| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
It dialekt, de lange teannen en it minderweardichheitskomplex
II
Hwat is der dus op tsjin om it Frysk in dialekt to neamen? Yn taelgenealogyske sin is der neat op tsjin; al dy boppeneamde taelfoarmen binne dialekten, fan forskillende generaesjes en dêrom op in forskillende genealogyske trep, dialekten fan de earste oant fyfte of sechte oarder, mar likegoed yn deselde deskriptive sin allegearre dialekten. Hja binne ek allegearre tael. Dochs wolle wy Friezen úthâlde dat it Frysk in tael is en net in dialekt, dus dat it mooglik is yn de forskate dialekten, lykas boppe oantsjut is, noch niveauforskelen oan to jaen. Dat kinne dus gjin deskriptive forskelen fan sibskipsgraed wêze, it moatte òf materiâle òf funksionéle forskelen wêze, lizzende òf yn de ynhâld fan de tael, yn syn grammatikale struktuer, wurdfoarrie ensfh., òf yn de tapassing en it gebrûk fan de tael, resp. it dialekt. Men soe jin in definysje fan dit forskeel tinke kinne yn dy sin, dat twa forskillende grammatikael-idiomatyske systemen (sjoch boppe) dàn neist elkoar stean yn forhâlding fan dialekt ta dialekt, as de sprekkers fan it iene systeem de sprekkers fan it oare systeem forstean kinne, en dat twa fan sokke systemen dan neist elkoar stean yn forhâlding fan tael ta tael, as de sprekkers fan it iene systeem de sprekkers fan it oare systeem net forstean kinne. Dit is tominsten in definysje; it is in willekeurige definysje, mar it is ien, en as men har brûke wol, moat men jin der oan hâlde. Der is wer in sekere analogy mei de biology: it rint parallel oan it forskeel tusken soart (species) en ras (varieteit). Twa dieren of planten meije noch sokke greate forskelen fortoane, as hja har togearre fuortplantsje kinne en de ‘offspring’ sels ek wer fruchtber is, dan hearre hja ta itselde soarte en stelle hja foar inoar oer inkeld forskate variéteiten foar. Men soe sa op it each sizze dat der greater
foskeel is tusken in St. Bernardhoun en in dwerchpincher as tusken in hynder en in ezel, mar de krusingsproeven jowe de trochslach.
Op dizze manier is dus de definysje fan in ynhâldsforskeel fan de bigripen tael en dialekt foar inoar oer útfierber. Mar is de definysje ek tapasber op konkrete gefallen? En twadde frage: dekt dizze definysje de gefoelsnuance dy't by ús as folk en as leden fan ús folk mobilisearre wurdt as men ús op de sturt trapet mei de biwearing dat it Frysk in dialekt is? Hwat
| |
| |
dat lêste oanbilanget, hawwe wy hjir alteast hwàt yn hannen. Hwant it giet ús der om, ús taelselsstannichheit foar it Nederlânsk oer to hanthavenjen. Dêrmei strykt dus de algemiene struktuer fan de boppebisochte definysje, dy't tael en dialekt net bipaelt as selsstannige greatheden, mar it hjirbidoelde forskeel as sadanich definiearret as it op in forskate manier ta inoar yn relaesje stean fan twa ôfsûnderlike ienheden. Sûnder spesiale stúdzje is it foar in Nederlander net mooglik om Frysk to forstean; hy kin it wol forstean, mar dan moat er it earst leare. Wy sjogge hjir lykwols daelk, hoe bitreklik dy forgeliking mei soart en ras yn it biologyske is. Men kin in hynst fan alles leare, yn of bûten it sirkus, mar fruchtbere fôllen to tyljen mei in ezelmerje kin men him net leare. Mar hat dizze definysje ek wer net bipaelde gefolgen, dy't de op de sturt trape Fries perfoarst net foar syn rekken nimme wol? In Hollander kin in Fries net forstean, tajown, in Fries en in Limburger kinne inoar ek net forstean. Mar in Hollander en in Limburger, in Grinzer en in Limburger, in Drint en in Brabander kinne inoar ek net forstean, as elk syn echte folkstael praet, en net in troch it algemien-biskaefd Nederlânsk biynfloede fortinning fan it eigen dialekt. Dat soene dan neffens de boppesteande definysjes allegearre forskate talen wurde, en dat is perfoarst net de bidoeling fan ús op de sturt trape Fries, dy't yn syn eigen tael dochs perfoarst in bysûnder gefal sjen wol, hwat eigens dat de (oare, Nederlânske) dialekten net hawwe. De op de sturt trape Fries wol hwat bysûnders wêze, hy wol in sekere distinksje; dy distinksje soe er wer kwytreitsje as syn tael krekt yn dit opsicht op ien line stie mei de Nederlânske dialekten.
Mei it boppesteande binne wy nou wol kommen ta in forheldering fan it bigryp oer tastannen en forhâldingen op it gebiet fan tael en dialekt, mar wy hawwe noch nea net in kritearium yn hannen, hwermei wy yn ús gefal ‘einwandfrei’ útmeitsje kinne, oft it Frysk al of net in tael, net of al in dialekt is. It sil goed wêze noch in oar gesichtspunt yn it fjild to bringen.
Dat is it gebrûk fan it wurd tael yn de pregnante bitsjutting fan kultuertael. Oer kultuerdialekten wurdt net praet; foar de kultuertael oer hat dialekt de bitsjutting fan inkeld sprektael. Hjirmei sitte wy yn elts gefal tichter by de oarspronklike bitsjutting fan it Grykske wurd. Der binne forskate Nederlânske dialekten, omdat yn forskate provinsjes en geaën de folkstael wer hwat oars is. Ticht by inoar wenjende bifolkingsgroepen (stammen) kinne inoar troch de bank noch aerdich goed
| |
| |
forstean; lizze hja fierder fan inoar ôf, dan forstean hja inoar mar min, of net. De bigrinzingen fan sokke dialektgebieten binne faek skerp, soms ek net; op de grinsgebieten binne altyd lju dy't sûnder dat hja der spesiael stúdzje fan makke hawwe, it dialekt fan de oare kant de grins maklik forstean kinne, omdat hja fan jongs ôf oan yn de twatalige (twadialektige) situaesje opgroeid binne. Yn Noardfryslân binne sels tige nei oan inoar grinzgjende groepen dy't inoars dialekt net forstean kinne, en om mei inoar to praten heechdútsk of platdútsk brûke moatte.
It is mooglik fan elk fan dizze, siz Nederlânske dialekten, in biskriuwing to jaen en har foar inoar oer yn har eigenaerdichheden to typearjen. Elk hat hwat aparts, yn dy apartens sitte faek wetmjittichheden of sels systeem, method in the madness. It is faeks ek mooglik foar al dy wetmjittige apartheden in formulearring to jaen; bg. it iene dialekt is grien, it oare pears, en sa alle mooglike kleuren. Dochs hawwe al dizze dialekten ek wer hwat mienskipliks. Hja binne allegearre bysûnder ryk oan wurden foar konkrete materiéle dingen, foar dy dingen der't de minsken dy't sa'n dialekt sprekke al den dei mei omgean. Dit jildt foar alle dialekten sahwat op de selde manier yn har forhâlding en tsjinstelling ta it Algemien Biskaefd Nederlânsk, it forneamde en romrofte ABN. Dit komt, omdat elke tael, elk dialekt, de resultante is fan it praten fan de minsken dy't it sprekke. It lokale dialekt wurdt oeral allinnich praet troch de ienfâldige bifolkingslagen, hantwurkers, arbeiders, boeren, skippers, fiskers, mei har húshâldingen. Komt men der boppe út, wurdt men master, amtner, klerk of hwat dan ek, dan lit men it dialekt falle en nimt men it ABN oer. Of leaver men tendearret nei it ABN, ek as men net mei opsetsin it dialekt bisiket ôf to lizzen.
Hwerom? Frjemdsin, moadesucht, struggle for high life? Soms, foar in part, mar net alhiel, faeks net yn haedsaek. Fakentiden kinne dy minsken net oars, en moatte hja wol sa. Trochdat hja yn oar wurk en oare libbensstyl en oare bilangstellingssfear to rjochte komme, krije hja forlet fan in oare wurdfoarrie. In Brabantske boeresoan, dy't op it kantoar fan Philips to arbeidzjen komt, hat neat oan de kennis fan al dy forskate oantsjuttingen fan de libbensperioaden fan in kou, al dy forskate nammen fan it boerereau, al dy forskate bititelingen fan bou-, greid- en haeilân; hy moat syn tinzen oer hiel oare, abstrakte dingen gean litte en makket tonei boekhâldtechnyske, bidriuwsekonomyske en sa stadichwei ek psychologyske ûnderskiedingen, der't syn heit en mem neat mei to
| |
| |
meitsjen hiene en dus ek gjin wurden foar wisten. Hoe komt dizze jongeman oan dy wurden, dy't er ta syn deistich bistean nedich hat? Dy wurde him op it bidriuw pasklear oanbean, yn it ABN. Der sit, foaral nei de oarloch, ek wolris hwat troch, dat gjin ABN, alteast gjin Nederlânsk is, mar lit ús sizze Ingelsk. Dan heart it dochs noch ta it AB, om myn part neffens de formule AB non N.
As dizze jongeman nou gjin lêst fan frjemdsin, moadesucht en struggle for high life hat, en hy is mei in faem út syn eigen doarp troud, in boeredochter, lykas hysels in boeresoan is, en hy fielt him yn neat forheve boppe de ienfâldige, hwat elemintair libjende agrariërs dy't syn âlden binne, dan praet er tonearsten thús, op syn flat oan de rounwei nei de Acht Zaligheden, mei wiif en bern noch rêstich it dialekt fan syn doarp, fan syn gea, út de Kempen of de Meierij. Mar in hiel soad wurden dy't hja en hy yn har jonge jierren thús en yn 'e buorren leard hawwe, dy krije har bern yn dy flat net to hearren. Hwant heit en mem prate net mear oer kij en bargen, knollen en rapen, tiemjen en heakkeljen, blaugerzen en hean lân. Wolris in inkelde kear noch, ien kear yn it jier faeks, mar dochs net sa faek, en ek net mei de konkrete dingen dy't der mei oantsjut wurde foar eagen. De bern hearre dy wurden dus wolris, hja bigripe se sa'n bytsje yn de kontekst, mar hja gean mei de saken sels net om, hawwe de bigripen net nedich, leare de wurden ek net to brûken, en jowe se dus as hja sels great wurden binne net wer troch oan har eigen bern, ek net as de piéteit fan de âlders foar har âlders, hûs, doarp, gea, sa great wie dat dy noch wolris har bêst dien hawwe der fan to fortellen. En foaral, hja forkeare net mear yn de doarpsmienskip, dy't dochs grif like folle ynfloed hat op de tael fan de bern as heit en mem. Eigen moerstael is mar foar in part memmetael, it is ek doarpstael, buorljustael, strjittetael, boadetael. Sûnder dat der ek mar erch en omtinken by is, sûnder frontfoarming foar it eigene oer, sûnder forset of opset is de twadde of tredde generaesje op it ABN oergien en foar it dialekt forlern. De minsken hawwe oare bilangstelling, oare tinkbylden, oare beuzichheden, oare weardeoardielen, oare bidoelingen,
oare forwachtingen krigen, en kinne dy net mear útdrukke yn it taelmateriael fan it dialekt. It dialekt hat der gjin wurden foar; it ABN biedt de wurden oan, tagelyk meidat de foroare libbenssituaesje de needsaek oanbiedt om dy wurden to brûken. Salang kin de algemiene struktuer fan it dialekt noch wol bihâlden bliuwe, as alteast syn algemiene struktuer fan dy fan it ABN ôfwykt. Mar it is ús nou wol dúdlik wurden,
| |
| |
dat de rykdom fan it dialekt foar konkrete, praktyske, yn it libben fan de dialektsprekker al den dei foarkommende saken syn pendant hat yn in earmoede op in oar gebiet. Op it stik fan abstrakte bigripen, relaesje-oantsjuttingen, tinkûnderskiedingen, psychologyske subtiliteiten binne de dialekten allegearre tige earm.
Hoe komt dat? Hwerom binne dy dialekten sa earm? Wy moatte goed foar it forstân hâlde, dat tael en dialekt, spraek en uteringen net op har sels bistean, mar uteringen binne fan libbene wêzens, funksjes fan selsstannichheden, mar sels gjin selsstannichheden. De tael bistiet allinnich in obliquo, net in recto. De tael ‘is’ der allinnich, foar safier de minske praet en heart (of skriuwt en lêst). De tael bistiet yn it praten, mar net op himsels. De tael ‘is’ net lykas de long is, mar lykas it sykheljen. Wy kinne de tael bisykje to objektivearjen, har losmeitsje fan de praters, troch har fêst to lizzen, op to tekenjen, der papier of magnetyske bân ‘fan’ to meitsjen, mar bistean docht hja allinnich yn de akt fan it sprekken. Hja is dus de resultante fan it sprekken, of as men wol fan it praten, fan de minsken dy't har brûke; har omfang, ynhâld en mooglikheden binne biheind ta de individuéle, mienskiplike of kollektive omfang, ynhâld en mooglikheden fan de sprekkers. Dat jildt foar elk grammatikael-idiomatysk systeem, oft dat nou ‘in’ tael of ‘in’ dialekt is.
Op dizze manier is it dochs ek wer mooglik tael en dialekt foar inoar oer to definiearjen, en men moat tajaen dat men it sa dochs better, forméler, mar ek materiéler en substantiéler dwaen kin as niis, doe't wy it op de funksionéle wei bisochten mei it gesichtspunt fan de ûnderlinge forsteanberheit. De frage, oft in bipaeld systeem in tael of in dialekt is, komt dan del op de frage, hwat der yn útdrukt wurdt. Is dat aldendeiske, plastyske en oanskôglike erfaring, mei net mear oan algemienminsklike abstraksjes as ek de ûnbilettere, de analfabeet neikomme kin, dan is dat systeem in dialekt. Is it lykwols bihalven dat, ek noch dat hiele gebiet, fan minsklik tinken dat mei abstraksjes, selsbispegeling, monologue intérieur, godstsjinst, wittenskip, literatuer, steatsorganisaesje, amtnerij en hegere bidriuwsfiering opboud is, dan is dat systeem in tael, to witten in kultuertael.
Hjir hawwe wy dan to'n lêsten in hantearber kritearium yn hannen om út to meitsjen oft it Frysk in tael is of in dialekt. Hantearber; dêrmei is net sein dat it maklik to hantearjen is. It easket noch al hwat kennis fan saken, en eigenaerdigerwize mear kennis fan de minsken as fan de tael, om út to meitsjen
| |
| |
oft dat hwat hja prate tael of dialekt is. It easket foar alles selskennis, en, o Friezen, earlikheit.
Hwat praet de Limburger boer yn it Krytlân, mei it Geuldal yn de rêch en Moresnet oan de hoarizon? Hy praet dialekt, al kin men der noch oer tsiere oft er in Nederlânsk, in Dútsk of in Belgysk dialekt praet. Hy praet in dialekt en net in tael, mar dy bigripen hawwe hjir net in taelgenéalogyske mar in taelsosiologyske bitsjutting. Allyksa praet de boer op it plattelân fan Súdhollân dialekt yn taelsosiologyske sin. Dat dialekt fan dy Súdhollânske boer stiet sûnder mis folle tichter by it ABN (ek wol Hollânsk neamd) as it dialekt fan dy Súdlimburger boeren, mar dat is dan in tichter by inoar stean yn taelgenéalogyske sin, en docht dus hjir net ta de saek. Hwat praet de Fryske boer, lit ús sizze yn Tsjom? Praet dy yn taelsosiologyske sin tael of dialekt? Wês earlik, Fries; dy man praet dialekt. It mei dan wêze, dat dat hwat hy praet taelgenéalogysk fierder fan it ABN ôfstiet as dat hwat syn Súdlimburger kollega praet; taelsosiologysk sprutsen is syn praet like goed dialekt, en like plat.
Dêrmei is net sein, dat der gjin Fryske tael yn de hjir bidoelde taelsosiologyske sin bistiet. Dat in Fryske tael yn dy sin bistiet, dat der in Fryske kultuertael bistiet, is noch net wjerlein of ûnmooglik wurden troch it feit dat de sprake fan boppeneamde boer út Tsjom gjin kultuertael, mar dialekt is. Dêrom kin der ek noch bêst in Fryske kultuertael bistean; oft der sa'n Fryske kultuertael bistiet is lykwols in nije kwesje, in empiryske kwesje; in fraech dy't útmakke wurde moat op groun fan oare feiten as dy't hjir boppe oant nou ta neamd binne, mar yn elts gefal op groun fan feiten.
Ik soe my foarstelle kinne dat immen, om de feiten foar it bianderjen fan dizze fraech oan to dragen, wiist op it forskeel tusken sprektael en skriuwtael, en dat der dan út in rûgen hjir de caesuer set: dialekt is dus tael, dy't allinnich sprektael is, dy't inkeld praet mar net skreaun wurdt; tael (yn de boppeneamde taelsosiologyske sin, dy't allinnich yn Fryslân sa brakt en bidoeld wurdt en dus wol in tige biheinde jildingssfear hat) is dus in... systeem as it net allinnich sprutsen mar ek skreaun, lêzen, printe, yn druk forspraet, útjown en koft wurdt. Men kin ek sizze, dat it forskeel tusken dialekt en tael sit yn de literatuer: in spraek, in... systeem is dan en allinnich dàn in tael (yn partikulier-Fryske bitsjutting fan it wurd), as der in literatuer yn dy tael bistiet.
Nimt men dit kritearium oan, en ik kin it net alhiel ôfwize, omdat it parallel rint mei de redenearring dy't ik oant nou ta
| |
| |
folge haw yn dizze forhandeling, dan kin men dus oer de taelposysje fan it Frysk gerêst wêze en hoecht de op de sturt trape Fries him gjin soargen to meitsjen. Der bistiet in Fryske literatuer, en neffens somliken is hja sels ryk; der bistean gedichten, romans en forhalen yn it Frysk; wetboeken en wittenskiplike forhandelingen binne der yn skreaun, de Bibel, de psalmen en gesangen binne der likegoed yn fortaeld as Shakespeare en noch inkelde oare greate wurken út de wrâldliteratuer. Foar de bûtenwacht oer, dy't, foarsafier hja net deskundich is op it gebiet fan de tael, implicyt gebrûk makket fan de boppeneamde twadieling tael - dialekt yn sosiologyske sin, mar har de prinsipes fan dy twadieling gewoanlik net explicyt biwust makke hat, is de forwizing nei it bistean fan de Fryske literatuer fakentiden wol genôch - mar net altyd. Spesiael de taelleararen, dy't altyd noch hwat mear kennis fan saken hawwe sille as brêgewippers, doarre ek mei it each op de Fryske literatuer, der't hja it bistean fan witte, út to hâlden dat it Frysk in dialekt is.
As wy dit fan tichterby bisjogge, docht it bliken dat wy der mei de lykstelling fan de twadieling tael - dialekt mei de twadieling skriuwtael - sprektael dochs net komme. Om to bigjin-nen hawwe wy it wurd en forskynsel dialektliteratuer. Der binne mear dialekten dy't der in goed trochtochte stavering op nei hâlde (it dialekt hat like goed systeem as de tael), en der't yn dichte, forhelle, toanielspile, bidden, preke en psalmsongen wurdt. Der mei yn it Grinzersk noch net safolle wêze as yn it Frysk, der is nou yn it Grinzersk seker safolle as yn it Frysk foar 150 jier; de Grinzers hawwe der lykwols gjin biswier tsjin om har tael fan nou in dialekt to neamen, mar wy hawwe der wol degelik biswier tsjin ús tael fan oardel ieu forlyn in dialekt neamen to hearren. Der binne lykwols streektalen dy't algemien mei de namme dialekt oantsjut wurde en dy't in rikere literatuer hawwe as it Frysk, der't alteast mear yn skreaun is en der't ek greatere literaire hichtepunten yn birikt binne as yn it Frysk. Ik wol it Provençaelsk mei it oeuvre fan de Nobelpriiswinner Mistral wol bûten biskôging litte (wy witte der net genôch fan, it leit to fier fan ús ôf, mar ik haw de yndruk dat nearne de taelforhâldingen safolle fan dy yn Fryslân hawwe as krekt yn de Provence). It Platdútsk hat mear bydroegen ta de wrâldliteratuer as it Frysk; de humoristysk-romantyske fortelkunst fan Fritz Reuter en de lyryk fan Klaus Groth binne oeral bikend der't de Dútske literatuer fan de foarige ieu bistudearre wurdt; Reuter is yn alle biskaefde talen fortaeld. Hwerom is it Platdútsk nou gjin tael yn deselde sin hweryn
| |
| |
wy sa graech wolle dat it Frysk in tael neamd wurdt?
Dochs kin it foarbyld fan de dialektliteratuer ús fierder bringe. It dialekt fan de dialektliteratuer is lykas de kultuertael fan de ‘greate’ literatuer in suvere, foredele, in kultivearre tael, in ideaeltael. De literaire tael sa't dy foarm kriget yn de literatuer yn in kultuertael is nea net presiis gelyk oan de gebrûkstael sa't dy hiem en gongber is yn it deistich forkear fan de groep, it folk, it folk dat dy tael sprekt. Sa gau dy tael foar literaire doelen brûkt wurdt, wurdt hja ek stylearre. Yn de measte gefallen wurdt dat in stylearring nei boppen, nei it forheve kultuerideael ta, dus in formoaijing, in forbettering, in foredeling, in fordeftiging fan de gebrûkstael, in formoaijing fan de tael yn de rjochting fan in (réeel of fiktyf, dêr bliuw ik to'n earsten bûten) heger sosiael (en dus ek kultureel) milieu. It komt foaral yn ús tiid ek wol foar dat de literaire tael foar in bipaeld doel krekt forfoarme wurdt yn de rjochting fan in leger milieu, mar dan dochs hast altyd sa, dat men dizze opsetlike bidoeling der dúdlik oan fornimme kin; de skriuwer jowt op de iene of oare manier dochs noch to kennen dat er wit hwat er docht en dat er wit hoe't it heart. Yn bysûndere gefallen kin dat lêste elemint ek weilitten wurde, mar dan bliuwt de sa, út ‘leger’ taelmateriael opboude literaire skepping yn har presintaesje biheind ta in bisletten groep der't men dy opsetlike bidoeling net mear expressis verbis hoecht to sizzen, omdat it yn de groep fansels sprekt; sa bg. yn de studintikoaze sfear, of yn bipaelde esoteryske rountsjes. Mar yn beide gefallen, oft it nou in stylearring nei boppen, of in stylearring nei ûnderen is, bliuwt de ôfwiking fan de skriuwtael, de distânsje tusken de literaire tael en normale gebrûkstael binnen frij inge grinzen, en hâldt men jin oan taelmateriael dat ek yn
de gebrûkstael foarkomme koe. In sosiale revolúsje yn it literaire taelgebrûk komt meastentiids del op it ynfieren fan wurden dy't oant nou ta yn de literaire tael net dulde waerden, omdat hja to plat achte waerden of to folle yn har wurking biheind ta bipaelde sosiale groepen (slang).
Yn de dialektliteratuer leit de forhâlding tusken literaire tael en normale gebrûkstael krekt oarsom. Ek yn de dialektliteratuer is der forskeel tusken dat hwat de minsken yn wurklikheit prate en dat hwat der yn de literaire skepping oan taelmateriael akseptearre en dulde wurdt. De noarm is lykwols net yn it alderearste plak in sosiale, mar in ethnologyske, as men wol ‘in ‘dialektyske’. Ut de dialektliteratuer wurdt sa goed mooglik útskifte hwat net ta it dialekt sels heart; dialekt-literatuer is yn har aerd puristysk ynsteld en mijt sa goed
| |
| |
mooglik alles hwat yn de sprektael oan taelmateriael foarkomt dat ôfkomstich is út oare dialekten, en foaral dat hwat ôfkomstich is út de heltere kultuertael dy't oer it dialekt hinne leit. De literaire tael fan de dialektliteratuer is dus stylearre yn de rjochting fan de suverens fan it dialekt, en dit dan neffens omfang en djipte fan ynsjoch en kennis fan de man dy't it skriuwt; dy kennis en dat ynsjoch kinne wittenskiplik ûnderboud wêze, mar it kin ek wol wêze dat soks wittenskiplik nei neat liket; b.g. by bipaelde archaïsearringen, dy't op it gebiet fan de dialektliteratuer hyltyd wer foarkomme. Oer it algemien is archaïsearring in tendens der't de dialektliteratuer mar min oan ûntkomme kin: de noarm fan suverheit fan it dialekt wurdt dochs altyd yn it forline foun; sa't it dialekt eartiids praet waerd, wie it echt en suver; sa't it nou praet wurdt sitte der forûntreinigingen en forbasteringen yn. De noarm wurdt gewoanlik foun yn naïve, plastyske folkstael op ienfâldich agrarysk niveau fan inkelde generaesjes tobek; ek yn dy folkstael sitte wol wer eleminten dy't earder út oare talen en foaral út boppedriuwende kultuertael ûntliend binne, mar dy hat men sels, en ek de generaesje foar jin hat dat sels al daelk yn de bernetiid mei it normale eigendialektige spraekgebrûk oernommen; faek is sok materiael wer oanpast oan it klanksysteem fan it eigen dialekt, assimilearre.
Mar it empiryske taelgebrûk yn de normale tael, sa't dy yn de dy tael (dat dialekt) sprekkende mienskip de praktyske réaliteit is, liket mar in hiel lyts bytsje op dy literaire ideaeltael, of leaver, dy wykt der op tige bilangrike punten fan ôf. Dy is lang net sa suver, hwant yn it gewoane deistige praet komt men net út sûnder bipaelde frjemde ynslûpsels, wurden, sinswendingen, klanktendenzen en foaral grammatikale forfoarmingen (forbûgingen en forfoegingen) dy't yn it systeem fan it oarspronklike, suvere eigen dialekt net thús hearre. Ik nim oan dat it Mecklenboarchsk fan Fritz Reuter en it Holsteinsk fan Klaus Groth suver Mecklenboarchsk en suver Holsteinsk wiene, mar ik nim net oan dat dizze mannen, dy't beide ûntwikkele, biskaefde yntellektuélen wiene, mei dy suvere dialekten sa't hja dy skreauwen ûtkamen yn har deistich praet. Hja Bille yn har gewoane omgong, as hja tominsten yn dy gewoane omgong plat praetten (hwat ik net wit) folle minder suver plat praet hawwe, as dat hwat hja skreauwen mei gâns mear heechdútske eleminten as hja oernimme woene yn har literair plat.
(wurdt fuortset)
|
|