De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
D.A. Tamminga:
| |
[pagina 52]
| |
mele wurk mei langst útseagen. Dat docht bliken oan de earste fan dy trije birime glossen, dy't ommers as titel hat: Oon mijn wirde frjuene / NINNE FENN'-HUWZ, / op sijn Langjen ney 't Ljeacht fen dizze / Friesche Rymlerye. Dat docht ek noch bliken oan hwat oars. Efter yn dy Boalserter útjefte fan 1668 komt ntl. ien koart bigeliedend loffers foar yn de Fryske tael. It stiet op de lêste bledside foar de ynhâldsopjefte (bls. 235) en bistiet út tolve fersrigels, skreaun yn de wenstige steatlike alexandrinen, mei peare rym, om it oarde froulik en manlik, krekt dus sa't de tradysje it doe woe. Ut de ynhâld kin men opmeitsje dat it skreaun is nei de dea fan de dichter, foar 't neist dus yn '68 doe't de Rymlerije it ljocht seach. It is ûndertekene mei M. Lasis, in namme dy't fierder yn de Fryske skriftekennisse ûnbikend is. Hjir folget dan earst de titel en it fers sels: Ney it trognoseljen / fen / Gysbert Japix / FRIESCHE RYMLERYE
Uws' in uws' Affears teal forhuynd, forstaet forproppe,
Wier neyste by ijn 't reag betijsd ijn 't jierfek stoppe,
Trog uwtlâns weanwit, in 't forachtjen fen uwz eyn.
So wird faek eynlâns goe trog eyn folk 't Lân ontteyn.
Nin kinst aef wyttenschip, kin immen dear ijn schrieuwe;
Rôft eltj'um uwt. Mar nu moat elt'jum schamm'rea blieuwe
Om't Gijsbert Iâpix zoon tuwyl, wittenschip en kinst
Dear ijn bewirke het, in oon sijn Lânsljoe schinst.
Dy Friesne frjuwn in gloor, dy uwz de Hijmel seynd het,
Jouwt hosckmijld duwbbel wer 't jing uwz de tijdt ontteyn het.
Dearom (jeft schien it graef sijn ljea to tzef forteart)
Sijn greate namme nea in uwz gehuwgnis steart.
Hwat de ynhâld fan dit gedicht oangiet: hjir is dúdlikerwize immen oan it wurd dy't wy nou in frisiast neame soene. Hy hâldt in koarte, fûle apology foar it Frysk as tael fan wittenskip en kunst, krektlyk as Gysbert Japiks sels dus ek dien hie yn de Foarwurden ta syn wurk. Mar hwat de skriuwer fan de Rymlerije net dwaen koe noch dwaen woe, dizze Lasis' biropt him dêrby op de ‘wittenschip en kinst’, sa't Gysbert Japiks dy yn syn Frysk wurk bidreaun hie. Hy stelt him dus ta in ljochtsjend foarbyld. Teffens lit er net nei de faeije posysje fan it Frysk yn syn tiid as medium foar heger utering to tekenjen. De oarsaek dêrfan siket er by frjemd en eigen: ‘Trog uwtlâns | |
[pagina *3]
| |
Titelblêd fan 'in boekje yn 1653 printe yn opdracht fan de kreamer Meelcke Lases
| |
[pagina 53]
| |
weanwit’ oan de iene kant en ‘'t forachtjen fen uwz eyn’ oan de oare kant. Typearjend foar syn apologetyske hâlding is de fjirde fersrigel: ‘So wird faek eynlâns goe trog eyn folk 't Lân ontteyn.’, m.o.w. troch de skuld fan de Friezen sèls rekket gauris de eigen tael ta it lân út en wurdt, om M. Lasis' eigen wurden to brûken ‘ijn 't jierfek stoppe’, dat is: rekket yn 't forjitboek. It is oan wurden as ‘Uws' in uws' Affears teal’ wol to merkbiten dat hjir in Fries oan it wurd is en gjin ymportearre en assimilearre útlanner. Fierders falt it op dat de ynhâld fan dit fers frij ienfâldich en trochsichtich is: gjin gelearde omballingen mei de romte fan útwrydske metafoaren, oppoetst mei de nammen fan Grykske goaden en goadinnen, eleminten dy't oars yn dy renaissancetiid yn sokke lofdichten oant yn it bispotlike foarkomme. Hjir liket in sljochtweihinne Fries oan it wurd to wêzen, dy't it rjuchtút as de bargesnút seit: gjin gelearde of sabeare-gelearde literaet. Hwat de foarm fan dit gedicht oangiet: hjir is immen oan 'e pinne dy't it dichtwurk fan Gysbert Japiks troch ende wer troch ken. Syn hantearjen fan it Frysk is alhiel dy fan Gysbert, oant yn 'e stavering ta. Aparte (grif persoanlik dichterlike) wurdforbiningen en keppelingen lykas ‘weanwit’, ‘hosckmijld’, ‘jeft schien’ komme ek yn de dichtertael fan de Boalserter foar. De 18 verbale foarmen dy't M. Lasis brûkt, kin men eins allegearre ek yn de Rymlerije tsjinkomme. Allinne de substantivearring ‘it trognoseljen’ komt by Gysbert as ‘trog-noazje’ foar, wylst it derivaet ‘bewirke’ fierders net yn de Rymlerije liket to stean, mar dat kin by sa'n gewoan wurd fansels net folle oars as tafallich wêze. Ek it lêste wurd fan de earste fersrigel, it rymwurd ‘forproppe’ hat Gysbert allinne as simplex, t.w. ‘proppe’. It dûbelrym ‘seynd het’ / ‘ontteyn het’ út rigel 9 en 10 liket ek wol fan Gysbert ôfsjoen to wêzen. Koartom, wy hawwe hjir to meitsjen mei in yngreven Gysbert-neifolger, de earste fan in rige dy't pas folle letter, foaral yn it bigjin fan de foarige ieu, fuortsetting krije sil. Men kin ek sizze, dat hjir in dichterlik oanlein kultuerminske oan it wurd is, dy't de ynhâld fan it to printsjen wurk, de Rymlerije, tige goed ken, ja dy't dat wurk folslein ta syn geastlik eigendom makke hat.
Oan de identifikaesje fan dizze anonymus, dizze M. Lasis, hat foar en nei al ris in skriftgelearde doktere. De earste dy't by myn witten in hypothese opsteld hat oer syn komôf is D. Kalma yn syn dissertaesje oer Gysbert Japiks út 1938. Hy jowt it fers in extenso wer en skriuwt op bleds. 66 ff.: ‘(En) det fers bliuwt in frjemd riedling, det hjoed-de-dei yette | |
[pagina 54]
| |
de eagen forklearret. It biwiist det der, yn 1668, net allinne in útjower wier dy't in frjeoneplicht neikaem, mar det der yet ien wier dy't de bitsjutting fen Gysbert Japiks for Fryslân groune, sa folslein det hy dy't dit skriuwt for al de tiden sprekt... M. Lasis stiet der ûnder: dúdlikernôch in skûlnamme. Ho jerne scoene wy witte hwa't him dêrefter forskûle hat, det wy de frjeon earje koene dy't de dichter en syn wirk sa forstien hat. Miskien is er it bêst yn de rounte fen de van Haringhoucks to sykjen; hwent neat wiist derop det oer de útjefte fen '68 in oar gien is as van Haringhouck sels. De dielen fen it pseudonym binne yn syn húshâlding maklikernôch werom to finen; syn âldste soan is in Matthijs, syn wiif hjit Lamcke Sierksma, hysels is in Samuel. Mar hwa stalt út dy namme dit pseudonym gear? Matthijs is op dit pas sauntjin jier, en hy is in Boalserter jonge dy't op de Latynske skoalle giet; mar dy't dit fers skriuwt, ken Fryslân en it Frysk út 'e pin, en is moai wis âlder. De skime fen de oare Gysbert giet foar ús lâns, Gysbert Sierksma, skoanheit fen de útjower, stedssiktaris fen Boalsert: it boek is groeid ûnder syn eagen, en hy moat it goeds tawinske hawwe. Ho dan ek, dit is it foarste lûd det oer de Rymlerije op giet, en it is in tsjûgenis for Fryslân.’ Oant safier Kalma. Nei oanlieding fan Kalma's proefskrift skriuwt dr. G.A. Wumkes yn 1938 in artikel yn Sljucht en Rjucht ûnder de titel Hwa is M. Lasis?, letter ek opnommen yn it 4e diel fan syn Paden fen Fryslân. Nei Kalma's hypothese en dy syn rekonstruksje fan de namme M. Lasis werjown to hawwen, bout Wumkes in nije, net minder fornimstige keakelbrêge op. Hy skriuwt: ‘Men fielt klear Kalma's twivel. It fraechteiken bliuwt stean. Ik mien ienfâldiger oplossing oan 'e hân dwaen to kinnen dy't it fraechteiken weinimt. Hja leit yn de skriuwer syn eigen biografysk materiael... Neffens myn bitinken is gjinien oars as Mewis Salwis Rolwagen, Gysbert's sweager, hielmaster earst to Wytmarsum, letter to Boalsert, de man dy it hânskrift fan de Rymlerije trochnoazele en mei in slotfers bitocht hat. As men it earste wirdlid fen syn namme Salwis omset, kriget men Lawsis, hwat him min útsprekke lit en nou foroare wirdt yn de mear oannimlike foarm Lasis. Salves' soan wirdt nou Laes' (= Nikolaes) soan. Det, oan Sijke Salves' eigen broer komt mei Samuel Haringhouck de eare ta Gysbert's skriftlike neilittenskip rêdden to hawwen for Fryslân. En fen him is it dichterlike tsjûgenis det troch de ieuwen hinne bliuwe scil.’ Oant safier Wumkes. Yn It Beaken jg. 1949 komt Kalma op | |
[pagina 55]
| |
dizze ûnderstelling fan Wumkes werom. It auteurskip fan de chirurgyn Mewis Salves Rolwagen liket him tige dubieus ta. Hy bitwivelet sels oft dizze Rolwagen wol in broer wie fan Sijke, Gysbert syn frou. Hy freget: ‘Soene Sijke en Mewis Fryskkundich west hawwe? soe der yn har âldershûs yn Ljouwert Frysk praet wêze? It liket my net wierskynlik ta; dr. Wumkes syn hypothese, dat Mewis it Lasis-fers efteryn de Rymlerije skreaun ha soe, is mear nijsgjirrich as oannimlik. “Uwz en uwz Affears Teal” yn 'e mûle fan Mewis Salves Rolwagen?’ En hjirmei stiet de hiele Lasis-affaire wer yn it teken fan de fraech. It is wol opmerklik dat Kalma en Wumkes beide yn de namme M. Lasis net oars as in pseudonym, ja sels in kryptografyske letteromsetting sjoen hawwe. Mar hwerom soe dy ûnbikende dichter net mei syn eigen namme ûndertekenje kinnen hawwe? Kalma liket der net by stil stien to hawwen dat de foarm Lasis in gewoan Frysk patronymicum mei in sterke genityfútgong wêze moat, in faek foarkommende wikselfoarm fan ‘Lases’, en dus dúdlikerwize forbân hâldend mei de Fryske foarnamme ‘Laes’: ynkoarte foarm fan Nikolaes of in oare kristlike namme. Dy namme ‘Laes’ komt ek hjoed-de-dei noch yn Fryslân foarGa naar voetnoot*). Wumkes is blykber de earste dy't dizze ‘fan’ as in gongbere heitenamme ûnderkent. Mar syn forbân lizzen mei Mewis Salves Rolwagen bliuwt der like wankel troch. Net minder wankel stiet Kalma's hypothese dat M. Lasis de skûlnamme wêze soe fan Gysbert Sier(k)sma, de stedsskriuwer fan Boalsert, allinne op groun fan it feit dat er in kunde fan Gysbert Japiks en in Boalserter fan syn tiid is. Hoe't sokke suggestjes letter har eigenaerdige wurking dwaen kinne, kin men sjen oan it feit dat de heraldikus Klaes Sierksma, dy't yn de stedssiktaris fan Boalsert in foarfaer fan sines seach, in skoftlang skreaun hat ûnder de skûlnamme ‘M. Lasis’. Miskien leit it ek oan de troch Kalma en Wumkes mei wissichheit oannommen ûnderstelling, M. Lasis wie in skûlnamme, dat ús Fryske archyfsneupers oant nou ta noch net ris de Boalserter boeken út de 17e ieu ôfweide hawwe, om to sjen oft dêr faeks ek in Boalserter boarger mei dy namme to finen wêze soe. Hja hiene oars grif wol byt krige. Ik mien ntl. mei oan wissichheit grinzgjende wierskynlikheit, dat ik de anonime dichter fan dy tolve alexandrinen hwat | |
[pagina 56]
| |
better to plak bringe kin. Doe't ik fan 't simmer yn Wytmarsum de Menno Simons-útstalling bisocht, lei dêr yn in vitrine ek in werprinting fan in boekje dat de Fryske Herfoarmer yn 1554 útjown hat. De wiidweidige titel is sa: UYT-GANGH: / Ofte / Bekeeringe van / Menno Symons / waer in kostelijck ende duydelijck verhaelt wort / hoe ende om wat oorsaken dat hy het Pausdom verlaten heeft / mitsgaders oock zijne volgende beroepinghe tot den dienst des Woorts / uytgegeven Anno 1554. Door MENNO SYMONS.’ En dêrnei folget op dat titelblêd it bikende Menno-adagium út 1. Corinth. 3.11. ‘Want gheen ander Fondament en kan niemandt legghen / dan datter gheleydt is / dat welcke is Jesus Christus.’ Under oan it titelblêd fan dit boekje stiet dan noch: ‘Tot Bolswardt, Ghedruckt by Philippus Sioerdts, Boeck-Drucker / woonende op de Merck-straet.’ Oant safier hie dit titelblêd fan dat boekje, in eksimplaer út de bibliotheek fan de Amsterdamske Stedsuniversiteit, foar my neat bysûnders. Dat sil de reden west hawwe, dat ik trochroun nei nêstlizzende útstallingsobjekten. Doe't ik de jouns thús lykwols de katalogus fan de útstalling nochris ‘trochnoazele’, foel myn each ynienen op eat dat ik yn Wytmarsum net opmurken hie. Underoan it titelblêd fan dat boekje stie ntl. noch in rigel: in drukopdracht. Dêr stie: Voor Meelcke Lases Kramer / Anno 1653. Nou waerden my, om mei Kalma to praten, yndied de eagen forklearre. 1653.... Boalsert.... Meelcke Lases.... soe dit de oant nou ta ûnbikende dichter fan it loffers efteryn de earste Rymlerije wêze kinne? In tiidgenoat fan Gysbert en ek in stedgenoat; boppedat in man dy't him mei boeken en it printsjen fan boeken ynliet? My tocht, dit koe hast net misse. It soe ek foar de hân lizze, tocht my doe sa, dat dit Boalserter boekje, útjown doe't Gysbert Japiks 50 jier wie, yn de boekerij fan de dichter oanwêzich west hat. Mar de ynventarislist fan Gysbert syn bibliotheek jowt dizze titel net. Wol bliuwt it fansels mooglik dat dit fromme folksboekje yn syn bisit west hat en dat it biheart (sa't de klerk oantekene hat) ta ‘Noch een groot getal soo groot als cleijne boecken van wijnich inportantje.’ Hjir sille wy lykwols wol altyd nei riede moatte. Oer de Boalserter útjower fan it wurkje bin ik via ds. J.J. Kalma ek hwat mear to witten kommen. Dizze ‘Philippus Sioerdts’ is deselde as Ph. Si. Boenja. Hy wennet yn 1661 noch to Boalsert, mar is dan blykber forhuze fan ‘Merckstraat’ nei ‘Groote Dylacker’. Yn 1667 wennet dizze útjower yn Frjentsjer | |
[pagina 57]
| |
oan de ‘Oude Korenmarkt’, dêr't er ek drukopdrachten útfiert. Bilangriker as dizze omballingen is lykwols de fraech: kinne wy ek hwat mear gewaer wurde oer dizze kreamer Meelcke Lases? Wie hy in Boalserter? En sa al, meije wy him identyk achtsje mei de dichter fan it Rymlerije-fers? Hwat de earste fraech oangiet mei it folgjende tsjinje. Mei de foar my ûnmisbere en tige wurdearre help fan de hear mr. A. van der Minne haw ik in pear sneuptochten ûndernommen troch de Boalserter archivalia op it Ryksarchyf hjir to Ljouwert. Yn it ‘Burgerboek’ fan 1614 foun ik de Boalserter Laes Jacobs, kûper fan birop. Hy kin om 'e datearring de heit fan de Meelcke út 1653 west hawwe, mar dat soe neijer ûndersocht wurde moatte. Wichtiger is hwat de hear Van der Minne en ik founen yn it Boalserter s.n. ‘Weesboek’ út 1675, dus sawn jier nei it forskinen fan de earste Rymlerije. Yn in Akte fan 28 augustus is sprake fan in Meeltie Claeses, fierderop yn dat stik Meelke Laeses neamd. Hy is ‘Burger en Coopman binnen voorzeyde Stad’ (= Boalsert) en hy wurdt ‘geautoriseerde administreerende Curator.... over de twee nagelaten weeskinderen van wijlen Abbe Pijersz, Coordwerker bij wijlen Trijntjen Lases, sijn eerst overledene huysvrouw.’ De wezen, dêr't Meelcke fôgd oer wurdt, binne dus susters bern; it binne beide famkes, dy't Maeike en Ydtje (Abbesdr.) hjitte. Fierders is der noch sprake yn datselde stik fan in ‘moei’ dy't Eelck Lases hjit. Wy hoege leau ik net bot mear to twiveljen, of dizze Meeltie Laeses út it Weesboek, de Meelcke Lases fan it Menno Simonsboekje en de M. Lasis út de Rymlerije binne ien en deselde persoan. De biropsoantsjutting as ‘Coopman’ en as ‘Cramer’ wize beide op in man dy't syn bistean yn 'e hannel fynt. De ynhâld fan it loffers wiist der op dat wy hjir net mei in gelearde poëtaster to meitsjen hawwe, mar mei in sljochtweihinne middenstanner, dy't ]ykwols yn de Fryske tael, alteast yn de tael fan Gysbert Japiks, trochkrûpt wie. In man lykwols fan in biskate boargerlike biskaving, oars hie er gjin drukopdracht jown ta in wurkje fan Menno Simons. It soe fansels ek wêze kinne dat dizze ‘Cramer’ sels mei sokke boekjes de boer op gyng. In man dy't yn 1675 kurator wurdt fan in pear ûnmounige omkesizzers is dan foar it neist noch net stokâld. Hjiroan soe men sizze, dat de Boalserter keapman Meelcke Lases in jongere stedgenoat fan de Boalserter renaissancedichter west hat, miskien wol in âld-learling, hwa wit. Dat M. Lasis in Boalserter wie sil net misse. Mar dat der tagelyk yn it stedtsje nóch immen wenne mei dyselde namme is net botte wierskynlik. | |
[pagina 58]
| |
Fierders wol ik my net yn fantasijen forlieze. It sil grif mooglik wêze troch fierdere archyfstúdzje mear oer dizze dichterlike, frysksinnige en fryskkundige keapman oan 'e weet to kommen. Mar dy stúdzje mocht my net wachtsje. Ik moat dat fierder oerlitte oan archivalyske djipsédûkers as de Roarda's, de Vleeren en Van der Meeren. Al bliuwe der oan boppe-neamde identifikaesje noch in pear hypothétyske kanten sitten, wol leau ik sizze to meijen, it spoar dat ik foun haw makket mear kâns it wiere to wêzen, as dat hwat Kalma en Wumkes mienden oanwize to moatten. Liedt dit spoar skielk nei de folsleine ûntsluijering fan de 17e-ieuske Fryske dichter M(eelcke) Lasis, dan soe ik suver tinke moatte oan it âlde wurd: ‘Hwat de wizen en forstannigen forhoalen bliuwt, dat wurdt de tateberntsjes iepenbiere.’ |
|