kommen fan dit Tsjerne-nûmer dy kulturéle nota publisearre wurdt. Yn alle gefallen sil de konklúzje, dêr't ik ta komme moat by it skôgjen fan it Fryske toaniel yn de lêste moannen fan 1961 der gjin ynfloed mear op hawwe; it soe allinne wêze kinne dat der noch in suggestie oan ien of oar net al to goed oriëntearre steatelid yn sit. Yn alle biskiedenheit moat ik lykwols oannimme dat er oan de kulturéle nota sels mear byt hawwe sil.
Dòchs wol ik myn foar de hân lizzende konklûzje neame, al soe it allinne mar foar Tsjerne-dokumintaesje wêze. Dy konklúzje is, dat oan it bigjin fan it jier 1962 wol fêst stiet, dat it tal Fryske toanielskriuwers op dit stuit net heger komt as twa of trije en dat it der net folle op liket, dat wy noch wichtige dingen fan har forwachtsje meije. De iennige kâns om de Fryske toanielspylsters en -spilers, dy't der noch gâns binne en dy't har oer it peil fan spyljen oer it generael net skamje hoege, in kar út frysktalige stikken fan dizze tiid to jaen is it stimulearjen fan it skriuwen fan Fryske toanielstikken. De Fryske Kultuerried hat it ynisiatyf nommen ta in kursus foar toaniel- en harkspulskriuwen; dat is tige, mar der binne op de wrâld gâns greate toanielskriuwers, dy't it sûnder sa'n kursus rêdden hawwe.
Ek de priisfragen foar toanielstikken, lyk as dy oant nou ta û.o, troch it IFAT hâlden binne, sjoch ik net folle yn. De prizen, dy't biskikber binne, bliuwe fier ûnder de mjitte; dat is net de skuld fan dyjingen, dy't de priisfragen ûtskriuwe, mar it is àl sa dat as der gjin middels binne om hegere prizen to jaen, it útskriuwen fan sokke priisfragen better net barre kin. Dat hat de ûnderfining ek wol leard, liket my ta.
Der moat rekken mei hâlden wurde, dat de Fryske toanielskriuwer, likegoed as syn oars-talige konfraters, foar syn wurk leanne wurde wol. As er yn Fryslân op dit stuit dy eask sjitte lit, dan fortsjinnet er minder as in bakkersfeint of in opperman. De iennige mooglikheit is dan dat er syn toanielstikken yn forlerne ûren skriuwt. Dy mooglikheit kenne wy hjir tige goed út de praktyk. Wy hawwe oan de iene kant de echte fordivedaesje-skriuwers, dy't ûnbitsjuttend wurk leverje, en oan de oare kant in great manko oan skriuwers, dy't foar stikken op in forantwurde nivo soargje.
Der is ien oplossing: it jaen fan opdrachten. It is op it stuit noch net bikend oft de kulturéle nota de Provinsiale Steaten op it jaen fan literaire opdrachten - ek op toanielgebiet - oanstean sil. Mocht soks sa wêze en mochten de Steaten der foar fiele, dan meije wy hoopje dat oan Fryske skriuwers, dy't oant nou ta yn it toaniel net folle heil seagen, opdrachten jown wurde kinne foar it skriuwen fan stikken en dat de forgoedingen dêrfoar it harren mooglik meitsje sille om har foar it útfieren fan sa'n opdracht folslein frij to meitsjen. Dy forgoedingen meije by dy foar oars-talich toanielwurk binammen net safolle ôfstekke as byg. it bidrach foar de Gysbert Japikspriis by dat foar literaire prizen yn oare taelgebieten.
It is ek noch net bikend oft der finânsiéle mooglikheden skepen wurde kinne foar in frysktalich biropstoaniel. It liket my ta, dat soks yn de hjoeddeiske situaesje in noch tò greate stap wêze soe. Mar der mei àl mear stipe frege wurde foar it manmoedich krewearjen fan it lytse tal frysktalige semi-biropsselskipkes. Dy selskipkes hawwe harsels foarme; hja moatte it hawwe fan toanielkrêften dy't foar fiersto lege forgoedingen stêd en lân bireizgje. Dat it peil fan