1933 in pylder fan Hitler syn ryk (minister fan justysje, as 't my net mist). Janning en syn maten, dy't safolle ûnskuldigen en warleazen oan de boal oerlevere hawwe, steane nou sels foar har rjochters en it rekwisitoir fan de iepenbiere oanklager, kolonel Ted Lawson, is forneatigjend. Syn tsjinspylder is de bitûfte Dútske advokaet Hans Rolfe, dy't forheftich foar syn kliënten pleitet. It is in duel, dat de taskôgers trije en in heal ûre lang yn greate spanning hâldt. Rolfe syn pleit komt hjir op del: in rjochter moat him oan de wet hâlde, ek as dy him net sinniget. Dizze mannen hiene har weromlûke kinnen, mar hja biskôgen Hitler syn biwâld as in foarbygeande krupsje en hja bleauwen yn tsjinst fan har folk, om to rêdden hwat der to rêdden wie. Lawson lit dan in ôfgryslike dokumintaire fan de konsintraesjekampen sjen.
Dit wisten myn kliënten net, dit wist it Dútske folk net, dit wist allinne in lytse rounte fan nazi-misdiedigers, ropt Rolfe.
Mar dan giet er fan de kaert, hwant Janning riist oerein (ien fan de hichtepunten fan de film) en freget it wurd foar in forklearring. Hwat myn advokaet hjir biweart, is dwylsin, seit er. Ik wist hwat dêr to rêdden wie, ik wist it foar 1933 al, mar ik ha mysels forkocht en it rjocht forret oan de moardners en bin dêrmei skuldich oan de greatste misdied. It Dútske folk wist it en ek de forachtlike dogeneaten hjir nêst my, dy't aensen har ‘nicht schuldig’ útskrieme sille, wisten hwat hja diene.
Rjochter Haywood (de forneamde Spencer Tracy), dy't it proses earlik en objektyf liedt, foroardielet de biklagen ta libbenslang.
Men kin jin ôffreegje, oft dit âld sear jitris ophelle wurde moast yn in tiid, dat Dútsklân favoryt fan it Westen is. Stanley Kramer mient fan al, om't in frije wrâld, dy't dit helske skandael forjitte soe, faei is. Der komt nammers hwat by, dat in biskiedend elemint is yn dizze oangripende film: Ted Lawson en rjochter Haywood wurde beide ûnder sterke druk set troch in Amerikaenske generael en in senator. Der is ntl. hwat bard: in kommunistyske steatsgreep yn Tsjecho-Slowakije en Stalin syn isolearring fan West-Berlyn. Tink der om, sizze de militair en de politikus, hwat jimme dogge, wy moatte ús net ympopulair meitsje by it Dútske folk, dat wy nedich hawwe tsjin de Russen. Lawson bringt de generael, dy't him oerhelje wol, ta swijen mei de fraech: hwer hawwe wy fiif jier lang om striden? En as de fordigener nei de útspraek yn in persoanlik petear mei Haywood seit: mei fiif jier binne hja allegear wer frij, antwurdet de grize rjochter: Jo binne in skerpsinnich man en hwat jo sizze, is faeks politike logika, mar ik kaem hjir om út namme fan de minsklike biskaving rjocht to sprekken.
De aktuéle politike bitsjutting fan dizze film is, dat de rjochters harren net lykskeakelje litte troch de âlde leuze: mit Deutschland für Europa!
By in resinte enquête yn Amerika wie 67% fan de ûnderfrege persoanen foar in eventuéle atoomoarloch om Berlyn. Der binne ek noch oare Amerikanen en Stanley Kramer is ien fan harren. De Europeeske première fan syn film, dy't sûnder mis in protest is tsjin de politike hypnotiseurs en de baltende keppels, gyng ek yn Berlyn. Hy hat in ploech bikende akteurs útsocht, dy't treflik spylje: Spencer Tracy, Burt Lancaster (as Janning), Richard Widmark (oanklager), Maximilian Shell (fordigener) en Marlene Dietrich.
INNE DE JONG