De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 50] [p. 50] Johs. Couperus: In memoriam ús Soan Petrus Jitte Theodorus Abraham Mollerus Epéus Gerardus. Dou wiest in kostber miniatuer foar elk dy't dy oandachtich skôge in iepen blêd yn streek en bôgen, mar seach wol elk dyn signatuer? As bern noch jong dochs kant fan stal in skerpe geast, yn 't ierdske libben represintant fan eale sibben dy't toeven oan in oare wâl. Us Soan! sa wiestou dei en jier in lokkich bern, dat bliid en blier yn ús formidden libbe. Oant... doe de deis datst roppen waerdst bifoardere ta in hege staech oan Keningsbern bisibbe. Vorige Volgende