persoanliker, hwat minder sljocht hawwe wollen. Hja jowe hwat nedich is foar it stik, mar leare ús de persoanen net foldwaende yndividueel kennen.
Foar twa wol ik hjir jerne in útsûndering meitsje: foar Joab en foar Michal. Joab, de stafchef fan David, is de man dy't yn feite de politike gong laet, dy't foar Rispa de minsklike man is, en foar David de spikerhurde politikus, de kweade ingel fan in yn wêzen swakmoedige kening. In goede hael yn it stik is hjir syn regy by it bisyk fan Michal oan David; hy lit, wylst hja by de kening is, de boeren komme om to kleijen oer honger en droechte, en driuwt sa David yn it nau.
Michal fortsjinwurdiget hjir it minsklik illemint, men soe sizze kinne de stim fan 'e tokomst, dy't redeleas pleitet foar it libben en de kening yn fûle wurden syn leffens en wredens forwyt. Hja is yn oanliz de greate figuer, dy't Rispa wurde moatten hie, mar net wurden is. It wurdt sels foar dy tiid net oannimlik makke, hoe't guon Jonges út it Saulslaech foar de razzia bisykje ûnder to daken, mar hoe't Rispa har jonges nei it hol fan 'e liuw stjûrt. Net út ûnreedlik fortrouwen yn 'e kening, hwant as hja geane seit Rispa: ‘Wy moatte it op syn birin litte. Miskien hat it wier sa wêze moatten.’
Soe it sa ûnhistoarysk west hawwe, ien sûnder reserve troch de bannen fan 'e adat hinnebrekke to litten en to profetearjen tsjin 'e bloedwraek? God hat dochs yn alle tiden syn rebellen yn foarried hawn.
It stik hie der histoarysk net minder om wurden, men hie romte hawn foar in rol fol ekspresje, en it perspektivysk útsjoch foar de lêzer hie mear mooglikheit krige. It religieuze protest fan de profeet, dy't de foarst forwyt dat er Jahve yn 'e mûle leit hwat inkeld syn eigen eangst en machtsdriuw is, hie hjir tige op syn plak west. Michal wie goed, mar troch har relaesje mei Saul in minder lokkige figuer; de skriuwers soene in skoan ding dien hawwe as hja de treflike Joab in better tsjinspylder of tsjinspylster jown hiene.
De bidoeling fan it stik is, om sjen to litten hoe't troch de memmeleafde fan Rispa de morael yn safier posityf opskout, dat tonei de liken fan 'e slachtoffers (dy't der likegoed wêze sille) net mear ta ies fan 'e fûgels hoege hingjen to bliuwen, mar in grêf krije sille. Dat is foar de moderne taskôger, ek al tinkt er faeks effen oan 'e hollânske skrinkels op it Reaklif, dochs krekt tomin fan it goede. Hy sit kokhalzjend konstatearje dat dit dochs ek wol it minste wie hwat men dwaen koe, en de melodramatyske en schizofrene ûntskuldiging fan de minske David foar it misdriuw fan de kening David sit him