In forstannich man, tocht Douwe. It kin bêst wêze, dat er gelyk kriget.
De twade man sei flot: - Untwapenje? Dêr bin 'k foar, mar dan tagelyk oerjaen. Dy garânsje koe de lieder him net jaen en fuortdaliks letter stienen se al wer op 'e dyk.
Sa reedlik as 't mar kin, tocht Douwe. Tagelyk oerjaen. Dat leerden wy yn ús bernejierren al.
Doe troffen se in goede stoel. Dêr like it alteast op, hwant hja waerden yn 'e hûs noege en wylst Douwe oan in greate sigaer smookte, rekken de gasthear en de lieder yn petear.
Ynienen sei de man: - Ik bin offisier.
Douwe tocht, dat de man der in stik sympathiker troch waerd.
- Biropsmoardner dus, stelde de lieder saeklik fêst.
- Och, hwat sil ik sizze, antwurde de man guodlik, ôfwikseljend wurk, goede promoasjekânsen, mar mei de bileanning doocht it lang net.
Yn it fierdere petear stûke it hieltiten wer op de salariearring.
Hja lieten fjouwer soarten krantsjes efter, hwant it waerd net dúdlik hokker leauwe de man hie.
Twa huzen fierder like it ek goed, mar yn 'e gong sette de man de lieder de finger op it boarst en spriek bistraffend: - De oerheit draecht it swurd net forgees.
Doe hie Douwe yngripe moatten, hwant hy wist dat de lieder as praktisearjend humanist de tale Kana~ns net spriek. Mar hy die neat.
De lieder sei hastich: - Dat is sa, it kostet in slompe jild, mar dat is ús greatste biswier net.
Hja praetten noch in skoftsje by elkoar del.
Nocht oan ûnnocht is noch dêr oan ta, hold Douwe himsels foar, mar dit is fansels in minne streek fan dy.
Hja sutelen wer fierder en it lêste adres únthjitte folle, hwant de man rôp gol: - Kom der yn, dêr wol ik oer prate.
Mar doe't se oer de flier stienen, kaem er ynienen op Douwe ta, grypte him yn 't boarst en raesde: - As ik my forgryp oan jou frou en jo twing om der nei to sjen... As ik jou berntsjes deaknyp en jou fanke fan tolve... Fiele jo dan noch foar ûntwapening? Hy seach Douwe mei syn gleone swarte eagen forskuorrend oan.
De lieder kaem der hastich tusken: - Soks komt hast altiten út, as jo de kranten lêze...
Douwe wie kjel wurden. - Jo moatte net sa mâl, sei er.
- Net sa mâl, net sa mâl..., rôp de man alhiel oerstjûr, mar dat dogge de Russen. Hy hie Douwe noch altiten yn 't boarst fêst en treau him troch de gong nei de bûtendoar. Dêr krige