De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 349] [p. 349] [Nummer 12] Sjoerd Spanninga: Via illuminativa Lûk alle krêften gear fan dit hielal en wier men hâldt se yn in fingerhoed - 't ûntstean en it forgean fan stjerrestelsels de stiging en de delgong tusken lok en lijen is yn dyn eachopslach bisletten - dyn fine hannen hawwe har formearre nei geheime wetten fan it bloed en mimerjend wol op it hert fan dea en libben lein de lytse widzesangen fan dyn skerte - sont wenje wer de wurden en de wizen oan dyn jonge boarsten - de wite toetsen fan dyn tosken witte elke melodij en sile net de swannen mei dyn hals to sier oer stille grêften? - de reindouns hat de ranke fearring fan dyn fuotten bûntkleurich is de hjerst har wynderjende rok - of hawwe oare lannen soms dyn brune wangen dreamd en stiene faeks de bergen noed fan dy sykheljend ûnder loften fan de lammergier [pagina 350] [p. 350] hwant sjoch de sidewei rint oer dyn glânzjend hier - hjir ha wol wurge dagen herberch socht bytiden en har binachtsje litten yn de suvere genede fan de leafde. De haven De nacht sylt oer de sé syn skomjend skêgebyld de himel om dat joun jowt gau it read in tút by 't weagewidzjen fan de wyn it tij sleept slûch de haven yn mar fierders is der neat bihalven dan in fûgelrop de wjokken út waeit wyt op 'e dukdalven. Kwatryn Elk staphorst hat fan erotyk forlet lykwols - gjin pear kin sûnder deugd en wet ús Leavenhear dy sjocht in bulte troch de fingers mar i - ah dat docht men as fatsoenlik minske net... Vorige Volgende