D.A. Tamminga:
Brek en kontinuiteit
Freark Dam, Sa sydlings. Fersen. Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V., Drachten - 1960.
Der binne dichters dy't yn har libben mar ien mentale útlitklep ta har foldwaen hawwe: it gedicht sels. Jan Slauerhoff wie sa'n dichter. Hy hat dat biwiisd mei syn libben, mar ek yn syn wurk biwust útsprutsen yn in rigel as ‘Alleen in mijn gedichten kan ik wonen’. De dichter Sjoerd Spanninga bistiet sa ek: journalistyk bidoeld proaza sil by him hopeleas mislearje. It medium dêr't syn geast ekspresje troch fynt is it fers en it fers allinne.
Der binne ek dichters dy't har bihalven troch poëzij ek noch op oare wizen - verbael of artistyk - útlibje. Dat kin de wei lans fan de deiblêdskriuwerij (Fedde Schurer), de skilderkunst (Hendrik de Vries), de preek (Guillaume van der Graft), it radiowurk (Gabriël Smit), de wittenskiplike publikaesje (Muus Jacobse) of troch noch oare media. It earste genre dichters sille meast de produktyfsten en ûnmaetskipliksten ûnder rinne; de twadde soarte de ûnproduktyfsten en mear maetskiplik oanpasten.
Freark Dam biheart dúdlikernôch ta de lêsten. Yn elk fers fan sines is syn dichterskip ûnmiskenber oanwêzich, mar hy wit as kranteman en as útjower ek noch út oare, mear maetskiplike fetten to taepjen. Sit yn dizze dielberens fan geast faeks de oast fan syn bitreklik lytse produktiviteit as dichter? Syn nijste bondel bifettet sa'n 25 fersen, mar hja binne skreaun tusken de jierren 1946 en 1960. Dat is trochinoar noch gjin twa gedichten jiers. Of is it dichter-wêzen foar him in bykomstichheit, in skûlherne, in taflecht yn hieltyd sporadysker foarkommende bange ûren? Lêzers dy't op syn titel Sa sydlings ôfgeane, soene op dit dwaelspoar brocht wurde kinne. Mar hja moatte net forjitte, dat yn dy titel sûnder mis in brok irony forburgen sit. It dichterskip is foar Dam gjin saek fan ‘moai mei’, in tafallich attribút dat by nou en by dan en passant of obligaet nei foaren skout. Syn poëzij is wol deeglik de delslach - swier woun woliswier en troch sterke wjerstannen hinne brekkend - fan hwat essinsieel him biweecht. Earder as in hearlik ambacht is it skriuwen fan fersen foar him in (bytiden) ûnûntkombere bittere needsaek om steande to bliuwen, om net ôf to stompen yn alderhanne sosiael bipaelde besonjes. Tige