De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 49] [p. 49] Gerben Brouwer: Tsjuster liet Forried my net forlieder oan myn skouder: Ik ken dyn lûd, dû hast de fûke set. In snoek bin ik yn wetter of op souder, Dû bist to ier, en faker noch to let. Ik swim en sjoch fannijs de blinker hingjen En bliuw yn need, as ik yn wetter bin, Mar freegje priis en lit my net bitingje. Forried my net forlieder fan 't bigjin. Vorige Volgende