Fryske skriuwers ommers neat minder ferge as om it skriuwen yn har eigen tael, alteast foar in part, farre to litten en op it Nederlânsk oer to gean. De resinsint siket reden yn debyt en utiliteit, hwant troch it medium fan it Nederlânsk kin men safolle greater lézersrounte birikke.
Men soe hjir biskieden freegje wolle: hat dizze kritikus dan nea heard fan de yntrinsike wearde dy't foar in skriuwer lizze kin yn syn winsk om literair wurksum to wêzen yn de tael dêr't er yn en mei opgroeid is? Hat er gjin aen fan it biwyske solidariteit, dat yn it kiezen foar de lytse, mar eigen tael opsletten leit? En wit hy ek net fan de - soms lestige, soms swiete - bikoaring dy't der útgean kin fan it skriuwen yn in folkstael dy't him ta kultuertael ûntjowt en dêr't dy skriuwer troch syn wurk en syn kar oan meibout?
Bûtendat, hwat foar de forhâlding Frysk-Nederlânsk jildt, hâldt mutatis mutandis ek foar b.g. de forhâlding Nederlânsk-Ingelsk. Hoe soe dizze skôger út de Saenstreek stean ûnder it feit dat guon jonge Hollânske literatoaren op it stuit fanwegen it greater debyt it yn it Ingelsk bisykje? Grif is it him as Nederlanner leed.
Dat de Hollânsk-Flaemske literatuer foar it bûtenlân sa goed as terra incognita is, fynt syn oarsaek ommers ek yn it biheinde taelgebiet. Der wurdt langer wakker klage, dat dizze numerike tûkelteammen ta gefolch hawwe dat figueren as Simon Vestdijk of Stijn Streuvels noch nea yn 'e bineaming kommen binne foar in Nobelpriis foar literatuer. Mar is soks foar dizze auteurs in reden om, al is it ek mar foar in part, oer to stappen op it Ingelsk of, om tichtst by it fjûr to kommen, op it Sweedsk?
Learsum yn dizzen is wol de konstatearring fan taelisolemint, dy't wy langlêsten founen yn de literatuerskiednis fan J.C. Brandt Corstius en Karel Jonckheere De literatuur van de Nederlanden in de moderne tijd (bls. 165):
‘De romans en gedichten, de novellen en het toneel van moderne auteurs uit het Noorden en het Zuiden van de Nederlanden zijn in de rest van Europa weinig bekend. Meer en meer buitenlanders brengen alle jaren korte of langere tijd in onze streken door. Ze bewonderen het werk van Rembrandt en Rubens, van Van Gogh en Permeke. De oude architectuur van Brugge en Amsterdam boeit duizenden en duizenden. Bijna overal is de oude muziek der Nederlanden doorgedrongen en de moderne volgt.
Al deze kunstwerken spreken echter een woordloze taal, ze hebben geen vertalers nodig. Letterkunde zit verknoopt in een taal, voor de vreemdeling blijft elk boek in het Nederlands meestal een gesloten boek. Gelukkig komen steeds meer en steeds betere vertalingen, wat de keuze en taal betreft, aan dit bezwaar tegemoet.’
Sjoch, achte kritikus út de Saen, hjir leit itselde probleem. Mei deselde oplossing derfan, t.w. de oersetting. Wolnou, jo wiene ommers dwaende in wurkje to skôgjen dat it, hwat Fryslân's literatuer oangiet, dyselde kant op sykje wol? Yn dat boek wurdt it Fryske koarte forhael dochs ûnder de nôtmjitte weihelle en op de Hollânske ljochter set om it hiele hûs, ek de Saenstreek, to biskinen?
D.A.T.