De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] [Nummer 3] Tjitte Piebenga: De leafste foar annigje it brede wensté dyn eagen alderheljen as apels dyn lippen ek oan de earen rûzet de nacht myn brûnzen leafste hark: as skulpen dit wite núnderjen it skoander wachtsjen igge fan langst as mimerjen it blanke lizzen sjoch - as titelroazen en like ier ûntknoppestû hiel stadich ripet it en hoeden it oanbigjin waerm wikselkleed fan togearre en lân efter it hymjen leafste it wite snijen nou alwer it earste [pagina 82] [p. 82] Hjerstich hus de keamers mei muzyk bin sletten it paed it koperen waechst ticht hjerst leit yn de finsterbanken de tún klaeit har stadich út hoe read wie doe har rôk oan de ruten wachtet de nachtfroast de fiver birint stienkâlde trep sûnder loper spegel dy't der net hinget de efterdoar sliept yn 'e skoattels hjerst rint tige wurch oer it reach stadich dript de goate Vorige Volgende