De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 72]
| |
A. Jousma;Us haldt in ban bitize...
Us hâldt in ban bitize
en nimmen dy't him brekt.
Der reauntet fier in wize,
der is in lûd, dat sprekt:
mar rounom is de dize.
Neat bliuwt ús hjir bihâlden:
hwat komt, gliidt foart nei doe
oer 't wife skerm, it kâlde,
fan nou. En nimmen koe
it nije oars as 't âlde.
In inkle gleone flamme
skuort troch it dampgerdyn,
skriuwt der in inkle namme
mei fjurge tekens yn:
wy stoarje as forlamme.
Us hjoed is moarn in juster,
ús nou hat gjin bistân.
Wy reitsje ússelme bjuster
yn dit forlerne lân
en taeste troch it tsjuster.
Mar 't reauntsjen fan dy wize,
it noegjend lûd, dat spriek,
de namme, dy't de dize
mei wjerljochtslach forbriek:
hja riuwe moarn oan juster,
doe't ús har lok jen rôp.
En hjoed, de wegen bjuster,
jow' wy de moed net op:
Wy harkje nei de rop,
wy digerje yn it tsjuster.
| |
[pagina 73]
| |
Ketterske bilidenis
Gjin dei stiet my foar,
dat ik Dy net bitocht;
en ik gie troch gjin doar,
as ik Dy der net socht.
Hwant út Dy is de tiid
en de romte is út Dy
en dy meitsje my bliid
en forbjusterje my.
Gjin nacht haw ik hawn,
dat Dyn ryk my net rôp
en dyn tideleas lân
naem my longerjend op.
Hwant ik wit my in bern
fan Dyn tideleasheit
en ik fiel my forlern,
oft in ban oer my leit.
Gjin namme hast Dû,
dy't ik wierliken ken.
En lyk nimmen net, koe
ik Dyn hearlikheit sjen.
Fan forskuord parkemint
komt Dyn boadskip ta ús
en wy hawwe Dy kend
earne fier - by Dy thús.
Gjin aen: bistû ien,
bistû foilen? Of is 't
- ha 'k Dyn wêzen forstien -
datst dy beide bist?
Sûnder romte gjin tiid,
sûnder tiid gjin getal,
sûnder tallen gjin striid,
sûnder striden gjin fal.
Gjin aen fan Dyn steat
en gjin namme foar Dy.
En dochs jowt it my neat:
ik kom nea fan Dy frij.
Dyn fjûr barnt myn hert
en de reek stiicht la Dy
| |
[pagina 74]
| |
as in bea: Lit my net,
lit my nea net mear frij!
Gjinien, hast gjinien
dy't Dy ken as syn hear:
hja neame net Ien
en hja neame net Mear.
Myn lûd is sa swak:
jow my moed, dat ik Dy
fan dit flokbere plak
yn oanbidding bilij.
Gjin MajaGa naar voetnoot1) hâldt stân
foar dy't siket nei Dy.
En gjin krêft brekt de bân
tusken 't heimnis en my.
Troch it flues fan de tsjoen
stiicht myn bea op ta Dy:
Ha Dyn eagen my sjoen,
lit my nea, nea mear frij!
|
|