Krityk yn it koart:
Biwiis fan kreativiteit
Lustrumboek 1960. Utjefte fan de Federaesje fan Fryske Studinteforienings. Printe by A.J. Osinga n.v. to Boalsert.
Yn 1959 bisleat de Studintefederaesje om in jierrenlange tradysje to forbrekken en fan doe ôf oan jierliks gjin Frysk Studinte Almenak mear út to jaen, Wy hawwe doe yn De Tsjerne net ûnder stuollen en banken stutsen hoe'n ôffaller dat foar ús wie, al hiene wy bigryp foar it feit dat hjir blykber in spikerhurde stienwâl it studinteskip kearde. Nammersto wizer kin men der mei wêze dat de Federaesje op har krystkongres 1959 in tuskenoplossing foun, fan it ienkear forskynde Almenak-nûmer fan har orgaen Fryslân Oerein! ôfstapte en to riede waerd om by elk Federaesjelustrum mei in rojael almenak to kommen. It earste nûmer fan dy nije periodyk hawwe hja Lustrumboek 1960 neamd en it leit al in skoft op in koart bisprek to wachtsjen.
Foar de uterlike forskining fan dit sammelwurk kin men net oars as wurdearring hawwe. It Wageninger Selskip dat de soarch foar dizze útjefte op him naem, hat op typografyske en yllustrative forsoarging goed flyt dien. Sûnder yn it útwrydske en wyldseauwige to forfallen, hat de redaksje N.V. Osinga in boek meitsje litten dat as printwurk oer alle boegen styl hat.
En hoe stiet it mei dy styl hwat de ynhâld oangiet? Fansels ynteressearje jin as bûtensteander it meast de ôfdielingen Skinsjefte en Skôgings. Hja foarmje de middenmoat fan it boek en bislagge togearre sa'n oardelhûndert pagina's. It oare part wurdt yn bislach nommen troch forslaggen, adreslisten en stikels, de lêsten uteraerd wol tige foar yntern gebrûk ornearre.
De ôfdieling Skinsjefte, in archaïstyske sammelnamme foar de ‘literaire’ almenakbydragen dy't al sûnt de jierren '30 yn gebrûk is, jowt poëzij en proaza yn wol tige Bûnt forskaet. Sawol it earnstich bidoelde as it kolderikp genre is fortsjintwurdige, sawol it poëtysk eksperimint as it mear yn tradisionéle trant skreaune fers komt men tsjin. Studint-dichters dy't der yn ien fan dy beide kategoryen útkippe binne hjir lykwols amper to finen. Sûnder mis sil it (noch) net foldwaende bihearskjen fan it medium, de tael, hjir in opkearende faktor wêze. Hwant as by tiid en stuit de dichterlike oandriuw, de gefoelslading sterkernôch liket to wêzen om in draechlik fers fuort to bringen, smyt in breklike taelhantearring op bittere wize ruot yn 't iten. Mar hwa sil dêr de studearjende jongerein langer al to hurd oer falle? Hja moatte ommers fan ditoangeande harsels sjen to rêdden sûnder stipe fan in breed grounlizzend taelûnderwiis en foar in great part tarre op hwat âldershûs, strjitte, omgong en tafallige lektuer har foarhinne oandroegen hawwe!
It hjir en dêr slim ûngeve taelgebrûk derbûten, lykje hjir noch it bêste slagge to wêzen in pear fragminten fan forheljend proaza fan... de dichter Jelle de Jong. Ek wurdt men nijsgjirrich nei de dichter fan in anonym fers op bls. 61, dat bigjint mei de rigel ‘bist tein troch de neare poarte fan 'e nacht’ en dat sjen lit hoe't poëtyske spanning èn bihearsking in fers meitsje, mar ek brekke kinne. Mei eare mei hjir neamd wurde de tige lêsbere, metryske oersetting fan