio wint dizze slach en wit syn beide broers út it nêst to kringen. De forskoppelingen roppe de help yn fan de hartoch fan Mantua. Op groun fan in rjochterlike útspraek wurde hja hersteld yn har rjochten. De jonge Giulio fordwynt dan fan it toaniel. Neffens my is it net oannimlik dat dizze Giulio, lyk as mr. dr. J. Belonje mient, deselde is as Caesar Macett. De man hie gjin reden om in oare foarnamme oan to nimmen, tinkt my. Boppedat hat Caesar wol dúdlik makke dat hy in Frinco-mantsje wie. Giulio wie in Salugiaen. De opfolger fan Giulio is Ercole (of Hercule). Yn de Fryske stikken is sprake fan Hercule Machetti, ‘des voorschreven Caesarius Cusijn.’ Dus Caesar syn neef. Ut it Fryske materiael komt men oan 'e weet dat Caesar syn broer, Antonius, nei de dea fan de âlde heit, Claudius Macett, kastielhear wurden is yn Frinco en it bihear oer en it fruchtgebrûk kriget fan it bisit fan Caesar, dy't ôfreizget nei Fryslân en dêr trout mei Maaike Arents Lunsinga. As Antonius komt to forstjerren - miskien om hals brocht troch de famylje yn Salugia - docht Hercule Macett fan Salugia fuortendaliks in raem nei de Frinco-hearlikheit. Hy wurdt bihearder fan Frinco en it is him nou to dwaen om it heule spul. Caesar sil syn tredde-parts-rjocht ôfstean moatte. En dêrom, sa hat Caesar forklearre, stjûrde Hercule yn 1603 in fortrouwensman nei Boalsert. Dizze boadskipper, in Flaming, dy't Jescot neamd wurdt, hat opdracht om to ûnderhanneljen oer de | |
[pagina 86]
| |
forkeap fan it tredde-parts-rjocht op Frinco en de lytse oanparten yn Salugia. Jescot syn arguminten liigden der net om. Hercule, sa fortelde by oan ús Fryske Macett, is ‘een wreed ende militair persoen’ en hy stiet tige goed oanskreaun by de hartoch fan Savoye. As jo jou rjochten net forkeapje wolle dan moatte jo der mar op rekkenje, sei Jescot tsjin Caesar, dat Hercule jo oankleije sil by de hartoch, omdat jo by de ‘ketters’ wenje en dat hy freegje sil om konfiskaesje fan jou liengoed. Jescot bringt noch in oare reden by. Antonius, de krekt forstoarne broer fan Caesar, hat skulden makke en by hat de breidsjefte fan suster Francisca net hitelle. Caesar mei fansels syn rjochten hâlde, mar dan sil der jild op it kleed komme moatte. De skulden moatte ôflost wurde. As jo ôfstân dogge fan jou rjochten dan krije jo noch hwat jild ta. Caesar hat bisletten ta it lêste. Yn 1603 set hy syn hantekening ûnder de keapakte. Hercule hat it spul woun. Mar noch gjin moanne letter soe de hear Viberti yn Boalsert west ha om Caesar to fortellen dat Hercule alles liigd hie. Hwa wie Viberti? It hat de man west fan suster Francisca, dy't ek al forstoarn wie. Formoarde miskien. De Boalserter magistraet hat dizze ‘Borgia-histoarje’ kreas op papier set. As by ta is oan it forhael fan de keapakte, dan notearret hy dat der ‘onbehoorlicke en ongewoonlicke clausulen’ yn stien hawwe. De saek komt yn Fryslân wol hwat let foar de hearen. De keapakte is fan 1603. Pas yn 1613 komt Caesar by de magistraet om de saek út 'e doeken to dwaen. Doarst er net earder? Hat er bang west foar in moardner út it lân fan Hercule; of hat hy doe miskien noch in kâns sjoen op rjochtsherstel? It lêste koe wolris wier wêze. Neef Hercule hie doe nammentlik, yn 1613, him steld oan 'e kant fan Spaenske troepen, dy't ta Itaelje yn foelen. Hy wie om dy reden út 'e gunst rekke by de hartoch fan Savoye. Yn 1620 binne de Spaensken út Itaelje fordreaun. De frede wurdt tekene en by dy gelegenheit kriget Salugia de status fan graefskip. De nije hear is Paolo Battista Maceet. De aksje fan Caesar, sa docht dan bliken, hat neat opsmiten. Caesar is dan in âld man, wurch en to'n ein. Yn 1622 wurdt dizze hear-sûnder-lân biïerdige yn 'e Martinitsjerke to Boalsert. De bern litte op syn stien beitelje dat hy frijhear wie fan Frinco en meihear fan Salugia. It forhael is hjirmei lykwols net oan 'e ein. Sawn jier letter, yn 1629, stelt Claudius Caesarssoan Macett prikken yn it wurk om de forspile rjochten wer yn hannen to krijen. Yn 1658 - de soan is dan ek in âld man - wurdt forset oantekene tsjin de | |
[pagina 87]
| |
opfetting fan ‘de Heiligen Roomschen Rijks Procureur Fiscaal D. Vitus Sartorius à Schuanefeldt.’ De Procureur Fiscaal fan de Keizer hat nammentlik planút sein dat Claudius Macett in fantast is en dat hy ‘selfs die dingen uyt sijnen finger gesogen hadde ofte misschien anderen afgestorvenen ontrooft ende hem voor soodanigen eenen vertoont hadde hoedanige hij in der daet niet en was.’ Claudius hat dus in birop dien op de Keizer en de Keizer syn wurdfierder hat him fan de saek ôfmakke. Hoe moat ik nou fierder? sa sil Claudius frege hawwe. Hoe moat ik myn identiteit biwize? ‘Hij derhalve’, sa skriuwt de Boalserter magistraet, ‘willende den H. Fiscaal afsnijden den draet heeft zich geadresseert aan ons.’ De magistraet fan Boalsert jowt bifestiging fan de identiteit fan Macett yn in brief oan de ‘Keizerlijke Majesteit’, ‘opdat niet de waerheijt en de rechten des versoekers onderdrukt blijven’, ensafh. Neffens in oantekening yn in âlde genéalogy is Claudius mei ôfskriften fan dizze papieren ôfreizge nei Itaelje. Hy siket de famylje op yn Salugia en dy famylje is o sa wiis mei him. Hy wurdt goed ûnthelle. It lêste birjocht oer him is dat hy forstoar nei it iten fan in forgiftich pasteike.
It is nou in jier of tsien lyn dat ik dizze skiednis optekene ha. Der is earder oer skreaun troch mr. dr. J. Belonje. En troch dr. B.K.S. Dykstra, dy't ik faek met ha by de Grinzer kunstskilder George Martens. Dykstra, in Fries fan komôf, is fan bitinken dat hy bisibbe is oan de Macett's. Hy hat bisocht om op groun fan in dreech genéalogysk ûndersyk it folk, dat tusken him en Caesar leit, op 'e list to krijen. My gyng it om it forhael. Oertsjûgjend wie foar my net de list, mar wol de kop fan Ben (Dykstra). Syn uterlik is dat fan in Italiaen, fan Caesar Macett sels. |
|